| |
| |
| |
III
Ruerd Wynja stie al grou tweintich minuten op Auke te wachtsjen. Soks woe er gjin wurd ha fansels, it joech gjin foech dat hy as boer dêr stean soe te wachtsjen om sa'n Auke oer in hûndert gûne as wat jild te pingeljen. Dêrom strúnde er wat yn it hôf om, krekt as hie er dêr beuzichheid. Hy rûn in kear as wat nei it keal dat dêr oan it tsjoar siet, en loerde yn 'e âld apel- en parrebeammen as wie dêr wit wat oan te sjen. Mar algeduerigen kipe er oer de hage it fintsje del oft Auke der noch net oankaam. Faaks dat er jûn wat oan 'e iere kant wie, justerjûn wied er him ûntkommen, soks moast foar de twade kear leafst net wer; dêrom wied er jûn miskien in bytsje skrap en Auke faaks wat let; nammers dat koe men op 'e Binnema's pleats ferwachtsje, gjin grissel regel, de iene jûn sei dêr de oare net.
Wynja helle it sulveren horloazje yn 'e swiere kast ûnder de blaukile wei.
It waard ek mear as tiid, sa wie it al; hy soe noch mar effen geduld dwaan. Fansels koe er, as er op in jûntiid yn 'e buorren kaam, by Auke harres oanrinne en sis syn boadskip; it wienen syn eigen sinten. Mar dan soe it wêze oft er de boel net stie, en soks woe er foarkomme. It wie better sa; no't Auke in stikmannich sinten om hannen krige wie dit de iennichste gelegenheid. Och, it wie wol betroud faaks en net dat it dreau; mar jonge, dat arbeidersfolk en dan wat sinten, it wie sok raar guod!
‘Jûn boer.’ Wynja skrok. Dêr wied er op 'en ûnferwachtst. Hast wie Auke noch trochrûn, mar de âld boer wie beret en yn in pear stappen by de hage. ‘Navend, Auke; hjoed de greppels der út krigen yn 'e five, tink?’
Auke bleau stean. Soks wie gjin wenst by Ruerd Wynja en hâld in arbeider oan 'e praat; mar hy hie nearne gjin euvelmoed yn, en dus die er útlis oer it hoe en wat.
Wynja wie sa'n ûnderhâldend prater, mar doe't it petear efkes stûke en Auke hast wer fierder soe, kaam er noch in stap tichter by de hage, en wylst er om him hinne seach oft ien har faaks ek beharkje mocht, sei er: ‘Wy prate no dochs, Auke, it komt my sa yn it sin, mar mei trije moanne woe 'k de hypteek wol ôflost ha; ik miende hast dat der trije
| |
| |
moanne ta stie, it kin ek fjouwer wêze, it komt trouwens op in wike net oan, hear, alhiel net. Mar no't ús Sytse aanst trout, moat ik tsjin 'e hjerst wat los jild om hannen ha, dat sadwaande...’ Hy prate der noch wat op troch, och sa sêft, hast mei in glimke om 'e mûle.
Mar Auke hie him sketten. Streupte de âlde dêrom yn it hôf! Lykwols, hy wie him treast dizze loop: ‘Dêr hoege jo gjin fearnsjier op te wachtsjen, Wynja, hiel yn 't koart sil ik it wolris oanbringe.’
‘Neat gjin haast, hear, neat gjin haast,’ kearde de boer ôf, mar dêrmei wie it petear ek út. Wynja wie tefreden, sjesa! Dat wie dan foarelkoar. Hy hie wol fernommen, dat Auke in bytsje stikelich waard, mar soks wie suver neat, dy kaam wol wer by en hy krige syn sinten.
Dat sa'n âld boer him dêr no om frege, tocht Auke, krekt as wie de boel net betroud. Hy hie syn sinten oars ek wol krige, mar no wie de aardichheid der ôf. Hy hie it him al sa faak foarsteld: hy soe op in jûn gewoan nei Ruerd Wynja gean te rinte beteljen, en as dat berêden wie, soe er sa kâldwei sizze: ‘Ik hie tocht, boer, wy moasten mar útelkoar,’ en dan soe er in steapeltsje papierjild út 'e bûse helje en it úttelle op 'e tafel, en dan it gesicht sjen fan sa'n boer!
Dat rûn no alhiel mis; de âlde hie it al op 'e fingers útrekkene dat er no ta syn sinten komme koe, en dan moast er jin der planút om freegje fansels, wel ja!
