oan; hy hie sawat omstrúnd nei brea-iten. No soe er mar wer op board oan, Frearkje soe de tee faaks brún hawwe, en dan mar nei koai. Hy hie goed ret, hja hie de teeboel op 'e roef set, en siet sels op it helmhout te breidzjen. Troch en der troch tefreden joech Teade him del, en stoppe de lêste piip foar de nacht. Sa'n setsje foar bêdtiid mei sok kostlik waar yn dizze fredige wrâld wie krekt wat foar Teade. Mar Frearkje hie ek yn 'e rekken dat dit har gouden oere wie. Lykwols, hoe yn 'e goedichheid moast se him dermei oan board komme?
En sjuchdêr, foar in grut wûnder sette Teade de fûke dêr't er sels yn sile soe.
‘It sil skielk in hiele feroaring jaan by Auke-en-har,’ sei er, mar hy seach net op. Soks hie se ek net ferwachte, it sizzen allinnich al wie mear as dat se hoopje doarst hie.
‘Dat seist goed, Teade, tink ris ta, no moat it ris in jonge wurde, in Freark, it is sûnde fansels, mar hast soe men winskje, dat heit dat noch belibbe hie. Mar witste, Teade, wat my justerjûn yn it sin kaam? It sil in Freark Bosma wurde; wat soe it in goed en skoander ding wêze as der yn 'e takomst in lytse genamt kaam, alhiel de âlde namme.’
Sjesa, dat hie se sein. Mar Teade woe him der sawat ôfmeitsje, hy like wat te fielen, hy eamele sawat fan: ‘Al moaiernôch,’ en mear fan soks. Lykwols, dêr wie hy der by Frearkje net mei klear: ‘Nee, Teade, dû witst sels wol better, wy hoege der ek net omhinne te praten, mar astû no ris trouste...’
Teade krige in kleur dat Frearkje dy kant út woe; dêr hie er it minste erch noch net yn hân. Hja hie der wol faker sawat op ompraten, mar dit gyng him dochs wierliken te stoef. Hy bearde mâl.
‘Nee, dû hoechst sa net te bearen, sa gek soe soks dochs net wêze,’ en Frearkje, yn 'e wittenskip dat se no alles sizze moast, skode wat tichter nei him ta. ‘Ik hie tocht, Teade,’ en hja lústere hast, ‘wat soest sizze fan Klaze Hiltsje...?’ Mar dat liet de mjitte oerrinne; Teade, dy't earst troch en der troch ferlegen west hie, waard no poer: ‘Wat wolsto mei dyn healwiis geëamel? Ik sil my sels wol rêde, en trouwe doch ik noait, dêr is it mei út!’
Lilk sprong er oerein, en fan kleare grimmitigens skeat er fuort foaryn en gyng op 'e koai. Dêr siet Frearkje dan allinnich en ferlitten by de kâldwurden tee. Hja soe gûle kinne op it stuit, har bedoeling hie sa goed west en no dit... Teade soe mei in dei as wat wol wer bykomme,