It Freark Jabiks Folk
(1994)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 167]
| |
YnhâldYn it Freark Jabiks folk beskriuwt Akkerman de lytse libbens fan de bern fan skipper Freark Jabiks en dy syn frou Hindrikje dy't nei de dea fan har man mei in winkeltsje in bestean beskreppe moatten hat. It boek begjint mei de gearsit fan de trije eigen bern, Frearkje, Durkje en Teade, en de oantroude Auke (Durkje har man) dy't nei de begraffenis fan mem in beslút nimme moatte oer it âldersgoed. De âldste broer, Andele, kin net meiprate, omdat er al as jonge man nei Amearika swalke is. Troch de petearen dy't by gelegenheid fan it ferpartsjen fan it erfskip justjes djipper geane as allinne mar oer de deistige dingen, leart de lêzer de fjouwer haadrolspilers fuortendaliks goed kennen. Frearkje is yn alles de opofferjende âldste suster, dy't nei de dea fan heit by har broer Teade oan board stapt is om mei him te farren. Durkje is wat stadich en sleau en lit har alhiel liede troch har man, dy't mar in gewoane arbeider is by in boer op Easterboarn, mar him as eigner fan in hûs wol in bytsje mear fielt. Teade is guodlik en wend dat de âlderen oer him kedize. Frearkje is de iennige dy't by de ferdieling fan it erfskip Auke partuer jout, mar hja moat de slach ferlieze. Memme winkeltsje wurdt ferkocht en hja sil wer op 'e snikke farre mei Teade. Fan Durkje har part fan it jild, dat it âldershûs en de winkelynventaris opbringe, wol Auke syn hûs ferbouwe litte. Allinne kin er dat noch net oprêde, hy hat ek Frearkje har jild der noch by nedich. Dy fielt dêr earst net foar, mar as Auke fertelt, dat Durkje in bern ferwachtet, krijt er har sa by it hert mei it ûnthjit, dat heit Freark of mem Hindrikje ferneamd wurde sille, dat hja tajout. Fan Teade hat Frearkje gjin hege ferwachtings wat it fuortsetten fan de staach oangiet: hy hat noch nea nei froulju taald. As hja him mei in fatsoenlike widdofrou fan syn jierren oankomt, smyt er dat fier fuort, mar as er in skoft letter op in boerepleats op Pean de bliere faam Wyts moetet is er gau út 'e rie. It wurdt boaskjen en op in nij izeren skûtsje, dat mei in protte liend jild kocht is, farre hja fol fertrouwen de takomst yn 'e mjitte. Teade en Wyts krije in swier libben: jier op jier komt der in lytse iter by en it liket der net op, dat hja sa it skip ea lyk krije kinne sille. Auke hat ûnderwilens in nije dream: as Andele út Amearika thúskomt, soe dy him eins it jild liene moatte om in pleatske te keap- | |
[pagina 168]
| |
jen, dan hoecht er nea wer ûnder in boer te stean. Auke krijt it lykwols oan it hert en Andele fielt neat foar syn plannen. It draait derop út, dat Auke úteinlik syn brea fertsjinje moat mei it útsuteljen fan krudenierswaren, in noch nederiger hannel as dy fan syn skoanmem, op wa har winkeltsje hy sa delsjoen hie. Frearkje dy't nei Teade syn trouwen húshâldster wurden is by in komelker yn Lippenhuzen wurdt húsfrou by Andele dy't in baantsje fûn hat as brêgewipper. As Wytske by har sechste befalling wei komt te reitsjen stapt Frearkje wer by Teade op it skip. Sa is de sirkel sletten. | |
UtjefteskiednisIt Freark Jabiks folk is yn 1946 útjûn troch Brandenburgh yn Snits. De roman is in útwreiding fan De erven fen Freark Japiks Hindrikje, dat yn 1941 as nûmer 26 yn de Frisia-rige fan De Fryske Bibleteek by deselde útjouwer ferskynd wie. Under de titel Aldersgoed hie it boek earder as feuilleton stien yn Yn ús eigen tael tusken 15 maart 1940 en 15 febrewaris 1941. Fan 15 augustus 1942 ôf oant it blêd mei it nûmer fan 15 juny 1943 ophâlde moast te bestean, hat Akkerman yn alle ôfleveringen in ferfolch skreaun ûnder de titel De erven fen Freark Japiks Hindrikje II. De earste publikaasje yn boekfoarm hold op by it boaskjen fan Teade en Wyts. De bruorren en susters binne dan allegearre útswalke. Yn Yn ús eigen Tael 1943 einiget ôflevering 11 mei Auke syn reis nei in nije stjelp ûnder Tynje dêr't er syn dream fan sels boer wurden op realisearje wol. Dat Akkerman dat net as in ôfsluting sjoen hat bewiist it sintsje ‘Tonei mear.’ oan 'e ein. Yn de roman, dy't dus noch wer in oare titel krigen hat, binne de erven fan Freark Jabiks Hindrikje by einsluten allegearre wer tichter by elkoar: Andele wer yn it heitelân, Auke en Durkje noch altiten yn it eigen (mar te djoer ferboude) hûs yn it âlde doarp en Frearkje en Teade wer tegearre op it skip. Oft Akkerman it ferhaal dien makke hat foar de boekútjefte, of dat er al ôfleveringen fan it feuilleton yn it foar klear hie, is net bekend. It liket wat frjemd, dat de útwreide ferzje fan De erven fen Freark Japiks Hindrikje net yn de rige fan De Fryske Bibleteek opnommen is. Ut it argyfmateriaal fan dy organisaasje docht nearne bliken, dat soks ea yn de bedoeling lein hat. Brandenburgh hat it boek yn 1946 selsstannich | |
