noch sa stiif ticht, se koe it byld fan dat ferskuorrende bist mei syn grutte grypklauwen net by har wei krije. En dy eagen, dy freeslike wraaksuchtige eagen! Wat stie har te wachtsjen? Wie net elk minske bang foar lijen, foar pine?
‘Nei in slimme, moedich droegen sykte...’ Wêr kamen dy wurden ynienen wei? ‘Lit der mar in ein oan komme... As it dan dochs moat, dan asjebleaft sa gau mooglik.’ Wa sei dat? Sei se dat sels? Tocht sy dat? Ja, dat tocht sy.
Se seach blommen, hiele moaie blommen, gjin boeket, nee, dat wie... Se wist it, dat wie in krânse, mei in lint. En dêr achter dy kop, dy ferskuorrend yslike kop fan dat bist. Se fielde har nachthimd plakken. Lei se op plastik? It fielde sa kâld. Se woe hjirwei. Nei hûs, nei Freark. Se moasten prate, der wie noch safolle te bepraten. Hy hie gûld. Freark dy't gûlde, foar it earst yn al dy jierren.
Der foel wat mear ljocht de keamer yn, in lyts ljochtsje sweve tichterby. Se folge it mei de eagen, hearde skuonsoallen dy't har hiel even oan it linoleum fêst sûgen. Dat wie de nachtsuster. It ljocht skynde no in tel oer har gesicht, de suster bûgde har oer har hinne en lústere: ‘Sliepe jo no noch noait?’ Se hie in fest oer de wite jurk hinne en in bûslampke yn 'e hân. Har eagen glânzen yn it feale ljocht, as in wetteroerflak by moanneljocht. ‘Kin ik wat foar jo dwaan? Wolle jo wat drinke?’
Hilda skodholle. ‘Hoe let is 't?’ Krekt oft dat der wat ta die.
‘Healwei trijen, jo moatte no echt besykje jo del te jaan.’
‘Ja,’ lústere se, ‘mar myn buorfrou snoarket sa.’
‘Frou Meier moat om har operaasje op 'e rêch lizze, dan wol dat wol. Sil ik jo in slieptabletsje bringe?’
Se hie gjin ferlet fan in slieptabletsje. It iennichste dat sy woe dat wie dat dy suster by har bliuwe soe, krekt sa't har mem eartiids by har foar 't bêd siet as se siik wie. Se