fredich en stil. Trouwens it âld hûs stie ek net op it drokste ein fan it doarp, mar wol tige gaadlik, plichte Hindrikje altyd te sizzen, de glêzen alhiel op it suden, en de winkel op 'e hoeke fan 'e steech; hja hie der sa'n aardich loopwinkeltsje oan, it koe net oars sein wurde. Fansels, der siet gjin bestean yn, dat hoegde ek net yn har gefal, mar it wie moai mei, sa wie it al.
‘Wy moasten no mar ta de saak komme, tinkt my,’ sei Auke doe't er syn earste kofje op hie en in nije oanfal die op syn swiere sigaar.
Teade en Durkje waarden sa mooglik noch stiller as earst, mar Frearkje sette har der ta; trouwens Auke wist wol dat dizze saken tusken Frearkje en him besljochte wurde soenen.
‘Wat hienen jo tocht, Frearkje!’ en Auke hâlde de sigaar skean omheech, wylst er yn 'e kreakjende stoel justjes efteroer wipte, as woe er sizze: ‘Smyt de kaarten mar op 'e tafel, dan kinne wy ris sjen.’
Frearkje koe oars har wurdsje hiel wol dwaan, hja wie ek wol los betroud, mar hja wist net wat kant Auke út woe, it wie as fielde se dat er yn alle gefallen oare plannen hie as hja, en it wie har oft it no al útmakke wie dat er gelyk krije soe. ‘Wie ús Andele hjir no mar,’ tocht se, mar soks joech net folle, want Andele wie fier fuort.
Frearkje sette út ein mei in soarte fan oanrin; mei inkele wurden roerde se memme ferstjerren oan en betocht it libben fan heit en mem beide, neamde it wrotten en wramen dat dy hân hienen foar it deistige brea.
Teade joech him wat oerein. Frearkje' wurden wienen foar him hast altyd wet; dat kaam ek al om't se troch 'en dei altyd tegearre ferkearden, en yn ditte hoegde er ek gjin partij te kiezen.
Mar it rekke Auke de kâlde klean net. ‘Toe mar Frearkje,’ tocht er by himsels, ‘toe mar, jo komme der wol.’
En sa wie it ek. ‘Ik hie dan tocht, as Teade ris in grutjonge by him op 'e snikke naam, en ik bleau foargoed oan 'e wâl en hold de winkel oan, dan is dat foar ús allegearre it bêste. Teade hat dan noch in thús, as er sneontejûns foar de wâl komt, en it âldershûs giet net yn frjemde hannen oer.’
Dêr leinen Frearkje' útstellen dan klear en bleat yn 'e skimerige keamer, en elk koe der no fan sizze wat er woe.
Oan 'e iene kant lake dit Teade wol oan, allinnich mei in grutjonge oan board waard in slim stik; Frearkje wie sa redsum op it skip, en hja wienen alhiel oan elkoar wend. Ja wis, it soe in kostlik ding wêze as