‘Ik wol it no sa ris besykje; 'k moat avensearje as it noch wat wurde sil, dat dêrom.’
Frearkje wist net wat se hearde, dat hy dêr sa gewoan oer prate en net lilk waard of ferlegen of wat dan ek, sa'n Teade dochs! Auke woe him der mei narje en Frearkje hâlde har de lea stikken, mar hy feroare him der net om, ja, spriek mar knap fan him ôf.
Ien hope hie Frearkje noch: dat dy faam him ôfskriuwe soe, dan wie alles út en koe er him deljaan. Mar de post gyng elke kear foarby; sûnder it ien of it oar kaam de snein en wie de baan foar Teade rom. Hja hienen der mei gjin wurd wer oer praat, mar dat Teade der dochs wol tsjinoan seach, fernaam Frearkje mâle skoan. Dy deis fjouwer, fiif kear de steech op, hja brûkten it húske fan Wiberens Tet, en soks wie alhiel Teade' wenst net, want dêryn wie er och sa geregeld. Hja hie der gjin meilijen mei, hy die it himsels oan; mûglik dat er mei ienkear ek wol genêzen wie.
Dy jûns stie Teade ree, de jekker oan, in feilichheidsspjelde yn 'e boksen, dy't er oer in pear learzens hie; it soe wiet en smoarch wêze yn it lân.
‘No, mar foarsichtich,’ sei Frearkje. Hja woe ek net sa raar en mâl, en it begrutte har ek noch om him. ‘Wolst ek noch wat yn 'e bûse hawwe, it ien of it oar, in pear stikken bôle of in hoekje koeke?’
It trof sa moai aardich mei it waar, stjerhelder en net folle wyn. Aanst soe de moanne der by komme, it wie earste kertier of dêromhinne; dêr koe er yn it lân noch gâns genot fan hawwe.
Frearkje bleau allinnich efter. Hja striek de boel noch in bytsje oan; doe sette se mar ôf nei Auke en Durkje, dêr hie se alteast wat oanspraak.
‘It sil my ris benije hoe't dit ôfrint!’ en Auke glimke sawat swiet. ‘Men soe der yn 'e goedichheid it bêste fan hoopje,’ suchte Frearkje. ‘Wat dy Teade no bemaalt? As er no mar mei ien kear takocht is, dan mei it hinnebruie.’
‘Wêrom, minske? It is him wat let yn it sin kommen, mar hy mei syn wille fan 'e froulju hawwe sa goed as in oar.’
Soks wie raar en flau praat, wêr't Frearkje gjin antwurd op joech. Doe besocht Auke it oars: ‘Is it in ferkeardenien dy faam, Frearkje, dat jo der sa op tsjin binne?’
‘Ferkeard? Wel nee, dat no fuort net, soks soe der ek noch by komme moatte, mar it is gjin partoer foar Teade, it liket gjin ding, ik woe him