Hessel Ypma
(1993)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 219]
| |
Libben‘Paulus Akkerman, bakker fan syn fak, skriuwer út ropping.’ Dat stie yn 1950 boppe in fraachpetear mei de auteur. Akkerman fertsjinne doe yndie syn brea yn de Centrale Bakkerij fan Marrum en soe dat ek noch jierren folhâlde, mar as bakker hat er him dochs net in fakman field. Sutelje mei bôlespul hat er ek nea dien, dat it byld dat guon lêzers wol fan him han hawwe, as fan ien dy't op syn deistige reizen by de streek lâns, gâns stoffe foar syn ferhalen opdie, berêst op in misferstân. Wol hied er yn Marrum in winkel en moete er sadwaande aardich wat minsken, mar fierwei de measte ynspiraasje foar syn tweintich romans en foar de hûnderten sketsen dy't er skreaun hat, hied er al folle earder opdien: yn syn berne- en jongfeintejierren yn de Lege Midden fan Fryslân. Yn Boarn is Paulus Akkerman op 13 july 1908 te wrâld kommen. Syn mem wie Antje Harmsma, syn heit Otte Sijas Akkerman (1872-1957), in ferneamd foardrager, folksdichter en foaroanman yn it grifformearde Fryske fermidden. Jierrenlang hat er lid fan de gemeenterie fan Utingeradiel west foar de A.R.P.; by Paulus syn berte wied er krekt opnommen yn it haadbestjoer fan it op pinkstermoandei 1908 oprjochte Kristlik Frysk Selskip. Hy publisearre û.o. yn Yn ús eigen Tael, dêr't er ek in skoft redakteur fan west hat. In ienfâldich mar geef, grifformeard Frysk middenstânsmiljeu, sa mei it fermidden dêr't Paulus Akkerman yn opgroeide, wol neamd wurde. Otte Sijas Akkerman wie yn Boarn blauferver, earst by in neef, letter gong it bedriuw hìm oan. Om 1910 hinne briefke er op kaarten mei de opdruk: ‘O.S. Akkerman Chem. Kunstververij van alle soorten Dames- en Heerenkleeding, Gordijnen, Kleeden enz. in de fijnste kleuren, tegen billijke prijzen.’ Paulus syn pake hie skroar west, mar waard letter boer yn Haulerwyk. Syn âldste broer, Sijas Paulus, krige | |
[pagina 220]
| |
in winkel yn tekstyl op De Knipe en Paulus sels bedarre dus - nei de Akkrumer ulo-skoalle - yn it bakkersfak. Oant syn 18e jier yn syn bertedoarp en letter op ferskillende oare plakken, û.o. te Aldegea (W.). Dêr kaam er yn 'e kunde mei Riemke Feenstra, mei wa't er hast fyftich jier troud wêze soe. Se krigen tegearre seis bern. Doe't de Marrumer Centrale Bakkerij ticht gien wie, hat Paulus Akkerman in jiermannich besocht fan syn pinne te libjen. Hy skreau doe foar ûnderskate kranten en blêden en teach der geregeldwei op út om lêzingen en boekbesprekken te hâlden oer eigen wurk. In bestean siet dêr net yn, al hoe produktyf oft de auteur ek wie. Yn 1965 is er kassier wurden fan de Raiffeisenbank op Skiermuontseach en dat is er oant syn 65e jier ta bleaun. Dêrnei ferhuze Paulus Akkerman nei Drachten, dêr't er yn 1981 rêst is. Hy is dêr ek te hôf brocht. Omtrint oan syn dea ta wied er warber as skriuwer fan sketsen en romans. | |
