er ek wol yn 'e hûs, mar de kêdde stie yn it hok. Goffe sei: ‘Der moat oarder en regel bliuwe.’
Hy die foar himsels. ‘Ik sil my net ûnder in oar jaen’, sei er. Foar Goffe koe 't gau om 't er allinne wie en gjin húshâlding efter him oan hie. De kêdde yn it stokramt foar in twatsjillige karre. ‘Nou mar.’
Dat wie de wrâld yn om fodden en bonken, âld izer, sink, of hwat it ek opsmite mocht. Oftanke húsrie, hinnen en kninen, der kaem Goffe neat fan ûnpas. Goffe. Erflik yn it burd fan op syn minst in wike, it hier oer de raffelige kraech, goar fan fel en stiif fan smoargens, mar op it skik en altyd soun. Der waerd sein dat der by him yn it hok wol slachte waerd. Hwa soe it wier meitsje? Dy fan It Skar rounen net mei in geit nei de buorren as it bist dea moast, dat net. Likemin soe Goffe mei in forsûpt skiep nei de needslachting ride, hwat joech it en helje omballingen oan?
Dy fan It Skar koene de lange winterjounen skoften by 'm yn'e keamer sitte. Hja rounen mei de klompen oan 'e tafel ta. Goffe sels nammers ek. It wie dêr smoarch, mar wol waerm en Goffe tape swarte kofje mei gâns sûker.
Harichs Metsje woe in kear by him himmelje. ‘Dat kin hjir sa net, jo komme om.’ ‘Bêst oanbean Metsje, mar dêr sille wy net oan bigjinne. It soe myn eigen hûs net mear wêze en dy himmelderij jowt sa'n bytsje, it wurdt dochs wer smoarch.’
‘Mar sa hoecht it net, Goffe. It kin dochs wol oars.’
‘Hwerom soe 'k it foroarje? Ik bifyn my hjir bêst by.’
‘En hy is noch to smoarch om mei in tange oan to pakken,’ sei Metsje tsjin Harich. Dy makke 'm der hyt noch kâld om. ‘Lit 'm yn syn wêzen,’ sei er. Liet 'm dan smoarch en goar wêze, doe't Lubberts Janke op bêd rekke, lei er in great kladdefol grouwe aeijen yn it efterhûs. Doe't Romke Meijer fan 'e galle pleage waerd stie er mei twa fette hinnen foar it bêd, slachte en wol. Sa wie er, ûnhuer fan uterlik, mar in guodlik aerd. Stoffel fan Siberen gyng sels sa fier om to sizzen dat er in hert fan goud hie. Stoffel wie nochal hwat byldryk.
Mar doe't Goffe sels ûnder fuotten rekke, waerd it aerdich minder. Hy hie al twa dagen op bêd omtoarke ear't ien der erch yn hie. De bisten brochten it út. Dy stomme dieren joegen dalje om 't hja foarby gyngen fan iten en drinken. Lubbert yn 'e hûs. Hy foun Goffe op bêd; mei in heal each seach er dat it djipper taestte as sljocht hinne en wer. Dokter moast der yn kend wurde. Dy man bearde raer, noch net iens fan'e sykte, dat foel wol hwat ta, mar fan de smoargens en de bringst dêr't Goffe yn forkearde.
‘Dat kin hjir sa net, moarn geane jo mei in auto nei It Hûs, dêr kinne jo hoffene wurde en hwat opweidzje, dan moatte wy letter mar ris wer sjen.’