Durkje koe dy jûns fergees riede wêrom't Auke sa stúmsk en lêbich wie.
Op in jûn doe't Auke en Durkje sawat yn it skimer sieten, kaam hy mei syn plannen foar it ljocht. Durkje soe der neat op tsjin ha fansels, mar yn alle gefallen moast hja der yn kend wurde, it koe hast net oars. ‘Ik hie tocht, Durkje, as wy skielk ús part barre, dan moast Ruerd Wynja syn mannich sinten mar hawwe, dan is dat út 'e wei’. Tsjin Durkje soe er alteast syn eare ophâlde. ‘Wy hâlde dan sels noch in krom oer, net ienris safolle, dat net, mar sok jild moat yn alle gefallen plak ha; ik woe it no mar belizze yn ús hûs, ik hie tocht it âld kap der ôf en in nij besketten tek der op, wat seist.’
Dat allegearre kaam Durkje oer it mad. Auke hie faker mei grutte plannen omrûn wêr't hja gjin weet fan hie, mar dit like er al moai aardich foarelkoar te hawwen.
‘In nij kap? Toe mar, toe mar! It soe moai wêze, fansels, it soe moai wêze; en wy kinne it no betelje.’
| |
| |
Dêr hiene jo Durkje no wer, tocht Auke, hoe soene se it betelje kinne as Ruerd sines der earst ôf moast? Hy bleau lykwols kalm, hja wie net wizer.
‘No nee, wy sille it net alhiel bestuiverje kinne. Mar dêr is wol rie op. Sjuch ris, jim Frearkje hat sa daalk dochs gjin plak foar it jild. Teade is noch in manspersoan, dat is wat oars, dy moat him der sels mar mei rêde; mar as wy Frearkje' part no ris ûnder it hûs namen? It is dan feilich útset, hja is wis fan 'e rinte, en hja hoecht gjin frjemd.’
Durkje knikte. ‘Hast der mei Frearkje oer praat, Auke?’
‘Noch net, ik woe wachtsje oant wy by notaris west hawwe, dêr woe 'k it har sizze.’
Auke stelde it foar as moast it in ferrassing foar Frearkje bliuwe, dy't er sa lang mooglik stilhâlde woe.
Oer de sinten waard doe net mear praat, mar Auke weide út oer de deugden en eigenskippen fan it nije kap, it wie alhiel in wûnder. En Durkje knikte mar en wie it yn alles mei him iens. Hja soenen in hûs krije neffens Auke wêr't gjin arbeider út it hiele gea oan reitsje koe.
Och sa tefreden en tige iens gyngen se dy jûns op bêd.
En doe kaam der tynge fan it notariskantoar, hja koenen komme dan en dan. Mei har trijen reizgen se der hinne, Frearkje hie der net fan witte wollen, soks wie manljusspul, mar Auke hie har foarhâlden dat se hjir net foarwei koe. Sa gyngen se de reis dan oan; de bûter soe no jild jilde!
Yn 'e grutte gong fan notaris wie Frearkje al net mear op har gemak. Hja woe wol dat se oan board wie, en doe't in klerk harren de doar iepenhâlde, like op dat stuit de nauwe roef fan it lyts foarûnder har royaler yngong ta as de steatlike donkerbrune ekenhouten doar fan mynhear syn keamer. Mar doe't se hast weiwaard yn 'e grut learen stoel, bêde mynhear har del. Hy hie mear lju yn 'e stoel hân, o goede ja! en hûnderten dy't mei gâns pynliker boadskip kamen as dizze trije minsken.
Doe't Auke en Teade smookten, út it goedkeape kistke, koe it spul dan begjinne. Earst noch wat fiven en seizen fansels, hoe giet soks? Mar sa njonkelytsen kamen se dochs ta har doel. Mynhear neamde de sifers, en foar de safolleste kear foel it Auke ôf.
‘Ik tochte, Bosma,’ dat wie tsjin Auke, ‘jo soene de sinten wol brûke
| |
| |
kinne.’ Men hoegde dy âld rôt neat te fertellen, tocht Auke, dy wist oeral fan. Mynhear rikte efterom nei in plat jildbakje en telde Auke syn part achteleas foar him op 'e tafel út.
‘Ja, sa is 't krekt, mynhear.’ Auke tipte de briefkes ien foar ien mei de finger bylâns en burch it doe op. Hy hie noch nearne gjin euvelmoed yn.
