litten Wolsumerkeatling telâne kommen. As 't yn in boek stie, soe men it net leauwe wolle.
Frearkje skrok suver op. Hja hie ek safier fuort west, fan alles hie hja wer by de ein hân. Der kaam noch in skip foar de wâl. Hja kuerde oer de ûndergerdyntsjes, 't soe wêze kinne dat hja kunde oan 'e lju hie. Doe ynienen seach hja 't; tagelyk wie hja ek oerein. 't Wienen Teade-en-har!
It briefke saaide oer de flier, yn 't foarbygean skopte hja Andele' broek mei it stikken krús ûnder de tafel. Teade sette krekt de lêste healstek op it tou om 'e brêgepeal, trije bern stienen yn 'e waring en Wyts stiek de holle ta de kape út.
‘Heden, heden, heden, wiene jimme dêr!’ Hja klapte yn 'e hannen en hie triennen yn de eagen. ‘Teade jonge, hoe is 't mei dy!’ Dy naam it lykwols o sa kalm op. ‘Frearkje, noch goed?’ Hy lei mar justjes in pear fingers yn har hân.
En doe de bern. ‘Wienen jimme noch net op bêd? No, no, no. En soenen jimme ris by muoike sjen?’ Ien foar ien naam hja harren op 'e earm. De lytse Freark mei in slimmen groede boppe oer de holle gyng soks winliken stoefernôch. ‘En Wytske, hoe is 't mei jo? Wel, wel; no, mar gau meielkoar yn 'e hûs, wat sil jimme omke Andele hjir fan sizze.’ De beide lytsten sliepten fêst. Wyts doarde der wol efkes by wei. 't Koe net lang fansels, de oaren moasten ek op bêd.
Dêr sieten hja dan yn 'e brêgewipperswent op 't Wolsumerkeatling. De bern hokken wat ferlegen om Wyts hinne, Teade stoppe út Andele' fetsje. ‘Jimme sitte hjir moai, Frearkje.’ Dy skrepte mei tee en koe der noch net oer út, dat hja Teade-en-har hjir no hie. ‘Ja, wy ha in fracht stien yn foar Boalsert,’ soks wie tusken twa grutte halen troch, want hy hie de brân der yn.
Doe kaam Andele der yn, mar as hied er har dêr ferwachte, sa kalm bleau er. ‘Ha wy jimme dêr ek ris, noch goed?’ En doe't er it rigeltsje bylâns west hie: ‘'k Ha wat iel efter op 'e strjitte lein, Frearkje; wêr sille wy dêr salang mei hinne?’ Dy joech amper beskie. Wa koe no mei in soadsje iel stean? Dy soenen der wol bliuwe. Mar Andele skode wer yn 'e klompen om earst syn fangst in goed plak te beskikken.
Frearkje swaaide mei de treppot, de bern krigen ek har part. Hja rattele mar foar 't âlde faderlân wei en frege hûndert út. It wie Wyts almeast, dy't beskied joech.
Andele en Teade rekken yn in kalm en evenredich petear. Skoften