Hessel Ypma
(1993)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermdYnihâldYn Hessel Ypma jout Akkerman de libbensbeskriuwing fan in man út de Boarnster kontrei. Yn it begjin fan it boek is Hessel noch mar in jonge fan 19 jier, dy't as feint by in boer wurket en dêr al fiks fertsjinnet. Syn âldelju, Huite en Brecht, binne nea fierder kommen as in arbeiderslean en in ienkeamerwentsje yn de Bargestege, mar Hessel hat it heger yn 'e kop. Hy keapet in âld snikke en begjint te frachtfarren, earst mei in feintsje, letter allinne, om noch mar mear jild oerhâlde te kinnen. Want jild is foar Hessel winliken it iennige, dat telt yn 'e wrâld. Sels it lytste libbensgeniet ûntseit er him, as dat in sintmannich kostje moat. Hy boddet en skrept fan moarns ier oant jûns let en gunt him amper tiid ta iten en ta rêst. Hessel Ypma, bern fan generaasjes froede lanarbeiders, wol safolle jild byinoar garje, dat er boer wurde kin op in eigen spul. Dat er net earlik is, net altyd elk sines jout, pleaget him út en troch wol, mar hy wroeget net lang. Dat er in ûnminske foar syn neisten is en earst syn âlden, letter syn frou en bern opofferet oan syn ‘ideaal’, wol er net ynsjen en as oaren him dêrop wize, wurdt er ferkeard. Mei bealgjen en wrotten slagget it him boer te wurden op | |
[pagina 224]
| |
in moaie pleats, mar folle wille hat er net fan syn besit. It jild hat him yn 'e macht krigen, it jild wurdt syn ûngelok. Uteinlik bedarret er wer iensum en allinne yn de Bargesteech, dêr't er him op in dei yn it bedstee ferhinget. | |
BoarneDe roman Hessel Ypma hat syn ûntstean te tankjen oan in âld gjirrigert fan in boer dy't de skriuwer kend hat. Alle jonges wiene bang foar dy man dy't it wol bestean doarst en smyt bern dy't op syn lân kamen, yn de sleat. Oer de lokaasje fan de roman sei Akkerman yn in lêzing: ‘Dat ik myn bertedoarp en de omkriten dêrfan as eftergrûn brûkt haw, wol yn it minst net sizze dat dy minsken dêr yndied libbe ha, mar ik haw it allinne dien om't ik mei dy oarde sa goed op 'e hichte wie.’ It idee, dat er oer sa'n ûnsympatike, ynklauwerige figuer nochris in boek skriuwe woe, liet Akkerman net los. Yn de roman is it fansels in oar minske wurden, mar wat der yn it ûnderbewuste fan de skriuwer hingjen bleaun wie fan de benearjende figuer út syn jongestiid, hat Akkerman yntuïtyf ferwurke ta Hessel Ypma. It wie in soarte fan befrijing foar him, doe't it boek skreaun wie. Dat er lang mei de stoffe ompakt hat, wurdt bewiisd troch it feit, dat er folle earder al, nammentlik yn de skets ‘As it joun wirdt’ dy't yn 1939 opnommen is yn de bondel Fen leed en lok, de figuer Hessel Ypma opfierd hat. Yn dat ferhaal stiet in âld man op in maitydsdei foarhûs te drôgjen en sjocht dan Hessel Ypma yn it lân oan it wurk. Der stiet (op side 110 fan de bondel): ‘Hy rekke oan 't prakkesearjen, it mocht him noch heuge det dyselde Hessel Ypma mei in snikke foer, nou wier er den boer.’ Ek yn De soargeleaze, útkommen yn 1943, mar neffens Akkerman al yn 1937 skreaun, komme wy (op side 65) Hessel Ypma al tsjin, of leaver syn earste skippersfeintsje Marten, dy't in meifinansier siket foar in snikje, dat er keapje kin. Hy hat sels gjin jild, mar hy kin al skipperje. ‘[...] ik ha as opslûpen jonge in jier as hwet by Hessel Ypma fearn, der bin ik fen detoangeande wol troch de moster fitere [...].’ En op de fraach oft der wol in bestean yn sit, anderet er: ‘Ast nou nei Hessel Ypma sjuchst, dy hat syn heale libben fearn en nou is er boer, mei | |
[pagina 225]
| |
gâns in pleats ûnder it gat. Ik siz dy, det is allegearre út 'e snikke kommen.’ Akkerman moat it ferhaal by it skriuwen fan De Soargeleaze al yn grutte lijnen yn 'e holle hân hawwe, al is yn dizze passaazje de tragyske útein fan Hessel Ypma noch net te foarsizzen. Dat de skriuwer sa lang wachte hat mei it útbyldzjen fan Hessel, kaam net allinne dêrfandinne, dat er mei de haadpersoan noch net klear wie, mar ek trochdat er byfigueren hawwe moast om him wat mear reliëf jaan te kinnen. | |
