Sûnder garânsje
(1999)–Froukje Annema-Noordenbos– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 58]
| |
No, my net en ast ek mar in bytsje om ús mem joechst dan dy ek net!’ Selma seach har jongste broer fel oan. ‘Tochtst dat ik der net oer ynsiet? Mar feroaret der wat as ik it út doch?’ Sjoerd kaam oerein en rûn nei de stereo. ‘Sa better? Fan dy stilte wurdst ommers hartstikke gek.’ ‘Ophâlde fan bekfjochtsjen,’ Mark kaam even achter de krante wei. ‘Meitsje jim net oerstjoer, it falt miskien genôch ta, se wiene der op 'e tiid by. Mem har kânsen binne hiel goed, sei heit ommers.’ ‘Se hawwe de tumor derwei helle,’ sei Sjoerd, ‘mar kin it al net fierder troch har lichem sitte?’ ‘Wit ik net. As ik it goed begrepen ha kin it fia de lymfeklieren fierder troch it lichem gean. Dêrom helje se dy ek fuort. Se wurde opstjoerd en ûndersocht.’ Selma besocht har broer gerêst te stellen. ‘Wêr sitte dy dingen?’ woe Sjoerd witte. ‘Under de earm en op mear plakken, leau 'k.’ ‘En wannear witte se de útslach?’ ‘Oer in wike sei heit. En lit ús der no oer ophâlde.’ Mark smiet de krante oan 'e kant kaam oerein. ‘It hat gjin doel elkoar de kop gek te praten, it komt allegear wol goed. Ik gean even in eintsje om.’ ‘It is al tsjuster,’ protestearre Selma. ‘Wat nukt dat. 'k Bin hjir sa wer.’ De doar klapte achter him ticht. Selma suchte en seach wer op 'e klok. Acht oere wie de besikerstiid foarby, dan koe heit hjir ek sa wêze. Se seach nei Sjoerd dy't begrutlik yn in hoekje fan 'e bank hong. Se hie mei him te dwaan, hy wie noch mar sa'n bern, al wie er in kop grutter as har. ‘Wolst noch kofje?’ frege se. ‘Eh, jawol.’ ‘Selma?’ ‘Hm?’ ‘Tinksto... it komt echt wol goed mei ús mem, no?’ ‘Jawis. Moatst der net oer ynsitte, sy is dêr yn goeie hannen.’ | |
[pagina 59]
| |
‘Hoe giet dat, bestrieljen?’ ‘Wit ik net.’ ‘En wêrom dogge se dat?’ ‘Om mooglike kwea-aardige sellen dy't noch yn har lichem sitte kinne, dea te meitsjen, sei heit ommers.’ ‘O ja. Docht dat sear?’ ‘Nee, grif net.’ ‘Wurdt it ek noch wat mei dy kofje?’ Selma glimke. ‘Wy binne allegear wat fan 'e slach, mar wier Sjoerd, it komt wol goed.’ Se geat syn kopke fol. Hy seach har earnstich oan. ‘Moarn meie wy nei har ta, no? Doarsto wol?’ 'Wêrom net? It is ús mem.’ ‘Jawol, mar wat moatst sizze... en as se no gûlt...’ ‘Us mem gûlt net. Net as wy derby binne.’ ‘Ik kin der net oer as se gûlt. Dy kear mei pake syn begraffenis, witst it noch, doe jankte ik omdat ús mem jankte.’ ‘Net om pake?’ ‘Ja ek wol, mar... och, do begrypst it wol. Moat se dêr echt noch in wike bliuwe?’ ‘Heit sei fan wol.’ ‘Michel syn heit hie it ek... kanker bedoel ik. Dy is...’ ‘Net oan tinke. Kinst soks net mei-elkoar ferlykje. Mem hat boarstkanker, dy man hie it miskien folle slimmer.’ ‘Tinkst fan wol, hen? Ik moat moarn fuotbalje. Soe dat wol kinne?’ ‘Jawis, wêrom net. Wy geane earst de jûns nei it sikehûs.’ ‘Soe mem dat net raar fine, dat ik gewoan...’ ‘Welnee, se soe it raar fine ast nèt gongst.’ ‘Hoe let is heit hjir wer?’ ‘Hy kin hjir no gau wêze.’ ‘Wat is 't hjir no frjemd stil net? As ik him no ris wat súntsjes oanset? Dan kin 'k likegoed wol oan mem tinke. Noch better, sels.’ | |
[pagina 60]
| |
Selma moast derom laitsje. ‘Toe dan mar. En drink dyn kofje op.’ ‘Dy is kâld. Is der noch mear?’ ‘Nee.’ ‘Ik hoech ek net iens kofje.’ Sjoerd joech him langút op 'e flier del, de holle deun by de stereo. Selma suchte en seach wer op 'e klok, dy rotwizers liken wol stil te stean.
Wat in hiel oare freedtejûn as oars. En wat hie se in soad belibbe yn ien wike tiid. As fansels makken har tinzen de sprong nei Herman. Woansdei, tegearre yn dy kroech. ‘Ik lit dy net los fanke,’ hie er sein. ‘Noait ienkear. Wat dyn âlden ek sizze, do hearst by my.’ ‘Se ferbiede it ommers.’ ‘No en? Do bist mearderjierrich. God Selma, bist dochs gjin bern mear? Do hast rjocht op dyn eigen libben.’ ‘Myn âlden...’ ‘Do kinst sels beslisse.’ ‘Nee, dat kin ik net.’ ‘Dat kinsto wòl, mar do doarst it net. Oan 'e iene kant bist sa selsstannich Selma en oan 'e oare kant noch sa'n bern. Lit my dan mei dyn âlden prate.’ ‘Dat kin net. No net, teminsten. Us mem moat moarn nei it sikehûs foar in lytse operaasje.’ Hy hie fierder frege en sy hie it him útlein. ‘Ik kin wachtsje,’ sei er. ‘As se wer thús is, lit my dan mei harren prate. Dy kâns moatst my jaan, Selma. Ik lit dy noait gean, wat der ek bart.’ Twa dagen letter wie heit út it sikehûs kommen mei it berjocht dat mem... En Herman wist it noch net iens. Se mocht gjin kontakt mear mei him ha. Se hiene it har gewoan ferbean, mar se woe Herman net kwyt. Se soe him stikem moetsje kinne, yn alle gefallen belje kinne. ‘Ik lit dy noait los,’ sei er. ‘Do bist folwoeksen, kinst foar dyn eigen libben kieze.’ En thús dan? Se koe dochs net samar mei thús brekke? Hy woe mei heit en mem | |
[pagina 61]
| |
prate, mar dat helle ommers neat út. Hoe moast it allegear? En no dat mei mem derby... ‘Ja hee, wy sitte hjir gjin potsje te janken, hen! Hie 'k dy krekt ferteld dat ik dêr net oer koe.’ Sjoerd smiet har syn snústerige bûsdoek ta. ‘Hjirre. En hâld dêr asjebleaft mei op. It komt allegear wol goed. Echt wier wol Selma. Heit komt der trouwens ek oan, wolst dat dy sjocht datsto sitst te grinen?’ |
|