‘'k Wit net,’ en mynhear skikte wat rjuchter yn 'e stoel, ‘as jim fuort ek jild barre wolle, mar as jim der gjin plak foar hawwe, dan wol ik it salang wol foar jimme bewarje. Ik jou fjouwer persint en it is wis belein. Ja, net om my, hear, mar 'k tocht, it wie foar jimme faaks wol maklik...’
En soks dêr siet Auke no by en koe neat sizze, want Frearkje wist noch fan neat en hjir by notaris koe er yn 'e goedichheid dochs ek net mei syn útstel komme. It swit briek him út.
Hy besocht efter notaris om tsjin Frearkje te skodholjen, en Teade skopte er tsjin 'e foet, mar dy hiene beide neat yn 'e gaten fansels. Hja seagen by notaris syn wurden teminsten as waard der harren lij wetter yn 'e earen getten, en knikten beide om it fûlst, en seinen: ‘Asjebleaft, mynhear!’
Dêr moast men no by sitte mei de mûle op it slot! Auke kniep syn hannen ta fûsten, en swijend seach er it oan hoe't Frearkje en Teade de namme setten. Lykwols, hjir wie it lêste wurd noch net oer sein, sa wie it al in kear! Op 'e weromreis hâlde er him noch yn en sei boe noch ba, mar doe't se thús wienen, kaam er los. En Frearkje sels makke de boel oan it rôljen.
‘Hè, dat ha wy dan ek mar wer hân; hoewol, ik kin it net oars sizze, it is my tafallen. In alleraardichste man dy notaris, en sa ynnimmend en sa behelpsum; mei dy jildboel ek, hy woe oeral foar soargje, en it is dochs poerfrjemd.’
‘Ja, dy fûke binne jimme moai ynsyld,’ en Auke seach as in ûle. Teade skrok dat it sawat die, en fuortynienen kaam Frearkje ferheard: ‘Hoe woenen jo sizze, Auke?’
En doe sei Auke it leksum op: dat se har fan sa'n âld notaris yn 'e pet lûke litten hiene, dat se net los betroud wienen, en mear fan soks, it naaide der sa út!
It gyng Durkje troch alles hinne. Hja hâlde it hert fêst hoe as dit komme mocht, want as Auke ienkear ôfrûn, hie men it fuort noch net hân. Teade seach skruten foardel, as in skoaljonge dy't fan master op
| |
| |
in slim stik betrape is. Mar Frearkje wie der ek noch, en alhiel net ferheard diskear. ‘Wat moat dit, Auke, en hokker kant wolle jo út?’ frege se op 'e man ôf en seach him lyk oan. Hy moast net miene dat er it hiele ferkear te regeljen hie; dat moast him mar ris oan it ferstân brocht wurde, koe it net yn goedens, dan mar yn lilkens.
Dy toan en dy eagen bekaam Auke fan. Hy wie te fier gien, dat wist er sels ek, en woe er ta syn doel komme, dan soe er ynbine moatte. It wie frijwat sneu foar him, mar wat it swierste wie, moast it swierste weage. ‘No, ik haw faaks wat tefolle sein, ik bedoelde it winliken sa slim net,’ en de kleuren sloegen him út, mar Teade en Durkje kamen wat by. ‘Mar dat it sa rûn mei dy sinten fan jimme, wie winliken in misrekken foar my.’
Frearkje' eagen twongen him om fierder te gean; alles soe er op-bychte moatte. Soks wie dûbel swier nei de stoarm fan sapas, mar it soe moatte, woe it nije kap him op it lêste nipperke noch net ûntkomme.
Doe lei er út sa en sa... ‘en dêrom tocht ik wat fan jo sinten ûnder it hûs, Frearkje.’ Mar dy joech gjin krimp.
‘Wel man, timmerje mar raak; de sinten ha jo ommers yn 'e bûs!’
Nochris moast Auke lytsman wurde, en yn it bywêzen fan Durkje tekst en útlech dwaan hoe't it siet mei de hypteek fan Ruerd Wynja. Sels tsjin Durkje koe er syn eare net mear ophâlde, mar no soe it dan ek genôch wêze.
Frearkje knikte as immen wa't in grut ljocht opgiet en dy't dingen sjucht dy't him lang ferhoalen west hawwe. Mar doe skodholle se.
‘Nee, Auke, hjir sil ik net oan meidwaan.’ Och sa kalm sei se it, mar tige wis, hja ûnderstreke de wurden mei de finger op 'e tafel. ‘Ik haw mear as ienris heard, jild yn âlde hûzen sette is maklik, mar it der wer út te krijen is minder, dat dêr sille wy net oan begjinne.’