SkriuwerskipIt skriuwen siet de Boarnster Akkermannen yn it bloed. Net allinne wie Paulus syn heit in ferneamd kristlik folksdichter, ek syn âldere broer skreau boeken. Sijas Paulus Akkerman (1903-1981) debutearre mei In swalker komt thús by de KFFB yn 1936 en soe fierder noch gâns in rige Nederlânsktalige romans publisearje. En ek noch in neef, Piter Hendriks Akkerman (1910-1934), makke namme as skriuwer fan kristlike folkslektuer, mar dy is te jong weirekke om in auteur fan betsjutting wurde te kinnen. De lêste tiid kin men út en troch ferhalen lêze fan in Paulus Jan Akkerman. Dat is in skriuwer út in jongere generaasje fan itselde laach, mar gjin neiste famylje. Paulus Akkerman Osn. debutearre yn 1925 yn it Friesch Dagblad mei koarte stikjes yn de rubryk ‘Fan it Selskip’, dy't gearstald waard troch M.S.E. Visser, kunde fan syn heit út it Kristlik Frysk Selskip. It earste dat er oan syn skriuwerij oerhold wie in grut nikkelen horloazje, wûn yn in priisfraach fan in Berltsumer ‘Bokkekrantsje’, dat W.A. Eisma útjoech. Syn earste fers, ‘Krystnacht’, waard publisearre yn Eisma syn tydskrift Sljucht en Rjucht yn 1928. It is ûndertekene mei ‘Paul fen Nijenborn’, de wol tige trochsichtige skûlnamme, dy't Paulus Ak- | |
[pagina 221]
| |
kerman fan Oldeboarn ek noch yn 1936 brûkte by syn romandebút, As de bern great wirde. Akkerman syn earste roman wie ek it earste boek yn de rige dy't de yn 1934 oprjochte Kristlik Fryske Folks Bibleteek útbringe soe. (Tusken heakjes: De iennige Fryske roman fan syn âldere broer soe nûmer 2 wurde.) Noch seis kear joech de KFFB in boek fan Paulus Akkerman út, mar hy kin dochs net echt in ‘KFFB-skriuwer’ neamd wurde. Akkerman skriuwt út in rjochtsinnichkristlike libbensoertsjûging wei, mar hat it mier oan opsetlike ‘tapassingen’ yn in roman. ‘Ik skriuw nei it libben en as de frommens der net yn sit, lis ik dy der net op,’ hat er sels ris ferklearre. Underskate Fryske útjouwers hawwe wurk fan him op 'e merk brocht. De erven fen Freark Japiks Hindrikje (1941) en De soargeleaze (1943) ferskynden yn de Frisia-rige fan De Fryske Bibleteek, destiids (yn 1941) ûnder redaksje fan Douwe Kalma, Fedde Schurer, J. Piebenga, Y.R. Boonstra en D. Rienks-Wallinga. Yn de saneamde ‘grutte’ rige waarden dêrnei It Freark Jabiks folk (1946), Hessel Ypma (1949) en Wankend ljocht (1950) útbrocht. Der soene mear romans folgje. Yn de santiger en tachtiger jierren binne titels fan Paulus Akkerman opnommen yn de Gurbe-rige fan de Leeuwarder Courant, letter fan de Friese Pers Boekerij b.v. Nei it ferstjerren fan de auteur ferskynden by dy lêste útjouwerij noch in detektive-roman, It riedsel fan Trijebulten (1986), en in kar út syn sketsen ûnder de titel De bêste Fryske ferhalen fan Paulus Akkerman (1988). Njonken romans en koarte ferhalen hat er ek berneboeken, harkspullen, toaniel- en kabaretteksten skreaun. Grutte bewûndering hie Paulus Akkerman foar de skriuwkeunst fan Reinder Brolsma. Faaks is syn eigen skriuwerij wol wat realistysker wurden ûnder ynfloed fan Brolsma, mar hy hat net bewust besocht Brolsma - of Ulbe van Houten, dy't er ek tige wurdearre - nei te folgjen. Akkerman woe syn eigen paad gean en koe nei syn betinken net oars skriuwe as er die. Dat er wol wist, dat er yn syn wurk net mei de tiid meigien wie, blykt út in brief oan de dichteresse Rixt (H.A. van Dorssen) fan 27 juny 1969, dêr't er yn skriuwt: ‘It is mooglik dat ik mei myn skriuwen net hielendal mear by de tiid bin. Ik kin der ek neat oan dwaen. Wol bisiikje ik út en troch it dwaen en litten fan de hjoeddeiske minsken to biskriuwen, mar it Fryslân fan in fjirtich, fyftich jier lyn liket safolle gemoedliker. Goed forkeard fansels, hwant it | |
