Nou moast er joun ris thúsbliuwe kinne, net mear nei dy skoalle hoege. Hy tocht him yn hoe't it wêze soe. Mei in boek yn 'e stoel, Lize en hy togearre thús.... Ei hwat!, hy wie noch gjin fyftich, hwat died er syn tiid to fordreamen? Der moast hwat dien wurde.
Lize tripke de trep op en kaem troch de doar. ‘Hwat bin 'k skandalige let net? De kapper wie wer mei de tiid yn 'e war, ik hie goed mei him ôfpraet, fjouwer ûre. Mefrou Denis wie der ek wer, dy koe dêr alle wiken wol komme, ik leau grif dat dy it hier oan 'e siden byfervje lit. Ik bin Loes ek noch tsjinkomd. Hja frege oft wy sneontojoun kamen. Ik haw sein dat it goed wie. Mar ik moat hurd oan 'e gong, it measte is al klear hear, ik hoech it allinne mar mear waerm to meitsjen’.
Hja draeide der út. Glimkjend seach er har nei. Lize!
Wer bûgde 'r him oer de skriften. It woe ynienen helte better. Sa mar hie er dien. Soe er ek noch mei de oaren bigjinne? Lize hie noch net roppen, hy hearde har sjongen yn 'e koken. Fuort dan mar, dien wie dien.
Doe't er ûnder kaem seach er op 'e klok. De iterij moast hwat koart om 'e hoek, healwei achten moast er yn skoalle wêze.
‘Hoechst de wein joun net to brûken wol?’ frege 'r doe't er de jas al oan hie.
‘Ja skat, ik soe nei Els ta. Mar witste hwat? Ik bring dy nei skoalle, tsien ûre stean 'k wer foar de doar, dan ride wy nei hûs’.
‘Toe dan mar’.
Hy krige it stjûr, hja skou neist him.
‘Ik sil sels noch wolris in weintsje ha moatte, dan hingje wy sa net mear fan inoar ôf, it is foar dy ek helte nofliker’.
‘As it skip mei jild komt’.
Lize glimke, dat hie er al sa faek sein, it wie ien fan syn sprekwurden.
‘Nou jonge, meitsje't dy mar net to drok, tsien ûre bin'k hjir wer’.
Hy lei it boek iepen op 'e lessener en seach it hear oer. ‘Joun bihannelje wy bûtlanske valuta’. Hy roun nei it boerd en krige in stik kryt. De les wie bigoun.
Tsien ûre gjin Lize to bikennen. Hja tocht grif om gjin tiid. Hy soe dy kant mar útrinne. It wie to kâld om to stean, hja kaem him wol efteryn.
Ut en troch seach er om, auto's genôch, Lize wie der net by. Hy krige de tas ûnder de oare earm, op 'e lange ein woech it ding der yn.
Hy hie dochs better op 'e fyts gean kind, dan hie er gauwer thús west. Mar mooglik die 'm in eintsje rinnen ek wol goed. Hy siet to folle binnendoar.
It ein foel 'm net ta. Dat wie ûngewoante, rinnen wende ôf.