Har tinzen makken in sprong. De útslach fan it sikehûs wie goed. Woansdei hie se de sjirurch dêr oer belle. ‘De foto's wize dúdlik út dat wy hjir mei in goedaardich knobbeltsje te krijen hawwe,’ hie er sein. ‘Jo hoege jo gjin soargen te meitsjen.’ Even gong har hân nei it plakje yn it boarst. Even wie der wer it gefoel fan ûnrêst, mar dat liet him fuorttriuwe.
Hilda wie sa yn prakkesaasjes dat se de frou op 't fytspaad earst op it lêste momint seach. Daliks plofte se fan 'e fyts. ‘Wat no? Ha jo pech?’
‘Ja, lekke bân bin 'k bang.’ De âlde frou stie rûngear by har foartsjil. ‘Ik snap der neat fan, krekt oft er stadich leech rûn. En 'k ha fansels gjin pompke by my.’
‘Mar ikke wol,’ sei Hilda. ‘Wachtsje mar even.’ Se sette de fyts oan 'e kant en rûn mei in pompke nei de frou ta.
‘Wat in gelok,’ sei dy. ‘Ik tink al, hoe't ik dit ha moat? Ik soe nei myn broer yn 'e flat. Dy sit al in oere fan tefoaren út te sjen en as ik ek mar even te let bin, dan is er der ôf, dat ik moat sjen dat ik der kom.’
Hilda fielde oan 'e bân, doe oan it fentyl. ‘Dat sit los,’ sei se, ‘gjin wûnder dat er dan leech rint.’
Se begûn te pompen. 't Gong net sa hurd mei sa'n skiterich dinkje. De frou, sa te sjen bliid dat se in wurd kwyt koe, hold ûnderwylst hiele ferhalen. ‘Hy wennet allinne, myn jongste broer. Ja, ik ek, mar ik ha noait oars wend west. Hy wol, mar syn frou is oardel jier ferlyn ferstoarn en dêr kin er mar net oerhinne komme. Komt der al wat yn?’
‘It begjint te kommen.’
‘Wat bin ik bliid dat jo hjir krekt lâns kamen. Hoe hie ik it oars ha moatten? Ik tocht noch, oars moat ik mar rinne, mar dan hie it wol fiif oere wurden ear't ik by him wie. En dan hie er alhiel yn panyk west. Wenje jo hjir yn 'e buert?’
‘Eintsje dat út,’ wiisde Hilda oer 't skouder. Wylst pompte se drok fierder.
‘In man allinne is ek neat.’ De frou wie yn gedachten al