Sûnder garânsje
(1999)–Froukje Annema-Noordenbos– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 48]
| |
‘Nee, dat is myn muzyk net.’ ‘Wat dan wol? Het Urker mannenkoor? Dat past better by dyn leeftyd. Sorry, sa bedoel ik dat net.’ ‘Ik snap net dat it altyd sa lûd moat.’ ‘Oars is der ommers neat oan.’ ‘It ferpest foar my de sfear hjir. Ik fyn trouwens dochs al neat oan sokke kroegen, mar wêr moatte wy oars ek al hinne om distiid? En ik snap noch altyd net wêrom ofst no ynienen net mear mei my yn 'e auto wolst. Wat wolst drinke?’ ‘Doch mar in kola.’ ‘Net in pilske?’ ‘Nee, better fan net.’ Selma seach him achternei sa't er nei de bar rûn. Op de iene of oare wize foel er hjir út 'e toan en dat lei him net allinne oan it kreaze pak. Herman paste gewoan net yn sa'n kroech, dêr't oan 'e stamtafel de fêste kaartspilers sieten en oan 'e taap de lju dy't oerdei neat betters te dwaan hiene as bierdrinke. De kroech mei syn flipperkasten, syn suterige taffeltsjes en moassige stank fan reek en bier. Hy kaam mei twa glêzen werom. ‘Sa,’ sei er, doe't er wer neist har siet. ‘En no wurdt it tiid dat wy ris prate, net?’ ‘Bist lilk?’ ‘Nee.’ ‘Dêr mankearret oars net folle mear oan.’ ‘Ik bin net lilk, al ha 'k dêr sa stadichoan wol reden ta. Do ûntrinst my Selma. Nee, lit my útprate. In hiele wike kinne wy elkoar net sjen, omdatsto siik bist. Slim genôch, mar dêr kinst neat oan dwaan. Moandei bist wer op it wurk. Ik, al deagelokkich datst der wer bist, hâld my de hiele dei yn. Ik belje dy net, ik groetsje dy allinne út 'e fierte, sa't elkenien dat docht dy't by de resepsje lâns rint. Ik hâld my geweldich, bliuw de hiele dei boppe en rin net noch ris ekspres by dy lâns. De hiele dei sjoch ik der nei út dat ik dy nei it wurk treffe kin. Krekt sa as altyd stean ik achter de fytsehokken te | |
[pagina 49]
| |
wachtsjen, mar al wa't komt gjin Selma. Ik wachtsje in kertier, tweintich minuten om't ik foar hûndert prosint wis bin datst komme silst. Selma komt net. Ik rin it gebou wer yn, nimmen mear by jim baalje. Ik freegje de portier oft er dy ek fuortgean sjoen hat, moat dat ek noch hiel foarsichtich ynklaaie en dan seit dy man: ‘Juffrou Wiersma is in healoere earder nei hûs ta gien.’ ‘Ik moast...’ ‘Nee, noch net, do meist aanst. Juster wiest der gewoan wer. Ik belje fan myn keamer ôf nei dy ta mei in ferlechje, do wolst my net iens te wurd stean!’ ‘Jawol mar...’ ‘En, om it ferhaal even ôf te meitsjen, justermiddei naaist wer earder út en litst my wer foar joker stean. Fan 'e moarn belje ik dy wer en klaai it sa yn datst allinne mar “ja” en “nee” hoechst te sizzen: Kinne wy fan 'e middei wer in eintsje te riden, Selma? Nee, seiste. Is der wat Selma? Nee. Ik moat mei dy prate Selma. Ik wachtsje wer op it âlde plak. Of kinst net? Nee, seit Selma. Sille wy dan ergens wat drinke tegearre? Ja, seit Selma. No, en dêr sitte wy dan. En as it koe woe ik no wol even útlis fan dyn kant, want ik bin net wend dat ik sa behannele wurd.’ Selma swei, mei har lange neil tekene se de figuerkes nei op it fersutere plusen taffelkleedsje, hokje nei hokje, rûntsje nei rûntsje. Herman gong wat fersitten. ‘Ik wachtsje,’ sei er doe. Selma fielde dat se begûn te switten, no soe se it sizze moatte. Mar hoe? Hoe soe er it opnimme? En wàt soe se sizze? Yn hoefier woe se iepen kaart spylje? Se hoegde him net alles te fertellen, of wol? Se seach even skou fansiden. Herman bestudearre in bierfiltsje as stie dêr witwat op te lêzen. Sa hie heit ek sitten te wachtsjen: ‘Ik wachtsje Selma...’ Nei beide kanten moast se dingen ferklearje, harsels ferdigenje. Utlizze wêrom... ‘Se witte it,’ sei se doe ynienen. ‘Wa wit wat?’ | |
[pagina 50]
| |
‘Us mem-en-dy, se witte it fan dy en my.’ ‘Krekt.’ ‘Ik kin der ek neat oan dwaan!’ ‘Sis ik dat dan?’ Ynienen wiene it allegear triennen by Selma. Herman seach even om, skode doe syn stoel sa dat Selma foar de oaren ûnsichtber wie en lei in earm om har skouder. ‘Stil no mar, sa slim is it dochs net? Fertel 't my mar, wat is der bard? Hjir, drink in slokje, in probaat middel tsjin 'e triennen.’ Selma fage hieltyd mar oer de wangen wylst se hakkeljend út ein sette. ‘Witst noch... dy brief fan ferline wike? Doe... doe skreau ik al dat ik tocht dat ús mem wat yn 'e gaten hie. Se hat der tink mei ús heit oer praat, want de jûns kamen se tegearre by my. En doe seine se...’ ‘Ho, no net wer begjinne. Hjir, myn bûsdoek. Fertel fierder. Se kamen by dy en doe seine se...’ ‘Doe seine se dat se bang wiene dat ik wat foar harren achterhold en dat se dat net wend wiene, witst wol sok pedagogysk praat. En ik sei: Der is neat, wier net. Jim mem mient der oars aardich wis fan te wêzen dat se dy by immen yn in auto sjoen hat, sei ús heit. Is dat ek net wier? En ik sei wer: Nee. Doe spile ús mem har lêste troef út. Fan 'e middei, doe't ik hjir by dy ôfstoffe seach ik yn in laadsje dat in eintsje iepen stie in kettinkje dat ik net koe. Ik skrok my de pleuris, sei noch neat. Moatst net tinke dat ik yn dyn spullen sneup, Selma, mar ik koe it gewoan lizzen sjen. Dat wie in gouden kettinkje, mei ik freegje Selma hoest dêr oan komste? Ik jeuzele noch wat fan liend fan Renny, mar se leauden my net. Se sieten elk oan in kant fan it bêd, as rjochters, klear om de bekentenis ôf te wachtsjen en it fûnis út te sprekken. Ik wachtsje Selma, sei ús heit en doe seach er my sa trouhertich oan en ús mem ek en ynienen koe ik it net langer folhâlde en ha 'k alles ferteld. Wier Her- | |
[pagina 51]
| |
man, ik koe net oars. It moast dochs in kear útkomme?’ ‘En doe?’ ‘No, doe ha se... jou my dyn bûsdoek wer even... doe ha se tsjin my sein dat it út wêze moast... dat ik... dat ik dy net wer sjen mocht... noàit wer Herman!’ |
|