ta it uterste yn om nei te tinken. Wàt doogde dan net? Doe foelen stadichoan de stikjes teplak. Se wist it wer: se wie yn it sikehûs. Dat jak, dy gekke mûtse en dokters mei lapkes foar de mûle. Dy soene... o ja, dy soene har operearje, in knobbeltsje fuorthelje, dàt wie it. En aanst mocht se wer nei hûs, of moarn, dat koe ek wol.
De stim prate wer: ‘Dyn kânsen binne goed sizze se...’
Se hearde it wol, losse wurden, mear net.
Se draaide de holle wat om. Dêr siet Freark. ‘Wat dochsto hjir?’ Se woe in earm nei him útstekke, fernaam doe dat dy fêst siet oan in slang. Har eagen folgen stadich dy slang, hy gong omheech nei in flesse dy't oan in ding hong. Dat wie... hoe neamden se dat... in ynfús. Se lei oan in ynfús.
Har holle draaide nei de oare kant. Se seach har earm op in kjessen lizzen, dêr't twa slankjes oerhinne hongen. It fielde krekt oft it in oar syn earm wie.
Har eagen glieden werom nei Freark. Hy seach sa tryst, like sa bleek. Der moast wat net ynoarder wêze, mar wat? Frjemd mealden har tinzen om elkoar hinne. Freark siet dêr. Wêrom?
‘Wat dochsto hjir... wêrom...?’
‘Omdat... leave, se ha it dy dochs ferteld? Hilda, witst it dan noch net... datst...?’
'Se ha my neat ferteld. Dat ik wat...?’
Freark sloech de eagen del. Stiif kniep syn hân om harres. Se fielde dat er trille en seach nei him op. Doe seach se in trien dy't stadich in bibberich spoarke luts oer de stoppeltsjes op syn wang. Freark gûlde. Freark gûlde? Dat bestie net, Freark gûlde noait. Wêrom gûlde er dan? Om wat sy frege hie? Wat hie se dan frege? Se moast djip neitinke ear't it wer boppe driuwen kaam. ‘Wat is der dan Freark? Wat ha ik? Sìs dan wat!’ En doe wie it dêr, dat wurd, dat ôfgryslik beladen wurd: Kanker.
Se koe it net goed befetsje. Se hie it heard, mar beluts it noch net op harsels. It rekke har net. Se seach nei