It Freark Jabiks Folk
(1994)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 163]
| |
LibbenPaulus Akkerman is op 13 july 1908 yn Boarn (Aldeboarn) te wrâld kommen as fjirde soan fan Otte Sijas Akkerman (1872-1957) en Antje Harmsma (1871-1965). Nei him waarden der noch in suske en in bruorke berne. Paulus syn heit wie blauferver en hie njonken dat ambachtlike bedriuw in winkeltsje yn húshâldlike artikels en allerhanne snypsnaren, dêr't gjin nee yn te keap wie. As jongfeint hie Otte Akkerman al namme makke as dichter en foardrager. Hy hat in net ûnbelangryk man west yn it Kristlik Frysk Selskip, dêr't er hast fan it begjin yn 1908 ôf in bestjoersfunksje yn waarnommen hat. Hy publisearre û.o. yn Yn ús eigen Tael, dêr't er ek in skoft redakteur fan wie. Foar de Antyrevolúsjonêre partij hat er jierrenlang yn de rie fan Utingeradiel sitten. De jonge Paulus bedarre, neidat er yn Akkrum de u.l.o.-skoalle ôfrûn hie, yn it bakkersfak. Oant syn 18e jier ta bleau er yn syn bertedoarp, dêrnei wenne er yn ferskillende plakken, û.o. yn Aldegea (W.), dêr't er yn 'e kunde kaam mei Riemke Feenstra. Mei har hat er hast fyftich jier troud west. Se krigen tegearre seis bern. Lange jierren hat Paulus Akkerman by de Centrale Bakkerij yn Marrum wurke. Lykas syn âlden destiids yn Boarn, hiene hy en syn frou doe ek in winkel yn dat doarp. Doe't de Centrale Bakkerij ophold, hat Akkerman in jiermannich besocht fan syn pinne te libjen. Hy skreau foar ûnderskate kranten en blêden en gong der faak op út om lêzingen te hâlden oer syn wurk as skriuwer, mar hoe warber er ek wie, hy koe der net in bestean foar syn húshâlding mei beskreppe. Yn 1965 is Paulus Akkerman doe noch kassier wurden fan de Raiffeisenbank op Skiermuontseach en dat is er oant syn pensjoen ta bleaun. It libben op it eilân foldie him wol, mar doe't it wurk him net mear bûn, is er dochs wer ferhuze nei de fêste wâl. Net yn it âlde doarp, mar yn Drachten hat er him nei wenjen set. Yn 1982 is Akkerman dêr ek stoarn en te hôf brocht. Omtrint oant syn dea ta hied er warber west | |
[pagina 164]
| |
as skriuwer fan koarte ferhalen (‘stikjes’) foar de kranten en as romanskriuwer. Mei 27 publikaasjes yn boekfoarm hat er gâns in oeuvre op syn namme brocht. | |
SkriuwerskipNocht oan skriuwen hie Paulus Akkerman fan hûs út meikrigen. Net allinne wie syn heit in ferneamd folksdichter yn it kristlike fermidden, ek syn âldere broer Sijas Paulus Akkerman (1903-1981) skreau boeken. Sijas debutearre yn 1936 mei In swalker komt thús by de Kristlike Fryske Folksbibleteek en publisearre fierder noch gâns in rige boeken yn it Nederlânsk. En dan wie der ek noch in neef, Piter Hindriks Akkerman (1910-1934), dy't fersen publisearre hat, mar dy is te jong stoarn om echt namme makke hawwe te kinnen. Paulus Akkerman debutearre sels yn 1925 yn it Friesch Dagblad mei koarte stikjes yn de rubryk ‘Fan it Selskip’, dy't gearstald waard fan M.S.E. Visser, kunde fan syn heit út it Kristlik Frysk Selskip. Under it pseudonym Paul fen Nijenborn publisearre Paulus Akkerman syn earste fers, ‘Krystnacht’ yn Sljucht en Rjucht yn 1928. Poëzy soed er net folle mear skriuwe; hy lei him fierder alhiel út op it proaza. Syn earste roman, As de bern great wirde, ferskynde yn 1936 as it earste boek yn de rige fan de yn 1934 oprjochte KFFB. Ek de nûmers 21, 32, 75, 85, 90, 128, 163 en 218 soed er op syn namme bringe, mar dan syn eigen. It pseudonym Paul fan Nijenborn brûkte Paulus Akkerman nei syn debút net mear. Wat produktiviteit yn it KFFB-fermidden oangiet, wurdt Akkerman allinne foarbystribbe troch Th. Kuiper, A.A. van der Werf en H. Heeringa-Seepma, wylst E.S. de Jong en H. Hoogeveen likefolle nûmers efter har namme hawwe yn de list fan KFFB-skriuwers yn it tinkboek Slomjende krêften (1984). Dat er lykwols net in ‘echte KFFB-skriuwer’ is, wurdt bewiisd troch it feit dat ek oare organisaasjes (De Fryske Bibleteek, Frysk en Frij, Ljouwerter Krante) en útjouwers (Brandenburgh, Osinga, Laverman, Friese Pers Boekerij) wurk fan Akkerman op 'e merk brocht hawwe en dat er fan it boppe-neamde rychje tige produktive auteurs de iennige is, dy't - yn 1971 - de Gysbert Japicx-priis krigen hat. Nei Hessel Ypma is It Freark Jabiks folk al it twadde boek fan syn hân, dat yn de rige ‘Fryske Klassiken’ útjûn wurdt, wylst fan syn roman In man allinne yn 1982 al ris in re- | |
[pagina 165]
| |