SjenreDoe't Paulus Akkerman yn 1956 mei In man allinne in roman levere hie oer in dokter, murken de kritisy op, dat de auteur him bûten syn fertroude fermidden bejûn hie. In doktersroman wie doe yn de Fryske literatuer ek noch gjin gewoan ferskynsel. Yn Hessel Ypma hie Akkerman him likegoed min of te mear bûten syn eigen miljeu weage, mar dat is net as wat bysûnders ûnderkend. Faaks trochdat yn de snuorje dat it boek skreaun waard, de boereroman sa'n gebrûklik sjenre wie. Syn hiele oeuvre oereagjend rekkenje wy no Akkerman net ta de echte fertsjintwurdigers fan de boereromanliteratuer, mar syn Hessel Ypma hat yn details grutte oerienkomsten mei Ulbe van Houten syn De sûndefan Haitze Holwerda (1938), Simke Kloosterman har De Hoara's fan Hastings (1921) en benammen mei Reinder Brolsma syn Grûn en minsken (1940). It karakter fan de wrotter dy't foarút komme wol, de hurde man, dy't it lok fan frou en bern opofferet, fan syn wurkfolk it uterste ferget, minsken dy't fan him ôfhinklik binne net sparret, mar dy't úteinlik - konfrontearre mei himsels - it libben net mear oankin, fynt men werom yn Wychman Hoara, Daniël fan Kuken, Haitze Holwerda èn Hessel Ypma. It beknibbeljen op it lean fan de ûngetiders, it tsjinwurkjen fan de soan yn de ferkearing, it lytsachtsjen en koart hâlden fan har frou as boerinne, it hieropsizzen fan earme widdofrouwen, it iensume doarmjen troch it lân, as se der net útkomme kinne en úteinlik de selskeazen dea binne skaaimerkende tema's fan de boereromans út de jierren fan foar de oarloch. Daniël fan Kuken buorket op Stringsein, Hessel Ypma op it Slachtein, folle ferskil makket it net... | |
[pagina 226]
| |
Hat Akkerman mei dit boek besocht oansluting te krijen by de tradysje fan de Fryske boereroman en hat er benammen nei it ferskinen fan Grûn en minsken it gefoel hân, dat er de Boarnster boer dy't him al salang yn 'e holle omtyspele, omskeppe kinne soe ta in Haitze Holwerda of in Fan Kuken? Is er mei de selsmoard oan 'e ein in neifolger fan Simke Kloosterman dy't Wychman Hoara ek himsels te koart dwaan lit? It moast nei Akkerman syn oertsjûging mei Hessel ta sa'n raar ein komme. De skriuwer hat willemoeds op dit ein taskreaun, omdat er útkomme litte woe, dat it libbensgefaarlik is, as ien as iennichst begearen hat: ryk wurde. Alwer yn in lêzing, yn 1964, fertelde Akkerman, dat er it boek bedoeld hie ‘as in spegel om sjen te litten, hwer't it hinne giet as men mient it sûnder Gods genede dwaen te kinnen yn it libben.’ | |
WurdearringPaulus Akkerman sels hat faker as ienris sein, dat er Hessel Ypma as syn bêste boek beskôge. Hy hat besocht der de ûntjouwing fan in karakter yn wer te jaan. De measte kritisy lekje krekt it gemis oan karakterûntwikkeling. Hessel is net in romanfiguer fan grutte alluere wurden, it bliuwt allegearre wat twa-diminsjonaal. Douwe Miedema neamde de roman in knap stik beskriuwingskeunst en priizge benammen de kleurige tafrielen lykas de merke yn ‘it âlde doarp’, dat foar Akkerman fansels Boarn is. Gerrit Mulder skreau, dat der in bêst Frysk boek útkommen wie, omdat Hessel Ypma sa'n wier boek wie. Mar hy achte it in manko, dat de skriuwer gjin tsjinspiler foar Hessel oer set hie, dy't him stie. J.H. Brouwer fûn it gjin grut boek, mar yn syn soarte lang net min. Neffens him moast de auteur noch leare, dat skriuwen likefolle de keunst fan it weilitten is as fan it oanjaan. Wadman achte Akkerman in fertsjintwurdiger fan in goedmiend, mar lyts en benypt Frysk realisme (‘in knap proazaïst op in to smel front’) en Hessel Ypma in mistreastich boek, dêr't te folle yn kroppe, fretten en neilpluze wurdt. By de werprintinge yn 1976 neamde Klaas Jansma it in ferfelend boek fol foaroardielen oer in klier fan in fint, dêr't allinne de treflike | |
[pagina 227]
| |
