Auke hearde swijend ta. It wie krekt oft er wol it ien of it oar ferwachte hie dat in streek troch syn rekken helje soe. Jierrenlang hie dit it grutte doel west, mar de lêste dagen no't hy der dan sa tichteby wie, hie it krekt west oft er te heech rikt hie. Hy wie ommers mar in arbeidersman en hie by de grûn bliuwe moatten, en dêr hienen jo it no al. ‘It allerbêste wie,’ en Jelle mike sawat skean omheech nei de âld souder, ‘de hiele boel mei de grûn lyk en in hiel nij húske. Navenant soe soks ek noch fierwei it goedkeapste komme, mar ja...’
Just, sinten wie ek wat, soks wist sa'n Jelle ek mar al te goed.
‘Soe der gjin oare wei op wêze, Brinksma?’
‘No, gjin, gjin. Men soe faaks wol wat beprakkesearje kinne, mar ik ried jo te'n bêsten.’
Auke knikte; it swit briek him út, hjir siet er no mei de mûle fol tosken, en jûnen oanien hie er tsjin Durkje in steil wurd hân oer de fertimmerderij, hie er him der op foarstean litten dat hy soks oandoarst. En no krige er de rekken thús...
‘Nee, Brinksma, alhiel nij, dêr kinne wy ús fuort wol ôfsette, dat wurdt neat. Jo moatte mar sjen hoe't it oars giet en dan op 'en bêsten.’ ‘Ik sil myn bêst dwaan, haw dêr mar gjin noed mei. Mar sa't ik sis, it bliuwt lapjen, en der sil noch al wat bykomme fansels. Ik haw der hjoed al ris oer rekkene, mar der komt in smoarge fiif-, seishûndert gûne oerhinne, sa ut 'e rûchte...’
Auke waard kjel, mar dat sizzen makke him poer.
‘Soks hienen jo foartyd dochs sjen moatten, dan wie de hiele rommel oergien. Wêrom komme jo dêr no earst mei oan, no't it te let is? En dan mar wer safolle derby! Wel ja, neat allegear! It is mar in arbeider, dy mei elk traapje safolle as er wol, dêr kin men alles mei úthelje!’
De fûst kaam op 'e tafel, mar Brinksma bleau kalm.
‘Wy moatte der ferstannich oer prate, Auke, de syd- en de eftermuorre dy dogge it him...’ En yn dy trant prate Jelle troch, kalm en evenredich. Auke fernaam wol dat er hjir net tsjinoan koe en dat er it ferlieze moast. De man koe it ommers ek net helpe.
‘Ik soe sizze, praat der ris mei elkoar oer,’ en Jelle gyng oerein, de oprôle blaudrukken yn 'e hân.
Auke bleau allinnich efter. Hjir wie net folle oer te praten, alteast mei Durkje net. Fan Durkje' ja of nee soe it gefal neat feroarje. Der wie mar ien dêr't er mei prate moast en dat wie Frearkje. De hân iepen en ‘asjebleaft,’ dêr gyng it op ta. Dat waard in swier stik! Dat er hjir no sa