iepenskood waarden, koe se op ôfstân dielnimme oan 'e wrâld dêrbûten. In wrâld dêr't se no gjin diel fan útmakke. Se seach it ferkear op 'e rûnwei. Minsken, hastich op wei nei it wurk. In pear protters fladderen foar it rút lâns, sa fredich, as wie der neat te rêden. Se seach no earst dat de sinne skynde. Unbegryplik.
De wrâld wie ferdield yn twaen, de moaie helte wie oan 'e oare kant fan it rút. Sa no en dan slûge se wat, om dan kjel wekker te wurden en om 'e nocht te besykjen har tinzen op in rychje te krijen. It wie sa frjemd allegear, sa Ûnwêzentlik. Se koe it noch net befetsje dat sy it wie dy't hjir lei. De tinzen bleaune yn flarden kommen en fuortdêrnei wie se se wer fergetten. Dat soe wol fan 'e narkoaze komme.
Healwei de moarn kaam de sjirurch, mei de haadsuster achter him oan. ‘Moarn, frou Wiersma. Dat wie even skrikken.’
Hilda seach him oan, reagearre net.
‘Ik moat tajaan dat ik jo tefolle hope jûn hie,’ sei er. ‘By ien op 'e hûndert gefallen sitte wy der neist. It muoit my dat jo dat krekt wêze moasten.’
Se seach nei syn hannen, smelle hannen, mei lange fingers. Dy hannen hiene it dus dien, dy hiene se der útsnijd, dy ferneatigjende kankersellen.
De sjirurch kichte even. ‘De lymfeklieren binne opstjoerd, dêr ha wy mei in wike útslach fan, dan binne jo hjir noch wol.’
Hilda knikte automatysk. Se diene mar, it wie har allegear wol bêst.
‘In dei as acht, tsien rekkenje ik, dan kinne jo nei hûs, dêrnei moatte jo fiifentritich kear te bestrieljen.’
Hy wachte even, seach har oan. Moaie eagen hie dy man, mei hast froulik lange eachteisters. Soe se no wat freegje moatte? Se koe neat betinke, dat se knikte mar wer.
‘Wy sille ek noch de lever en de longen ûndersykje.’ Hy kaam tichterby, bûgde him foaroer, seach nei de slank-