mem? Och, safier is it ommers net. Allinne mei in doaze boadskippen achterop en twa swiere tassen oan 't stjoer, komst der achter dat in fyts dan minder handich is as in auto. Dat ha 'k ferline freed úthelle, soks doch ik net wer.’
Se gong wat tichter nei it bêd ta, sadat se Selma's reaksje goed sjen koe. Doe sei se: ‘Sa frjemd ferline freed, ik bin tink hast oan in briltsje ta, want witste, doe't ik nei de stêd ta fytste, doe miende ik dat ik dy by immen yn 'e auto sitten seach.’
Selma waard kjel, se seach it dúdlik. Der kaam wat read op 'e bleke wangen en se draaide de holle fan Hilda ôf. It duorre ek krekt even te lang ear't de reaksje kaam: ‘Hoe soe ik no by immen yn 'e auto sitte? Ik fyts ommers.’
‘Dêrom. It koe ek net, ik moat it my ferbylde ha, mar ik seach in famke mei krekt sok hier as dy yn in grutte donkerblauwe auto.
‘In bril wie miskien dochs net sa'n gek idee.’
‘Ik tink it ek, der binne fansels mear blonde fammen.’
‘Dêrom.’
‘En dochs... Se besocht Selma oan te sjen, mar dy sloech de eagen del. Se gong op 'e râne fan it bêd sitten, lei even in hân op Selma har foarholle. ‘Hè bern, wat fielst waarm. Hast grif koarts.’
‘Kom no mar net te tichtby, aanst hat mem it ek.’
Wer dy ôfwizende toan. Hilda luts brûkel de hân werom. Lytse flarde. ‘Woest my fuort ha?’
‘Nee, hoe dat sa.’
‘Dochst wer sa ôfstanlik.’
‘Net wier. Mar, ik fiel my beroerd, ha gjin sin oan praten.’
‘Dêr kin 'k ynkomme. Ik sil dy mei rêst litte, ik bin hjir klear. Moatst oars ek noch wat ha?’
‘Nee, neat.’ It klonk hast ûnfreonlik. ‘Echt net,’ kaam der wat mylder achteroan. Hilda gong oerein. By de doar sei se noch: ‘Witst noch wat wy seine, doe't jim lyts