se foarhinne nea mei te pielen; mar Frearkje koe de eagen der net ôfhâlde. Wat in ljocht, it glinstere en skittere allegearre.
Master fertelde de Krystskiednis en it kaam Frearkje tige nei. Doe songen de bern it ‘Ere zij God’; it sei har mear as mannige preek.
Under it ferhaal fan Wopke Suderhof dwaalden har tinzen ôf, wie hja samar wer jierren en jierren tebek, doe't hja dêr sels noch siet en mei feestfierde. Krystfeest, wat hie it net in hichtepunt west. Mar dit wie noch deselde âlde tsjerke fan doe. Har eagen sochten nei de bank, dêr't heit syn plak plichte te hawwen. Doe socht hja de stoel, dêr't mem jierren en jierren op sitten hie. Sa'n jûn kaam alles by jin op. It wie har allegearre noch sa eigen. Men soe sizze, wêr wie de tiid bleaun.
De jûns hienen hja it mei har fjouweren. De manlju hienen in damboerd tusken har yn, dat Durkje fan 'e souder helle hie. Frearkje siet mei in Krystboekje, mar allegeduerigen kaam har wat yn 't sin, dêr't hja mei Durkje oer prate moast, dy't al wer wat ûnder hannen hie.
‘'k Tocht, Teade soe noch efkes komd ha,’ en Frearkje seach op 'e klok. ‘Dat kin noch bêst,’ Auke seach op fan syn boerd. ‘Teade is nea net sa ier.’
Mar Teade kaam net mear. It hie it doel oars al west. Om njoggen oere seach er op 'e wekker, ‘'k Sil noch efkes oan Auke-en-har ta,’ sei er. ‘Soest dat wol dwaan, Teade? 'k Tocht, wy moasten aanst mar op bêd. Ik ha skjin myn nocht.’ Teade wie daalk beret. ‘Dan dogge wy dat, Wytske en dan moat it aanst ek mar wêze.’
Noch efkes stied er yn 'e waring. De loft wie berûn, it rypte justjes. Yn it ljocht fan 'e lantearne seach er, dat de brêge wyt waard, 't Wie suver stil, mar him tochte der kaam in sigentsje út it easten, it koe him nei winterjen jaan. ‘Krekt op tiid foar de wâl, Wytske; wy koenen wol ris wat winter krije.’ Hy wreau yn 'e hannen. 't Wie smûk yn 't foarûnder.
Yn goede frede en tige iens gyngen hja op bêd.
Mar dy nachts, dy nachts!
Wyts moast him grif al faker oanstjitten ha, hy wie in tige fêste slieper, en kjel waard er wekker.
‘Toe Teade, nei dokter, gau, gau, it is safier!’ Der wie eangst yn har lûd, har dûnkere eagen stiene tige bang.
Yn in sucht hied er wat klean om 'e lea, soks naam gjin tiid. ‘Earst de bern...’ ‘Nee, nee, earst nei dokter, gau, ik leau Teade, it is net