‘Nee, mijnheer.’
‘Nee mijnheer, seit se! Ach wat heart dat skattich. Wat diest? Sietst oan my te tinken, krekt as ik oan dy? Ik ha de hiele moarn noch gjin klap útfierd. Dyn skuld famke. Makkest my gek mei dat leave kopke fan dy. Ik mien it. Toe Selma, sis even wat.’
‘Ik kan het voor u navragen, mijnheer.’
‘Ja, wat moatst oars ek al sizze, hen? Bring ik dy bot yn ferlegenheid sa? Dat is net myn bedoeling hear. Ik wol dy allinne mar even hearre, even sizze hoe leaf ast bist, dy even tichtby fiele. Begrypst dat?’
‘Inderdaad.’
‘Dat begrypst. Do tinkst der krekt sa oer. Ik woe dyn gesicht no wolris sjen. O, ik moat my ynhâlde oars rin ik nei dy ta. Sil 'k it dwaan Selma, gewoan even by dy lâns rinne, ergens troch in doar stappe en even letter weromkomme, wer by dy lâns, nei myn ôfdieling? Dêr siket nimmen wat achter. De adjunkt-direkteur giet even nei in oare ôfdieling. Dat is hiel gewoan. Sil 'k it dwaan?’
‘Nee mijnheer, dat lijkt me niet juist.’
‘'k Kin fansels ek in praatsje mei dyn buorfrou begjinne en ûndertiid stikem nei dy sjen. Of gewoan mei dysels. Doarst dat oan Selma? Ik kom no nei ûnderen ta en ik freegje dy wat. In adres fan in klant, in telefoannûmer, ik betink wol wat. En do joust hiel gewoan antwurd. Fiere wy tegearre in pracht fan in ienakter op en ûnderwylst kin ik dy sjen, rûke, mooglik even oanreitsje. No, wat seist derfan?’
‘Nee mijnheer.’
‘Hè jakkes, do doarst ek neat. No, moatst hearre, dêrom belje ik eins, dit wykein is se fuort, myn frou bedoel ik, nei in reuny fan har eardere skoalle of sa. En ik hoech net mei. Se bliuwt by ien fan dy froulju te sliepen, dat dan kin ik dy einlings myn postsegelsamling ris sjen litte! Of fynst neat oan postsegels? Myn fiver dan? Myn goudfisken? Wêr't it om giet leave, dat is dat ik