dat yn faktermen, mar op in leek kaam dat hiel oars oer as in knobbeltsje. Tumor, dat wie sa'n beladen wurd, dat jo assosjearren mei... Net fierder oan tinke. It wie ommers goedaardich?
‘Om elf uur? Prima. Dank u.’
‘Om alve oere kinne jo yn it sikehûs terjochte, frou Wiersma. Se skowe jo der even tusken, by dokter Meekma. Dokter Meekma is spesjalisearre yn ditsoarte fan saken. Ik wol graach dat hy der ek even nei sjocht, dan hawwe wy wissichheid. Hiene jo oars noch klachten?’
‘Gelokkich net, dit is genôch, tocht ik.’
Hy glimke. ‘Ik hear wol hoe't it ôfrint. Moarn, frou Wiersma.’ In koele hân, in bemoedigjende glim, doe stie se wer op 'e gong. Nei it sikehûs, hie er sein. Alve oere. It wie no healwei tsienen. Koe se earst noch in skoftsje nei hûs. Ferduld, no hie se net frege oft soks der wei moast. No, dat soe de sjirurch har ek wol fertelle. Se moast no sjen dat se thús kaam en dan daliks Freark belje. Hy woe it net blike litte, mar se hie wol fernommen dat er likegoed yn spanning siet.
De telefoniste fernijde har dat mynhear Wiersma yn petear wie. ‘It is driuwend,’ sei se. ‘Myn man ferwachtet dat ik him fan 'e moarn belje.’
‘Ik ha de opdracht krige dat mynhear Wiersma perfoarst net steurd wurde mei, mefrou.’
‘En ik sis jo dat ik daliks mei myn man prate wol! En as jo net om lyk wolle dan kom ik persoanlik nei jo ta!’
No moast se ek net raarder wol? It bern koe der neat oan dwaan. ‘Jou my de siktaresse fan myn man dan mar even,’ sei se wat freonliker.
‘Ik ferbyn jo troch mefrou. It spyt my, mar ik mocht...’
‘It is wol goed, bern. Ik wachtsje.’
Even letter hie se de siktaresse oan 'e line. ‘Mefrou Wiersma? Ja, ik ferbyn jo troch, jo man ferwachte jo al.’
‘Hilda? En?’ De stim wie ien en al spanning.
‘Der sit wol in knobbeltsje, mar dokter tinkt dat it goedaardich is.’