Sûnder garânsje
(1999)–Froukje Annema-Noordenbos– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 9]
| |
moàst mei har prate, foardat se de stêd yn gongen. It wie fansels belachlik, want se wiene like âld, mar as se ergens mei siet, dan gong se nei Renny. En alle kearen wer wie it Renny dy't in oplossing wist. Hoewol, in oplossing? Frege se dêr diskear wol om? Der wie yn dit gefal mar ien oplossing mooglik en dy wist se sels wol. En krekt dy oplossing woe se net. Wat se fan Renny woe dat wie dat dy har gelyk joech, dat se sizze soe: ‘It is goed watst dochst, ik soe it ek dwaan.’ Stadich skode se fierder. Dy ferhipte wyn hjir ek altyd. It like wol djip yn 'e hjerst en 't wie noch mar yn 't lêst fan septimber. Mem jeuzele ek al oer oar waar. Man, wat hie dy ferfelend west jûns. En se hie har ferduld ek noch hast oan it praten krige. Dat hie fansels hielendal stom west, want mem wie wol de lêste dy't it witte mocht. Even letter ried se it hiem fan Renny en dy har pleats op. Max, de âld hiemdogge kaam op har ta skommeljen. As waakhûn waard er hast komysk. Syn blaffen wie earder útnoegjend as ôfskrikkend: Kom wiest dêr? Gesellich, kom fierder! In ynbrekker koe him oan alle kanten foarby, want hy hearde en seach net it measte mear. ‘Stil mar Max, goed folk. Sloof dy net sa út jonge, dat hoecht no dochs net mear?’ Se sette de fyts tsjin 'e muorre. ‘Genietsje do no mar fan dyn âlde dei,’ sei se, wylst se him even oer de kop aaide. ‘Braaf hear, bist in bêste Max.’ ‘O, hiene wy Selma dêr. Ik tink al ik hear wat.’ Se hie Renny har heit net iens oankommen heard. ‘Dach De Jong. Is Renny op har keamer?’ ‘Ik tink fan wol. Sjoch mar ris. Moatte jim wer op 'e flitter?’ Hy lake freonlik. ‘No, ik jou jim gelyk hear. It kin no noch. Foardat jim it witte sitte jim yn 'e lytse bern.’ ‘Yn 'e lytse bern! Wy?’ Selma moast der om laitsje. ‘'t Giet hurder ast tinkst, fanke. Wy prate wolris wer. Giest mei Max, de baas wol noch even by de skiep sjen.’ Selma gong troch de achterdoar deryn, seach even yn 'e | |
[pagina 10]
| |
keamer, mar doe't dêr nimmen wie rûn se troch nei boppen. Renny lei langút op bêd. ‘Hoi, wat bisto betiid. Ik bin noch lang net klear, hear.’ ‘Nukt neat.’ ‘Ieuwen lyn dat wy tegearre te stappen west ha. Man, ik bin hast útdroege hjir tusken dy rotboeken. It twadde jier falt my goed ôf.’ ‘It twadde jier heaû is it swierste sizze se, net?’ ‘Net te dwaan! Ik ha oars neat dien as blokke. Mar, wy sille jûn de skea even ynhelje. Wie it aardich mei Joke?’ ‘Eh, jawol, mar ik gean leaver mei dy.’ ‘Tocht ik. Hoe is 't op 't wurk?’ ‘Prima.’ ‘Ik woe dat ik safier wie. Sels fertsjinje liket my machtich. Ik leau dat ik alles útjoech oan klean en cd's. Kinsto dy wat ynhâlde? Eh jawol fansels, do bist folle serieuzer. Dêryn teminsten. Witst wol dat ús mem dy altyd as foarbyld stelt? Sjoch ris nei Selma, dy wit wat se docht! Echt wier. Soms ha 'k gewoan in hekel oan dy, witst dat?’ ‘Doch net sa flau. Trouwens, ús mem hat dy folle leaver as Joke. Hat se jûns noch tsjin my sein.’ ‘Och, och, wat binne wy in pear bêste fammen net? Suver fan dy EO-typen. No ju, hast ek nijs? Witst ek skandaaltsjes? Witst fansels ek noch net fan Frâns.’ ‘Wa is Frâns?’ ‘Sit by my op skoalle.’ ‘Oe goaien, is 't wer sa?’ ‘Dat is him, Selma, teminsten, dat wurdt him. Dat fiel ik.’ ‘Ha 'k dat al net ris earder heard?’ ‘Ik tink dat er jûn ek wol komt.’ ‘Hast mei him ôfpraat?’ ‘Nee, safier is it noch net, mar ik sil it jûn dy kant út stjoere. En oars moatst my mar wat helpe.’ ‘Earme Frâns.’ ‘Earme Frâns? Hy mei de hannen tichtknipe dat er my | |
[pagina 11]
| |
krije kin. Want ik bin fansels net de earste de bêste. Oh nee! Wat sil 'k jûn oandwaan? Ik moat al wat opfalle, oars sjocht er my net iens. Hoelang hawwe wy noch? Oh, noch wol in oere, wiest ek hartstikke betiid.’ ‘Ja, mei sin.’ ‘Wêrom?’ ‘Ik sit mei wat.’ ‘Is 't wer sa? Moat ik wer foar “Lieve Mona” spylje? No bern, baarn mar los. Wa hat dy no wer de bûns jûn? Gerard?’ ‘'t Is al lang út mei Gerard en dat witsto bêst.’ ‘'t Is ek sa, dêrnei kaam Wim noch, ek al wer fuort. Dyn tempo falt net by te hâlden. Wat seist fan myn sweatshirt? Fan 'e middei kocht, by “Snuffel”.’ Renny gong stean en draaide foar Selma hinne en wer. ‘Ik wol der ek noch in broek by keapje. Wat fynst fan in swartenien? Hé ju, oekert, ik frege dy wat.’ ‘Leuk,’ sei se, ‘stiet dy goed.’ ‘Mei dy bin 'k ek moai klear. No, fertel op, wat wie der?’ Renny joech har wer op 't bêd del en wachte benijd. ‘Silst der mei gjinien oer prate?’ Ferduld, it foel noch net iens ta it samar te fertellen. Renny seach har ferwitend oan. ‘Klets ik dan?’ ‘Nee.’ ‘No dan. Ik swar by de siel fan ús Max, dat gjin minske in wurd hearre sil fan watsto my fertelst. Mar fertèl it dan no wol hast! Ik hâld it net langer út. Hast ûntslach krige? Ynbrutsen? Bist oer de tiid of oan 'e drugs?’ ‘Ik ha in freon.’ In tel seach Renny har ferheard oan, doe barste se yn skatterjen út: ‘Ha, ha, ik ha in freon, seit se! Dy toan! As hiest it oer galstiennen. Ik ha in freon! Wat wiene dy oaren dan allegear, Peter, en Gerard en Wim en...?’ ‘Bern,’ sei se. ‘Dit is echt.’ ‘Dit is echt! No, geweldich dochs? Wa is it? Ken ik hem? En hoe lang al?’ | |
[pagina 12]
| |
‘In wike as wat en do kenst him net, nee.’ ‘Oh, wachtsje even, do wiest hielendal net mei Joke fuort -... nee, no snap ik it, doe wiest by hìm. Ooooh! Mar wêrom dochst dêr sa ferrekte heimsinnich oer. Toe ju oen, sis no wat!’ ‘Hy...eh, hy is troud.’ ‘Gatferderry!’ sei Renny. |
|