XI
Alles gyng syn wenstige gong, der kamen gjin bûtengewoanichheden, hja foeren har frachten lykas alle jierren. De tiid skeat al wer op, de fracht lichte Appelskeasters hienen se al wer lost, in dei as wat soenen se leech lizze, dan krigen se twa frachten rûge dong foar de Wâlden. Doe barde it, Teade kaam alhiel oeral oan board mei it nijs dat er heard hie fan in frjemde skipper dy't op 'e helling lei: ‘Der is yn Wergea in spiksplinternij izeren skûtsje te keap, kant en klear, it moat noch fan 'e helling, en moarn sille wy der hinne!’
Frearkje, dy't nearne op betocht wie, koe him mar amper folgje; doe tocht se: krekt in jonge dy te aaisykjen sil of it ien of oar. Hja bleau och sa kalm: ‘Wat is der winliken te rêden, en mei wa silstû nei Wergea ta?’
Teade bekaam dêr net fan, alhiel út 'e skroeven die er syn ferhaal fan in skipper, dy't in nij skûtsje bouwe litten hie en stoarn wie op 'e selde dei dat it skûtsje fan 'e helling soe; no woe de famylje it wol ferkeapje en it mei de priis faaks wol in bytsje skikke. ‘Wy soenen der moarn tegearre hinne, Jurjen-baas fan 'e helling en ik.’
It sloech Frearkje bang om it hert, mar oan 'e oare kant wie se ek wer grutsk op Teade, dat er dit oandoarst, soks hie se no nea by him socht, der like dan dochs mear yn te sitten as hja altyd tocht hie; as hy der mar net te licht oerhinne gyng!
‘Doarst soks oan, Teade?’ frege se him op 'e man ôf, ‘it is in hiel stik.’ ‘Wêrom net? As alles in bytsje slagje wol, moatte wy dit al hawwe.’
Dêr hienen jo it no al: wêrom net? sei er, krekt as it allegearre neat wie. Hja brocht him soks ûnder it each, mar Teade like syn plannen al sa moai aardich foar elkoar te hawwen. Under iten hie er oars gjin praat, en doe't it berêden wie, sette er fuort mar ôf nei de helling om de frjemde skipper út te kloarkjen oer de eigenskippen fan it nije skûtsje.
‘In nij izeren skip?’ sei Auke dy jûns, ‘soks liicht der net om, dat rint yn 'e papieren, dàt is noch oars wat as in nij kap!’
‘Faaks sa goed ek wol,’ stikele Frearkje, mar Teade sloech it gjin acht. ‘Jo moatte sa mar tinke, Auke, der is jild genôch yn 'e wrâld.’