iensum ta. Ik ha no sa'n soad tiid te prakkesearjen en dat makket de saak der net ienfâldiger op.
Ik mis dy Herman. Yn fjouwer dagen ha 'k dy no al net sjoen. Silst fan Rineke moandeitemoarn wol heard ha, dat ik siik bin. Ik fyn it knap datst dy ynhâlde koest om my te beljen. Dat moatst noait dwaan, hear Herman. Net belje en net skriuwe, want as se hjir thús wat yn 'e gaten krije is it net bêst. Ik bin sûnt fan 'e middei trouwens bang dat ús mem al wat yn 'e gaten hat. Se strúnt hieltyd om my hinne, besiket mei my te praten en ik ûntwyk har, want ik bin deabenaud dat ik my dan ferprate sil. Witst noch fan ferline freed, doe't wy har tsjinkamen? Do tochtst dat se ús net sjoen hie. Om't se my nergens nei frege, tocht ik datst gelyk hiest. Ik wie dy middeis noch foàr har thús, dat ik hoegde gjin ferlechje te betinken. Se prate nergens oer, al dy dagen net. En no fan 'e middei sei se ynienen: ‘Ik miende dat ik dy freed by immen yn 'e auto sitten seach. Yn in donkerblauwe auto, sei se derby, want ús mem wit fan gjin merken, dy is al grutsk as se de kleur fan in auto wit. Ik skrok my dea, mar it slagge my dochs om hiel gewoan te sizzen dat dat ûnmooglik wie. Se hie it der doe oer dat se oan in bril ta wie en dat der fansels mear blonde fammen wiene. Even letter sei se: En dochs... Doe kaam se by my sitten en besocht se fertroulik te wurden. Dêr koe 'k net oer, dat doe ha 'k har suver wat fuortpraat. Letter hie 'k dêr spyt fan, want wy kinne oars hiel goed opsjitte tegearre, echt wier. Ik ha neffens oaren in hiel geskikte mem. Se seurt net, se lit ús aardich ús gong gean en kinst oer alles mei har prate. It heart wat braaf miskien, mar dat doch ik ek. Diè ik ek, moat ik sizze, want mei har oer dy prate, dat kin net. Foardat se derút gong sei se noch, dat as ik ergens mei siet, ik dêr altyd mei by harren komme koe, krekt as doe't wy noch lyts wiene. Dat dêrom, Herman, ik fertrou it net. As se lont begjint te rûken, sil se my noch mear yn 'e gaten hâlde as se no al docht en dan rint it op in dei speak. Hoe