[pagina 169]
| |
útjûn yn in oplage fan 4000. It koste doe ynbûn ƒ 4,10. De útjefte yn de Frisia-rige jilde yn 1941 ynnaaid ƒ 0,80. De oplage sil doe sa 'n 500 west hawwe. Op de ledegearkomste fan De Fryske Bibleteek fan 28 desimber 1940 wiene der in lyts 300 leden; op 3 desimber 1941 skreau Rein Boomgaardt oan Jan Piebenga, dat hja dat jiers 150 leden foarút-buorke wiene. Foar publikaasjes yn de Frisia-rige krigen de skriuwers destiids twa kwartsjes de side mei in maksimum fan ƒ 24,-. De erven fen Freark Japiks Hindrikje wie 77 siden grut. De redaksje fan de rige wie yn hannen fan Douwe Kalma, Fedde Schurer, Jan Piebenga, Yke R. Boonstra en Durkje Rienks-Wallinga. Fan It Freark Jabiks Folk is mei stipe fan it Frysk útjeftefûns yn 1970 yn de ‘kikkert-rige’ in reprint útkommen, fersoarge troch De Tille yn Ljouwert. Dêr stiet yn, dat it in faksimilee útjefte is fan de earste printinge fan 1946, mar alhiel sûnder feroaringen hat de 2e printinge net west. | |
WurdearringOp it útjefteplan 1941 fan De Fryske Bibleteek is it boek oankundige as ‘De Erven Freark Japiks Hindrikje. Folksforhael’. Yn in eardere publikaasje hiet it noch ‘Aldersgoed. Forhael. Sa'n 50 siden.’ Yn Fryslân (1941, side 110) skreau J.J. Kalma by it ferskinen: ‘In moaije novelle. It giet oer gewoane dingen, mar de skriuwer hâldt yen oan 'e ein ta fêst. Goede karakterteikening. Net great wirk, mar wol wirk, der't it folk mei ynnommen wêze scil. Wy ha forlet fen sokke novellen, dy't útgeane boppe de gewoane folksskriuwerij en dochs net to dreech binne.’ In echte novelle is it boek fansels net mei syn ûntjouwingen oer ferskillende jierren hinne. Earder in koarte roman. It folsleine boek, sa't it yn 1946 presintearre is, draacht wol wat de spoaren fan de ûntsteansskiednis. De skriuwer hat him wolris fersind yn de nammen en ek mei it tiidsferrin en de leeftiden fan de minsken doocht der wolris wat net. Sjoerd Leiker dy't it ferhaal yn 1941 foar It Heitelân bespriek, hie benammen wurdearring foar Akkerman syn krêftige taal. Hy neamt it ‘tranche de vie’, ‘in stik libben mei yn-Fryske sfear, mei minsken fen yn-Frysk fielen en det hja hwet to erven habbe is mar bysaek.’ Om de | |
[pagina 170]
| |
rêstige wize fan fertellen en de natuerlike sfear like it Leiker hast mear op in fertaling fan wurk fan Arthur van Schendel, ynstee fan in debút fan in jong Frysk skriuwer. Allinne it dramatyske part behearsket de auteur noch net. De resinsint fersint him fansels mei De erven fen Freark Japiks Hindrikje in debút te neamen. Akkerman syn romandebút wie der al fiif jier earder. Ek Inne de Jong (yn De Stim fan Fryslân 1946) priizge Akkerman syn beskriuwingskeunst: ‘Hy ken en leavet syn persoanen en biskriuwt har masterlik oant yn de lytste uterlike bisûnderheden. Hy folget har op alle wegen en yn alle sitewaesjes, en set har as bylden dy't jin bybliuwe yn de kleur, de rook en de sfear fan it fryske lân. Syn natuer-biskriuwings binne fan in koartens, krektens en suverens, as ik it komselden yn in Frysk boek lêzen ha.’ De Jong achtet it ferhaal wol meinimmend, mar soe der wol wat mear temperamint yn hawwe wolle. Lykas Anne Wadman, dy't de roman ûnder de titel ‘Frysk realisme’ wiidweidich skôge hat yn De Tsjerne 1946, steurt Inne de Jong him oan de oandacht dy't Akkerman hat foar de al te minsklike aspekten fan krôkjen, nei it húske (of de linepeal) reizgjen en it tean-plúzjen. It realisme is ûndjip, bliuwt tefolle oan de bûtenkant en yn details hingjen, de humor is net altyd like fyntsjes en Akkerman nimt net foldwaande ôfstân om skerpte en djipte krije te kinnen yn syn ferbylding fan de gewoane wurklikheid. Dat binne by de dingen, dêr't de kritisy wurdearring foar hawwe, de wichtichste punten fan krityk. By de resinsjes fan de werprintinge fan 1970 leit dat net oars. |
|