‘Nei Hawaï. Nei it strân fan Hawaï, mei palmen en blommen.’
‘Sil net tafalle om dêr mei de auto te kommen.’
‘Nei Florida, de Bahama's, eh... Mexico.’
‘Is Ljouwert foarearst ek goed genôch? Dêr kinne wy it dit wykein like moai ha as op Hawaï. Foar dy bin 'k sels ree om palmen yn 'e tún te plantsjen en blommen, in see fan blommen. En as 't moat dûnsje ik foar dy yn in hoela-rokje.’
‘It kin net Herman.’
‘Jawol, it kin wol, mar do wolst net.’
‘Ik wòl wol, mar...’
‘Mar do doarst net.’
‘Mei ik earlik wêze?’
‘Dat ha'k it leafste.’
‘Hast gelyk, ik doar net. Noch net.’
‘Mar wêrom dan net, Selma? No hawwe wy einlings de kâns en no wolst net.’
‘Doarst net, moatst sizze.’
‘Dat komt op 't selde del. Wêrom dan net, famke? Do wolst dochs ek neat leaver as by my wêze?’
‘Jawol, mar...’
‘En fan my wêze. God Selma, ik ha al salang op dy wachtsje moatten.’
‘Ik kìn it net, dyn frou...’
‘Dat is myn frou net mear! Ja, op papier noch al, mar net lang mear. Sa gau asto ja seist lit ik my fan har skiede. De ellinde hat no lang genôch duorre. Wy passe net byelkoar, der ìs neat mear tusken ús, noch fan har kant, noch fan myn kant. Sy wol ek neat leaver as wer frij wêze, Selma. It hie better west dat wy al folle earder byelkoar wei gien wiene, mar it bongele samar wat troch. Wy binne útelkoar groeid, hawwe elkoar neat mear te sizzen, al lang net mear.’
‘It klassike ferhaal: Myn frou begrypt my net. Sorry, sa bedoel ik it net.’
‘Lit it it klassike ferhaal wêze, ik kin der neat oan