west en fan har eigen bern woe hja sa net bihannele wurde.
‘Hâld nouris op fan grinen en siz hwat der is.’
In swier stik, mar Fokje koe der net foarwei. ‘Sipke hat it út makke.’
Durkje wie in pear tellen út it fjild slein, langer net. Hja krige twa grouwe tearen boppe de noas, har eagen stiene strang, de mûlshoeken loeken nei ûnderen. ‘En hwerom? Hingje dêr net as in sâltsek op bêd.’
‘Hy wol net mear.’
Durkje sei it har nei: hy wol net mear, mar hwat hearden dy ûnnoazele wurden doe in ûnnoemlik ein oars. Safolle koartsichtigens en ûnforstân hie hja net foar mooglik hâlden. Dat wie aenst fjouwerentweintich, krapoan trije jier forkearing, dat lei my dêr op bêd to snotterjen en wist oars net to sizzen as: hy wol net mear.
‘Is dy dan alles goed? Jimme binne forloofd, net? Ik tocht dat jimme oer trouwen praet hiene. Ast sels net better fan dy ôfbite kinst, sil ik wol.’
‘Mem!’ Eangst en kjellens en fan alles lei der yn bisletten. It wie oan Durkje net bistege, hja dragondere de trep del. Hja raemde in mantel fan 'e kapstok en die in alpino op. Jan kaem út'e hûs. ‘Hwat silste?’
‘Ik moat nei Sipke.’ Mei dat koarte biskied koe er it dwaen. Mei wisse stappen stiek Durkje de dyk lâns, rjocht op it doel ôf. De jonge stie as ûnderwizer yn skoalle en lei by de slachter yn 'e kost.
Durkje gyng efterom. ‘Is master ek thús?’
‘Ik leau dat er boppe is. Kom mar fierder, dan sil 'k 'm roppe.’
‘Ik gean wol nei him ta.’ Hja hie gjin forlet fan pottekikers. Slachters Bintsje hoegde der bileaven net op'e noas by.
Mei de hannen ûnder de holle siet Sipke by de tafel. ‘Frou Koster!’ Durkje gyng flak foar'm stean, in pear eagen om bang fan to wurden. ‘Hwat hastû ús fanke oandien?’
Hy woe der ek noch omhinne helje. ‘Neat wol?’ Mei sa'n ûnnoazele útflecht wie er by Durkje alhiel oan it forkearde kantoar.
‘Nou moat it al net folle mâller wurde, dû makkest de forkearing út en doarst noch sizze fan neat?’
Sipke hie in holle as in boei en koe mar min út'e wurden komme. Durkje hie mear fragen foar him efter de hân.
‘Ik haw it muoilikernôch hawn, mar ik doar it net mei har oan.’
Doe rekke Durkje earst goed op gleed. ‘Hwat muoilik? Ik wit net hoe'st it sizze doarst. En net oandoare? Moatst beide hannen tichtknipe dat se mei dy wol en sa'n fanke doarstû de koer opjaen?’
Hja bigoun sêfter to praten. Reinders Bintsje koe it spi-