ferhaal en wie fuort net útpraat. Doe't it einlings efkes stil wie, sei Wyts ynienen: ‘It wurdt it allerminst foar jo,’ en hja kearde har alhiel nei Frearkje, ‘jimme hawwe salang tegearre west; wêr sille jo no keare moatte?’
‘Ei bern, soks komt wol klear!’ Mar dat sizzen fan sa'n Wyts die Frearkje och sa goed, en foar it earst fielde se wat fan tagedienens foar it grutte en grouwe frommes, dat fan jierren op 't lêst noch in jongfaam wie.
‘'k Hie oars tocht,’ en Wyts grommele hast, ‘as der yn it nije skip dochs safolle romte is as Teade seit, dan koenen jo ommers bêst by ús bliuwe.’
‘Dû hellest my de wurden út 'e mûle, Wytske,’ sei Teade fol fjoer.
Dêr waard sa'n Frearkje dochs oars fan. It wie sleau fansels, mar it moed skeat har fol; hja woe it net wêze. ‘Jim binne wol wizer, dat kin neat wurde, ik set in advertinsje yn 'e krante om in plak as húshaldster, dêr ha 'k altyd al nei útsjoen.’
Dêrmei wie dat út, mar fan dat eagenblik ôf seach se Wyts mei oare eagen; dy hie in plak krige yn har hert. Hja soe noch in bulte leare moatte, mar Teade koe der in goed wiif oan krije.
Hja setten noch mei elkoar nei Auke en Durkje, oars gjin praat as oer it nije skip fansels, ‘it izeren skûtsje’ sa't Teade sei.
‘No is der noch ien ding,’ sei Teade, doe't se dan alles en alles bepraat hienen, ‘dêr't wy noch foar riede moatte. It skûtsje moat noch in namme ha. “Johanna Jacoba”, stiet der op, nei de oare skipper syn wiif leau 'k hast foar 't neist. Dat kin der net op stean bliuwe, no?’
‘Dêr binne wy gau klear mei, soe 'k sizze.’ En Auke gnyske en knypeage sawat spotsk nei Wyts. ‘“De goede verwachting”, soks is alhiel tapaslik.’
Fan sok lef en dûbelsinnich praat koe Frearkje wol spuie, hja begriep Auke wol, hy hie dat mear by de ein. It like dat Wyts de bedoeling ek snapte, hja nokkere sawat guodlik, mar Teade hie nearne gjin erch yn.
‘'k Haw der alris oer prakkesearre, hjoed ûnderweis ek noch...’ Hy draaide sawat om 'e kant; Frearkje hâlde har hert fêst, der soe wat moais komme grif: ‘De Vrouwe Wytske’ of in oare healwizichheid. Mar it foel ta.
‘'k Tochte as wy it ris “Vertrouwen” neamden...’ Teade seach wat ferlegen om him hinne, mar Frearkje foel him fuortynienen by. ‘Dat is