stiet dy mar linich, Teade! men kin sjen datst omke wurden bist.’ Doe krige Poai de lytse Freark oer, en sakken se ôf nei 't keammerke. It waard foar Durkje nammers ek te drok, safier wie it hinne.
Auke eide nochris justjes oer hoe't ien en oar yn syn wurken gien wie, wylst Poai him te help kaam as er hjir en dêr ris wat al te licht oerhinne gyng. ‘En no moasten wy mar ris sjen oft der ek wat ûnder de koark sit, Poai.’ En Auke wie sa grutsk as in flie, soks wie him mâle skoan oan te sjen.
Teade hearde dêr sawat en joech him justjes oerein. Dat wie teminsten oar praat!
‘Soks is winliken noch gauwernôch,’ sei Poai. ‘Fansels, ik wit wol it is neiste famylje...’
Frearkje woe ek nearne fan witte. Teade doarst syn miening yn dizzen net te sizzen, dêr hied er syn reden ta, mar hy wie tige benijd hoe't dit hjir ôfrinne soe. Mar Auke hâlde foet by stik. ‘Praat fan neat allegearre! Wy moatte drinke op 'e jonge soan, gjin mirakels, Poai!’ Dy hie it trouwens mear sein út fatsoen, en der yn it minst gjin erch yn hân dat Frearkje har byfalle soe. Dêrom wie se al by de kast ear't dy wer oan it wurd komme koe.
‘As jo it dan sa hawwe wolle, dan foar de froulju mar in bramboaske tink, en de manlju wat kleare fet faaks? Rezinen haw ik noch net, mar wy sille it wol rêde.’
Dat rûn dan mar bêst ôf, tocht Teade, en hy skikte wat neier by de tafel.
Frearkje koe it net litte, mûglik om't Auke syn sin wer krige hie, om sawat glimkjend te sizzen: ‘En no is de jonge soan dochs noch yn it bedstee te wrâld kaam, n't Auke? Ik tocht oars dat jim dêrom timmere hienen.’
It moast gekheid hjitte, mar Auke fielde it wol; dat wie no echt dy âlde Frearkje wer.
‘Dokter woe it net lije, it wie te kâld foar it bern, dat wat soenen wy oars?’
Doe die Poai, sûnder erch, harres der noch oerhinne. ‘Dy neakene, sigerige ledikanten en dat om distiid? Praat my dêr net fan, bern! Men soe der jin in krupsje fan op 'e hals helje. En dat wylst men in waarm smout bedstee hat? It soe de dwaasheid yn top wêze.’
Soks hoegde Frearkje neat mear oan ta te dwaan. Auke swijde der