Sa'n oere as fjouwer wie alles ta doarren út. Age weinmakker hie it kammenet op in karre, en Meindert mei de houten skonk wraksele mei de opleine kast om, dy't er gjin baas koe. Mar soks hoegden Auke-en-har net foar te rieden; hja wienen der ôf.
Notaris pakte de papieren by elkoar. ‘Wy sille thús alles wol útsette, en ik sil wol tynge stjoere hoenear't jim komme kinne.’
Doe stiene se yn it lege hûs. It hert kearde Frearkje om yn it liif as se de boel oanseach, it soe jin troch alles hinne gean.
‘No mar gau mei nei Durkje om in pantsjefol tee, minsken, soks hawwe wy fertsjinne,’ en Auke hâlde de keamersdoar op.
It wie Frearkje goed. Alles wie har goed op dit stuit, as se hjir mar wei koe.
Under teedrinken makke Auke út 'en rûgen de balans op. Inkelde grutte stikken wie ôffallen, mar de âlde rommel helle soks ryklik oer; it ien mei it oar wiisde it net sa slim, tocht him.
Frearkje wie oars fûlernôch op 'e sinten, mar hjir koe se har net yn jaan. Dêrom wie it Teade allinne dy't Auke no en dan byfoel yn syn wiidweidich petear.
Sa sieten se dêr by Auke harres yn it keammerke, mei it útsjoch op 'e pear fjouwerkante jelnen bleek en in bline muorre, en bûten stie de dei noch heech oan 'e loft en twirre in maitydswyn út it súdeasten.
Samar ynienen foel it Frearkje yn, hoe't se der by kaam wiste se sels net: ‘My tochte, Teade, wy koenen aanst noch wol farre, wy driuwe jûn noch in moai ein dy kant út, dan hawwe wy dat altyd mar, en moarn moatte wy it ôfwachtsje.’
Auke woe nearne fan witte.
‘Jimme binne yn 'e goedichheid dochs wol wizer, jim bliuwe hjir te nacht, moarn is der wer in dei.’
Durkje woe dy kant ek út; mar Frearkje wie it by harsels ôfpraat, en hja krige Teade wol mei.
Ut 'er haast waarme Durkje wat kofje op en smarde in stút. Auke bearde: ‘De dwaasheid op 'en top!’ en mear fan soks; likegoed smiet Teade in goed kertier letter de touwen los en stie Frearkje by it roer. Hja foeren wer.
Bûten de buorren koe it seil der by, en Teade naam it roer. Frearkje hie noch wat op priemmen en fûn in plak op 'e lûken. Letter op 'e jûn, doe't 't stil waard en it seil del moast, sei se: ‘Dû mochtst faaks noch wol in ein lûke, Teade.’ Sûnder tsjinpraten bûn er de line fêst. Doe