Wa wit foel it ek noch net wat ta; dat soe men mar hoopje. Mar wêr't hjasels dan ris belânje moast? Frearkje glimke. Hja hie der dochs nei útsjoen om hjirút en wat oars; no krige se dan skielk faaks de gelegenheid, en no wie it wer net goed. Sa wie in minske no ienkear. Mar mei weemoed tocht se oan Klaze Hiltsje, in widdo no ja, mar oars kalm en sêft, in evenredich minske, dy't dochs wist wat se woe, en dêrnjonken dy grouwe Wyts, wol goed, mar nochteren as in bern en de holle mar wakker skril omheech. Teade hie de lêste foar kar nommen; hy moast der sels mei oanpiele, mar it wie har broer dochs, en op 'e nij rekke se yn prakkesaasjes.
‘Sitst noch yn it tsjuster?’ sei Teade doe't er efkes letter oan board kaam.
‘Och ja, 'k hie wat skimere, mar Teade,’ sei Frearkje rêd, ear't er ljocht meitsje koe, ‘ik tocht krekt sa, as ús folk no noch libbe hie, wat soe heit sein hawwe fan dizze faam?’ It bleau efkes stil. ‘Dêr fregest my wat, Frearkje. Wat sil men dêr folle fan meitsje; wel ik soe sizze, Wytske is goed tsjerksk en dêr plichte heit nochal wat op te stean, soks witstû ek wol, dat hy soe hjir wol mei ynnommen west ha.’
‘Dêr is it allinnich net goed mei,’ sei Frearkje noch, mar fierder swijde se der oer; hja fernaam it wol, it joech allegearre neat. Hja socht om lúsjefers.
‘Mar no nochris wat oars, Frearkje. Wy hawwe al oer trouwen praat sneintejûn, wat seist dêrfan?’
Frearkje waard kjel en ear't se der op fertocht wie sei se: ‘Der is dochs gjin haast by, Teade?’
‘Nee, nee, lokkich net! Fij Frearkje, wêr sjuchst ús no foar oan?’
‘Nee, neat,’ en hja wie alhiel feralterearre. ‘Mar ik tochte it is sa gau. Jim kenne elkoar kwalik.’
‘No, kwalik, kwalik? Dat is no wer tefolle sein.’
Mar Teade wie bliid dat it tsjuster wie, it foel him net ta dit boadskip Frearkje oer te bringen, sûnt de moandeis hie hy der al mei omrûn. ‘Dû moatste tinke, Frearkje, wêr sille wy op wachtsje? Ik haw it allerjongste al hân en Wytske stiet poer allinnich op 'e wrâld; dêrby...’ en sels yn it tsjuster doarst Teade net opsjen, ‘wy miene it elkoarren, dat 'e...’ ‘Dit giet my winliken stoefernôch om dy de wierheid te sizzen.’ Frearkje kaam wat ta harsels en fûn alteast wer wurden. ‘Dat hat my hjir in blaumoandei ferkearing en begjint my staf en af oer trouwen te praten! Ik stean soks net, dêr moat wat efter sitte.’