3.
‘Wachtsje jûn mar net op my mei it iten, it sil wol wer let wurde. Sokke gearkomsten rinne ivich út, dat ik yt yn 'e stêd wol wat. En is der noch tee?’ Freark hold it kopke omheech. Hilda soe oerein, mar Mark wie har foar.
‘'Bliuw mar sitten, âlde. Ik sil wol.’
‘Alde? Dat wolst wol even weromnimme, tink? Jim mem is noch in jonge blom, wat seit heit oars?’
‘Och, wat sil 'k dêrfan sizze...’
‘Minne beurt heit. No joech se sa'n goeie foarset,’ rôp Mark.
‘Jonge blom? Droechblom tink,’ spotte Sjoerd. ‘Wy moatte trouwens hast fuort.’
Hilda seach op 'e klok. ‘Ja, avensearje jonges, jim ha ek noch yn 'e wyn. Ha jim de trompkes klear? Do ek Selma? Fan 'e middei binne jim beide om fjouwer oere wer thús net? Helpe jim even mei te ôfromjen?’
‘Wurkjende memmen, se moasten der swiere straffen op sette,’ prottele Sjoerd wylst er de boardsjes steapele.
‘Toe jong, doch do ek ris wat.’
Mark hyste syn lange lichem ek fan 'e stoel. Wylst er it kopke foar Selma wei pakte sei er: ‘Bist ek net botte praatsk fan 'e moarn wol? Min sin?’
‘Giet dy dat wat oan?’ De toan wie skerper as oars.
‘Dat ha fammen sa no en dan jong,’ sei Sjoerd gnyskjend. ‘Ienkear yn 'e moanne, hè, dat witst no dochs hast wol net? Hiene wy dy sa goed foarljochte.’