‘Moai sa. En hast no wat sliept?’
‘Jawol hear.’
‘Sis it ris?’
‘Twa oeren, op in pil. Ik kìn hjir net sliepe, Freark. Hoe is 't thús? Sjoerd like my it meast oerstjoer, juster.’
‘Dat is ek sa. Ferjit net dat hy de jongste is. Hy mist dy hiel bot, dat fernim ik oan alles. En Mark komt hieltyd mei fragen, dêr't ik gjin antwurd op wit. Hy prakkesearret der bot oer. Selma is noch it evenredichst. Ik wit trouwens sûnt ik dy boekjes bestudearre ha al aardich mear en ien ding is fan grut belang: Dat wy der op 'e tiid by wiene.’
‘Dat fergruttet myn kânsen?’
‘Sokssawat, ja.’
‘Ik wòl gjin kânsen, Freark, ik wol garânsjes! Hast it lêzen? Mar fjirtich oant fyftich prosint hellet it. Stie yn sa'n stom boekje. De helte mar, Freark, net iens.
Ien fan 'e twa hellet it net. As hjir tsien sokken as my lizze, binne der fiif dy't... Freark, dat is dochs ferskuorrend!’
‘Dat kloppet grif net, miskien wie it wol in âld boekje.’
‘Dan joegen se ús dat dochs net? Ik bin bang, Freark.’
‘Hoechst net bang te wêzen, leave, it komt allegear wol goed. Echt wier, leau my no mar. Wy wiene der op 'e tiid by.’ Syn mûle spruts syn eagen tsjin.
‘Ik wol nei hûs.’
‘Noch in wike. Dy is samar om.’
‘Do hast noch noait yn in sikehûs lein, in wike duorret hjir trije moanne. Op syn minst. Freark?’
‘Hm?’
‘Ik seur. Foar dy is it like slim.’
‘Ik rêd it wol, sit oer my mar net yn.’
Bang. Hy wie like bang as har, tocht Hilda. Se wiene tegearre fersyld rekke yn in wrâld dy't harres net wie, dêr't se it paad net wisten. In fijannige wrâld. De treast dy't se elkoar besochten te jaan, wie basearre op neat, mar wat moasten se oars? Se seach nei Freark. Hy luts