Doe gyng Auke yn 'e pleit, sà froed, de liuw wie in laam wurden; hja koe in skiklike rinte betingje en jierlikse ôflossing koe se steat op meitsje as op harsels. Mar Frearkje liet har samar net belêze.
‘Ik sis mar, it jild is by notaris betroud en ik hoech nearne oer yn noed te sitten. En dan yn sa'n âld hûs, nee, soks liket my neat te goed ta, en jo sizze dat no wol fan dy ôflossing, Auke, de foarnimmens sille wol goed wêze, jimme binne noch tegearre en dan sil it wol gean, mar jim kin ek ris in húshâlding krije, hoe komt it dan? Men moat oeral mei rekkenje’.
| |
| |
Durkje skeat in kleur. Soe Frearkje wat oan har fernommen hawwe? Men hearde it mear dat sokke âldfammen fan sa'n goed fjirtich yn sokke dingen och sa skerp seagen.
Mar Auke krige moed. Wat Frearkje as in beswier neamde, soe it krekt trochskuorre moatte.
‘Jo neame dat dêr no; wy hienen der noch mei nimmen oer praat, mar no't wy it der dochs oer hawwe, as alles goed giet, ferwachtet Durkje fan 'e hjerst of dêromhinne in lytsen.’
Dêr waard it stil fan. Auke sei soks sa mar planút wêr't sa'n Teade by siet. De jonge hie syn jierren, dat net, mar it wie noch in feint, dêrom hie Auke der better in bytsje mei ferdrach mei oankomme kind, tocht Frearkje, mar it wie al sa.
‘Sjuch ris,’ en Auke fielde dat er grûn ûnder de fuotten krige, ‘wy binne net sa hiele jong mear, Frearkje, in grutte húshâlding meie wy net mear op rekkenje; dêrom hoopje wy beide sa dat dit in jonge wurdt, dan woenen wy him Freark neame, nei jimme heit. It sil in Freark Bosma wurde fansels, mar dochs in Freark, mooglik de iennichste dy't nei jimme heit neamd wurdt, want Andele hat him nea mei froulju bemuoid, en Teade sil ek gâns feroarje moatte wol dat noch wat wurde. No soe ik sa binlike graach wolle dat ear't de lytse jonge komt de timmerderij ynoarder is. It sil dan mei alles net sa'n behelpen wêze, en it kin no't de sinten der binne... Mar ja, fansels...’ En Auke loek oan 'e skouders. Dit wie net mis, dat seach er skoan. Frearkje swei noch, mar efkes bekomme litte, hja soe no bydraaie.
In lytse Freark! tocht Frearkje, en oars nei mem, dat soe ek goed wêze. Dit hiene de âldelju noch belibje moatten! Mar dy wienen ferstoarn. Mar hja soe de âld namme wer hearre meie fan Durkje' bern. ‘Ik sil der nochris oer tinke, Auke; it driuwt dochs net op in dei?’
‘Welnee, alhiel net,’ en efkes rekke Auke noch op 'e tekst oer de grutte foardielen fan it nije kap en fan 'e fêste ledikanten, hokker grutte ferwachtingen er dêrfan hie.
Frearkje wie it fierdere fan 'e jûn tige swijsum.
Hja tocht oan Durkje dy't in bern droech, en dat dat bern de namme hawwe soe fan ien fan har âlden. Yn 'e skimer, dy't hurd yn 'e âld keamer foel, seach se har suster wrakseljend mei de dea om it libben, yn it hege healtsjustere keamersbedstee, en dêrfoaroer it ljochte ledikant dat Auke útbylde hie. Soks soe dan oergean moatte om wat jild, dêr't se ek noch net ienris wat by te ferliezen hie...?
| |
| |
Dy jûns ear't se nei board gyngen sei se: ‘No, Auke, ik hie tocht, meitsje it by notaris mar ynoarder; jim kinne dan mar timmerje.’
Auke hie dit ferwachte, mar dochs kaam it him noch oer it mad. Der waard him wat weak fan binnen, want hy wist dat dit har striid koste hie.
‘Betanke, Frearkje, en ik hoopje op rinte en ôflossing te passen.’
‘Wy moatte op 'e koai, Teade,’ fitere Frearkje. Foar it uterlike wie se de âlde wer.
|
|