Dêrnei moasten se tegearre nei de sjirurch dy't, nei 't er noch wer ris nei it boarst sjoen hie, harren opnij sei dat se der foar njoggentich prosint op oan koene, dat it hjir om in goedaardich knobbeltsje gong. ‘Yn jo gefal hat it net folle doel, mar ik moat it freegje,’ sei er, ‘as tidens de operaasje bliken docht dat der mear fuorthelle wurde moat as allinne dat knobbeltsje, jouwe jo dêrfoar jo tastimming?’
Hilda sei it ta.
‘As der gjin haastoperaasjes tusken komme wurde jo moarnier njoggen oere operearre,’ sei de sjirurch. En tsjin Freark: ‘Jo meie yn 'e rin fan 'e moarn wol even belje hoe't it ôfrûn is. Noch fragen?’
Se koene neat betinke, dat even letter stiene se wer op 'e gong. Hilda moast doe wachtsje op in suster dy't har nei har keamer bringe soe. ‘Gean do no mar,’ sei se. ‘Komst jûn even, no? Ek frjemd, dan komst op sikebesite, wylst ik alhiel net siik bin. Dochst de bern de groetnis?’ De tút duorre even langer as gewoanwei en se seach him achternei oant er op 'e ein fan 'e gong noch ienkear de hân op stuts. Doe wie se allinne en foar it earst as pasjint yn it sikehûs. Se kaam op keamer 210 te lizzen, in lytse keamer dy't se dielde mei in âldere frou, dy't har bekend makke as frou Meier. De dei gong fierder foarby mei de nedige ûndersiken en alles wie earst even wennen. Ek it feit dat Freark jûns op besite kaam wie nuver en allinne sliepe, op in frjemd bêd mei frjemde lûden en in snoarkjende buorfrou, wie gjin sukses. De oare moarns waard se al betiid klearmakke foar de operaasje.
‘Moat ik echt sa'n mâl jak oan? En in mûtske op? En dy wite hoazzen! Mar goed dat ik mysels sa net sjen kin.’
De suster en sy hiene der suver wille om. Doe waard se mei bêd en al de gong opriden. ‘Sterkte,’ rôp frou Meier noch. Sterkte, och ja, mar dat hie se net iens sa bot nedich. Se seach net tsjin 'e operaasje oan. Wat earder wat leaver, dan koe se wer nei hûs. Se seach it wite