beskriuwingen fan de beuzichheden fan al den dei yn earder tiid him noch wat lêswille yn jûn hiene. By alle beswieren dy't men tsjin it boek hawwe kin, moat men dochs konkludearje, dat de bewearing, dat Akkerman de keunst ferstie om it bestean fan de gewoane minsken yn de Lege Midden fan Fryslân yn de earste desennia fan ús ieu, op in seldsum libbene manier te beskriuwen, ek yn Hessel Ypma rjocht oerein stean bliuwt. | |
UtjefteskiednisHessel Ypma is úteinlik skreaun tusken de hjerst fan 1943 en peaske 1944. Doe't Akkerman der mei te set wie, frege Fedde Schurer him, oft er ek ris in Frysk boek skriuwe koe, dat dan yn Amsterdam útjûn wurde soe. Yn de earste oarlochsjierren wiene de mooglikheden om Fryske boeken útjûn te krijen ynienen folle grutter wurden, meidat de minsken oars hast neat spandearje koene en foar har jild dan wol boeken keapje woene. It manuskript gong yndie nei Amsterdam, doe't it klear wie, mar omdat Akkerman him út noch yn net by de ‘Cultuurkamer’ oanslute woe, bedarre it by útjouwerij Bigot en Van Rossum earst yn 'e brânkast. Yn it Bibleteek-Nijs fan De Fryske Bibleteek is foar it earst yn desimber 1948 wat te finen oer de roman. Yn novimber 1948 wie it bestjoer noch net út de rie oer it abonnemint fan it rinnende jier. Hja binne mei de útjeften efterop rekke troch ferskillende omstannichheden. It bestjoer is fan doel om noch yn it abonnemint 1948 de roman oan de leden te jaan. ‘Dit nije boek wurdt it greatste dat hy [de skriuwer fan It Freark jabiks Folk en De soargeleaze] oant nou ta publisearre hat en sil grif in goed ûnthael by de leden fine.’ Ik stel my foar, dat útjouwerij Kamminga fan Dokkum, dy't it manuskript mei oare en mei in restant Tsjernes yn 1948 oernommen hie fan Bigot en Van Rossum, it bibleteekbestjoer wiisd hat op de mooglikheid dizze roman fan Paulus Akkerman út te bringen. Ut de korrespondinsje wurdt dúdlik, dat der dreech ûnderhannele is oer de priis. De earste priisopjefte is ƒ3,75 foar in boek fan sa likernôch 200 bledsiden, goed formaat, lytse letter, ynbûn yn in kreaze heallinnense bân. Uteinlik wurdt op 24 desimber 1948 akkoarte op ƒ2,75. It | |
[pagina 228]
| |
honorarium is destiids al troch de Amsterdamske útjouwer betelle. Hoe grut it west hat, witte wy spitigernôch net. Hessel Ypma koe net earder as yn april 1949 ferskine. It krige it nûmer 68 yn de rige fan De Fryske Bibleteek, dy't 800 eksimplaren ôfnaam fan de totale oplage fan 2635. Kamminga liet ynearsten 1486 stiks ynbine en ferkocht it boek sels foar ƒ4,90. Yn 1949 rekke er yn totaal 1449 kwyt; yn 1950, 87; yn 1951, 62 en yn 1952 noch 11. As útjouwerij Laverman fan Drachten de titel oernimt op 1 jannewaris 1954, krije se 348 eksimplaren yn 'e hûs. Mei de ferkeap rint it dan net sa hurd mear, mar yn 1960 lit ‘Laverman’ 305 eksimplaren fan de 625 dy't yn plano lizzen bleaun wiene by de biner yn Grins, dochs noch ynbine. Wannear't (oft?) de earste printinge útferkocht rekke is, wurdt net rjocht dúdlik. Yn de fûnskatalogus fan Laverman wurdt Hessel Ypma yn 1965 noch al neamd, yn 1966 net mear. Yn 1976 hat Tabe Beintema fan útjouwerij De Terp yn Ljouwert in twadde printinge mei in oplage fan 1500 eksimplaren op 'e merk brocht. De tekst is fotomechanysk reprodusearre; Marijke van Dijk-Beintema makke in nij omslachûntwerp. Dizze útjefte yn de rige Fryske Klassiken fan 1993 (oanpast oan de hjoeddeiske stavering) mei in oplage fan 2000 eksimplaren is de tredde printinge. | |
TekstferantwurdingLykas wenst yn de rige Fryske Klassiken is foar dizze werprintinge de tekst fan de earste druk út 1949 brûkt. Dy tekst is omstavere en in tal dúdlike printflaters binne stilswijend ferbettere. Ynkonsekwinsjes, Hollandismen en oare fan de hjoeddeiske noarm ôfwikende foarmen binne hanthavene om de eigen styl fan de auteur net oan te taasten. Allinne yn syn ynterpunksje, dy't wol slim sloardrich en ynkonsekwint wie, hawwe wy ús in tal yngrepen permittearre om de lêsberens fan it boek te befoarderjen. De stavering fan de frjemde wurden is yn oerienstimming brocht mei dy fan it wurdboek.
Tineke Steenmeijer-Wielenga |
|