[pagina 222]
| |
is sa net, mar ik kin my altyd noch sa fornuverje oan Reinder Brolsma syn boeken.’ Op in fraach hokker boeken er meinimme soe nei it ferneamde ‘ûnbewenne eilân’ andere hy yn 1959 yn De Strikel: ‘It jubeljier [fan Simke Kloosterman] en De sûnde fan Haitze Holwerda [fan Ulbe van Houten]; as ik it noch hâlde koe dan De Hoara's [ek fan Simke Kloosterman] ek noch.’ Thús hied er Frysk lêzen leard mei de Rimen en Teltsjes fan de Bruorren Halbertsma en it wurk fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, wylst Yn ús eigen Tael fansels ek ta syn fêste lektuer hearde. It skriuwerskip fan Akkerman kin karakterisearre wurde as dat fan in (swak)realistyske folksskriuwer fan protestants-kristlike sinjatuer mei grutte kennis fan it fermidden fan syn romanpersonaazjes. Hy kin de minsken skerp en raak typearje. Ut al syn wurk sprekt in myld gefoel foar humor. Psychologysk dolt Akkerman net djip en syn romans misse it histoarysk perspektyf, syn wrâldbyld is statysk. Dêrtroch bliuwe syn boeken wat ûnbestimd. Der sit wol in soad tragyk yn, mar net folle drama. Konflikten wurde net útfochten, se wurde oantsjutten, der wurdt efternei oer praat. Hy is ek frijwat beheind yn syn stofkar. It giet almeast oer skreppende, bodzjende en dochs nea folle bedijende minsken út de earste desennia fan dizze ieu. Syn helden binne de lytse wrotters, boeren, komelkers, skippers en winkellju, minsken sûnder folle aventoer en dêrtroch oerhearsket in wat mistreastige, ferfeelsume sfear. Dêr foaroer steane lykwols kwaliteiten as in geef taalgebrûk, ryk idioom en in styl dy't in libbene ôfwikseling biedt fan dialogen en beskriuwing. De rykdom skûlet benammen yn de wize fan sizzen. Akkerman skriuwt yn in folksaardige praatstyl dy't autentyk (‘echt Frysk’) oandocht.
Nei in opgeande lijn yn de earste romans - Y. Poortinga konstatearre (yn 'e Leeuwarder Courant fan 17 novimber 1956) by Akkerman ‘efter it wurk de wrakseling om hyltyd ta greater konsintraasje en tagelyk ta greater libbensomfieming te kommen’ - is der net folle ûntjouwing mear te merkbiten yn it skriuwerskip fan Akkerman. Hy liket him letter dellein te hawwen by syn beheiningen en de lêzers hawwe him net útdage. Hja fûnen it oer it generaal ‘moai’ wat er skreau en de measte boeken rekken gaueftich útferkocht. Ek fan ‘offi- | |
[pagina 223]
| |
sjele’ kant hat Akkerman erkenning krige, al wiene de resinsinten soms net mijen yn har oardiel. Net minder as njoggen kear hat er in priis wûn fan it Rely Jorritsma-Fûns mei in koart ferhaal, ien kear waard in berneboek en trije kear waarden romanmanuskripten fan sines bekroand yn priisfragen fan de KFFB. Dat Paulus Akkerman yn 1971 de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicx-priis, takend krige foar syn roman It roer út bannen (1968) en de bondel mei koarte ferhalen Dat sadwaende (1969) gunde elkenien dizze beskieden trochsetter fan herten, mar guon kritisy (Trinus Riemersma mei namme) fregen har ôf, oft de advyskommisje Akkerman syn wurk wol neffens suver en allinne mar literêre kritearia hifke hie. Yn syn tankwurd by de útrikking sei de priiswinner oer syn skriuwerij, dat er sels mar al te goed de lekken en brekken fan syn wurk wist, mar ‘ik mei it sa minlike graach dwaan.’ |
|