sykje kin oft it om in goed of kwea-aardige tumor giet. Yn jo gefal - wat nimmen foarsjoen hie om't it sa moai rûn wie en sûnder fertakkings - wie it dus kwea-aardich. Doe hawwe se jo der narkoaze by jûn en is der in grutter stik weihelle plus de lymfeklieren.’
‘De sjirurch hie yn alle gefallen in slach om 'e earm holden.’
‘It wie him yn 'e wei dat er jo safolle hope jûn hie.’
‘Ik nim it him net kwea ôf. Hy hie 't oer njoggentich prosint kâns dat it goed wêze soe, mar mei de röntgenolooch leit dat oars. Dy sei dat it bultsje wol sitten bliuwe koe.’
‘Wa wie dat, witte jo syn namme noch?’
Der kaam Hilda in byld foar eagen fan in ûndersykkeamer.
‘Nee. Hy wie frij jong en donker fan hier, mear wit ik net. Stel dat ik nei him harke hie!’
‘Jo nimme it him kwea ôf?’
‘Ja, safier bin ik no. Wy binne leken, wy geane ôf op wat de medisy tsjin ús sizze. En it giet net om in ferstânskies of sa. Wat hie der bard as ik it net weihelje litten hie?’
‘Dat kin 'k sa net sizze,’ sei de suster neutraal. Nee, wis net, it makke ek neat út oft sy dy man syn namme noch wist. Se holden elkoar ommers dochs wol de hân boppe de holle.
‘Ik sil jo in pear boekjes bringe dêr't ynformaasje yn stiet,’ sei de suster, wylst se de boel opromme. Doe't se de keamer út soe kaam frou Meier der, skowend achter har trijehoekje, yn. De suster bleau even by har stean: ‘En? Flink oefene? Woe it wer wat?’
‘Nee,’ suchte frou Meier. ‘It wol my net oan dat ik oait wer normaal rinne kin.’
‘O jawis wol. Mar ferjit net, in heup-operaasje is yngripend. Jo moatte alhiel op 'e nij rinnen leare. Sil ik jo wer op bêd helpe?’
‘Nee, lit mar, suster, ik wol hjir noch even omskarrelje.