spylje der moai waer fan.’ Dêr kaem it op del, yn it ûneindige waerd it fan him herhelle, al wie it dan altyd yn oare wurden, hwant hy wie o sa redenryk, dy seldichste Wiberen Pothús. Dêrom wie it sa'n wûnder net dat er de lieder waerd fan it aksjekomité dat tsjin'e ruilforkaveling wie. Hja baleinen in gearkomste op'e boppeseal oan 'e Efterwei, de koumelkers kamen der op ôf as blaumiggen op in rûchskerne, hja stiene ta doarren út. Sûnder dat ien it him frege hie, naem Wiberen de lieding, dy kaem him ek ta, net ien dy't der fûlder op tsjin wie. Hy brûkte wurden as ‘himeltergjende tastannen’, ‘in jok dat ús fan boppen ôf oplein wurde sil’ en mear fan sokke slachsinnen dy't ynsloegen.
‘Wy moatte aksje fiere om dit ûnheil to kearen. Wy moatte by de twivelriedigen lâns en har op it hert bine dat se har net libben forkeapje. Wy moatte de stimhawwers dy't fier ôf wenje ophelje mei bussen. Hwant, ivich bliuwende skande, dy't net komt to stimmen wurdt achte der foar to wêzen, wy moatte witte hwat ús to dwaen stiet nou't it noch tiid is.’
Hy spriek nei it hert fan fierwei de measten. Hja stieken it net ûnder stuollen en banken, der wiene guon dy't noch mear opsprieken as Wiberen en dat sei hwat. Dêr kaem it ek fan dat Jelle Stuolwynder op it lêst mar hwat skruten oerein gyng. Foarsichtich bigoun er: ‘Ik smyt dy ruilforkaveling net hielendal wei....’
Dêr briek in stoarm los, Wiberen sloech forheftich mei de hammer. ‘Jelle kin sizze hwat er to sizzen hat.’
‘Sa't jimme witte melk ik simmerdeis in healûre fytsen fan hûs, dat ferget tiid. Nou haw ik my fortelle litten, mei sa'n ruilforkaveling soe dat stik lân oan in oar tafalle en ik soe der in stik, tichte by hûs, foar werom krije.’
Fierder kaem er net. ‘Moaije praetsjes,’ sei Wiberen. ‘Lokmiddels, oars neat. Jo soene josels libben forkeapje troch foar to stimmen.’
Fan'e oaren waerd dat krêftich Ûnderstreke, doe sei Jelle mei oertsjûging: ‘Dan bin ik der op tsjin.’
It wie in goede forgadering, hja holden ek noch in kollekte om de ûnkosten to biteljen, it smiet net iens sa min op. Wopke Koster krige dy sinten mei nei hûs. It wie in slachter, mar hy forhierde in stikje lân dêr't syn folk yndertiid hwat oersparre sinten ûnder set hiene.
‘Myn lân kinne se mei de poaten ôfbliuwe’, sei er; dêrom wie er op forkaveljen tsjin.
Alle komitéleden rounen har it fjûr út 'e klompen, mar net ien dy't him sa warde as Wiberen Pothús. Gjin ein wie him to fier, gjin reis to biswierlik. As er mar grútsjen hearde fan ien dy't net wist hoe't er soe, gie er der hinne.
Doe't him oanbrocht waerd, dat Kei en Baeije oan de Muontseleane mar saneare woene, makke 'r yn it bûthús mar amper dien.