print útbrocht is yn de ‘Titelroas-rige’ (‘Fryske boeken fan bliuwende wearde’) fan De Tille. Minder as de ‘echte KFFB-skriuwers’ skreau Akkerman syn romans neffens in ‘resept’. Akkerman wie yn in grifformearde húshâlding grutbrocht; hy libbe ek wol út in rjochtsinnich-kristlike libbensoer-tsjûging wei, mar as auteur hied er it mier oan ‘opsetlike tapassingen’. ‘Ik skriuw nei it libben en as de frommens der net yn sit, lis ik dy der net op’, hat er sels wolris sein. Njonken romans en koarte ferhalen (almeast bondele krantestikken) hat Paulus Akkerman ek berneboeken, harkspullen, toaniel- en kabaretteksten skreaun. Yn syn lêzingen oer eigen wurk dy't de skriuwer benammen yn de jierren, dat er fan syn pinne libje moast, gauris hâlden hat, hat er faker as ienris ferteld, dat er grutte bewûndering hie foar de skriuwkeunst fan Reinder Brolsma en Ulbe van Houten, mar dat er nea besocht hat dy foarbylden nei te folgjen. Hy woe syn eigen paad gean en koe nei syn betinken net oars skriuwe as sa't er it die. Oan de dichteresse Rixt (H.A. van Dorssen) skreau er op 27 juny 1969: ‘It is mooglik dat ik mei myn skriuwen net hielendal mear by de tiid bin. Ik kin der ek neat oan dwaen. Wol bisiikje ik út en troch it dwaen en litten fan de hjoeddeiske minsken to biskriuwen, mar it Fryslân fan in fjirtich, fyftich jier lyn liket safolle gemoedliker. Goed forkeard fansels, hwant it is sa net, mar ik kin my altyd noch sa fornuverje yn Reinder Brolsma syn boeken.’ Op in fraach hokker boeken er meinimme soe nei it ferneamde ‘ûnbewenne eilân' andere hy yn 1959 yn De Strikel: ‘It jubeljier [fan Simke Kloosterman] en De sûnde fan Haitze Holwerda [fan Ulbe van Houten]; as ik it noch hâlde koe dan De Hoara's [ek fan Simke Kloosterman] ek noch.’ Thús hied er Frysk lêzen leard mei de Rimen en Teltsjes fan de Bruorren Halbertsma en it wurk fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, wylst Yn ús eigen Tael fansels ek ta syn fêste lektuer hearde. It skriuwerskip fan Akkerman kin karakterisearre wurde as dat fan in (swak)realistyske folksskriuwer fan protestants-kristlike sinjatuer mei grutte kennis fan it fermidden fan syn romanpersonaazjes. Hy kin de minsken skerp en raak typearje. Ut al syn wurk sprekt in myld gefoel foar humor. Psychologysk dolt Akkerman net djip en syn romans misse it histoarysk perspektyf, syn wrâldbyld is statysk. Dêrtroch | |
[pagina 166]
| |
bliuwe syn boeken wat ûnbestimd. Der sit wol in soad tragyk yn, mar net folle drama. Konflikten wurde net útfochten, se wurde oantsjutten, der wurdt efternei oer praat. Ek yn it godstsjinstige libben fan syn haadfigueren is der gjin wrakseling om leauwe. As de minsken it swier hawwe, bidde hja fol fertrouwen om treast of help, mar fan in inerlike striid fertelt Akkerman neat. Hy is ek frijwat beheind yn syn stofkar. It giet almeast oer hurd bodzjende en dochs nea folle bedijende minsken út de earste desennia fan dizze ieu. Syn helden binne de lytse wrotters, boeren, komelkers, skippers en winkellju, minsken sûnder folle aventoer en dêrtroch oerhearsket in wat mistreastige, ferfeelsume sfear. Dêr foaroer steane lykwols kwaliteiten as in geef taalgebrûk, ryk idioom en in styl dy't in libbene ôfwikseling biedt fan dialogen en beskriuwing. De rykdom skûlet benammen yn de wize fan sizzen. Akkerman skriuwt yn in folksaardige praatstyl dy't autentyk (‘echt Frysk’) oandocht. Nei in opgeande lijn yn de earste romans - Y. Poortinga konstatearre (yn 'e Leeuwarder Courant fan 17 novimber 1956) by Akkerman ‘efter it wurk de wrakseling om hyltyd ta greater konsintraasje en tagelyk ta greater libbensomfieming te kommen’ - is der net folle ûntjouwing mear te merkbiten yn it skriuwerskip fan Akkerman. Hy liket him letter dellein te hawwen by syn beheiningen en de lêzers hawwe him net útdage. Hja fûnen it oer it generaal ‘moai’ wat er skreau en de measte boeken rekken gaueftich útferkocht. Ek fan ‘offisjele’ kant hat Akkerman erkenning krige, al wiene de resinsinten soms net mijen yn har oardiel. Net minder as njoggen kear hat er in priis wûn fan it Rely Jorritsma-Fûns mei in koart ferhaal, ien kear waard in berneboek en trije kear waarden romanmanuskripten fan sines bekroand yn priisfragen fan de KFFB. Dat Paulus Akkerman yn 1971 de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicx-priis, takend krige foar syn roman It roer út hannen (1968) en de bondel mei koarte ferhalen Dat sadwaende (1969) gunde elkenien dizze beskieden trochsetter fan herten, mar guon kritisy (Trinus Riemersma mei namme) fregen har ôf, oft de advyskommisje Akkerman syn wurk wol neffens suver en allinne mar literêre kritearia hifke hie. Yn syn tankwurd by de útrikking sei de priiswinner oer syn skriuwerij, dat er sels mar al te goed de lekken en brekken fan syn eigen wurk wist, mar, sa einige er syn tankwurd: ‘Ik mei it sa minlike graach dwaan.’ |
|