regele. Hwat oars, it gyng wol troch, Douma wie 't priisútrikken ek wol tabitroud, ei jawol....
Hy kloppe de soan fan Bergman yn 'e hûs dy't mei de redens ûnder de earm fan 'e baen kaem. ‘Binne der hwat riders?’ ‘Twaëntweintich.’ ‘Twaëntweintich seit er, toe mar! De riders hawwe hjir altyd wol hinne wollen. Ik kin dy sizze wy hawwe hjir ris in riderij hawn....’
Mar de jonge moast nei hûs to melken, doe die er it forhael oan Berber, hja hie't al faker heard, mar makke gjin biswier.
It wie al tsjuster doe't er muzyk hearde, hy stiek de earen op as in âld soldatehynder. ‘Dêr komme se oan!’ Hy wie al oerein. ‘Hwat silst?’ ‘Yn'e doar stean fansels.’ ‘Moatst hwat op en oan dwaen, dat kin sa net!’
It korps yn it ljocht fan bengaelsk fjûr, hy die de hân omheech as naem er in defilé ôf. It bistjûr mei de priiswinners, in smite fleurich folk der efteroan. Hy wie net mear to hâlden. ‘Ik gean nei de seal.’ ‘Dû bist wol wizer!’
Dat wie er net, der wie gjin kearen oan hwat Berber der ek fan sizze mocht.
Fûterjend konfoaide hja 'm út, in sjael twaris om 'e hals, de swiere jekker kaem fan efteren. ‘Ik wit net hwatst bimaelst.’
‘Ik kin de toffels wol oanhâlde, it is allegear droech en skjin.’
Mei foarsichtige stappen slifke'r oer de tegels. Hja soene raer opsjen as hy der ynkaem, beare fansels. Douma soe'm wol in wurdtsje tasprekke, mooglik sei er wol: de eare fan it priisútrikken komt jo ta. Hy soe der net foarwei wine. Mar troch de syddoar dan koe er fuort nei boppen en hoegde 'r net troch de taep. Hie dy trep altyd sa steil west? Even bikomme. It folk boppe wie mar fleurich sa as it hearde. As er ynkaem soe 't wol stil wurde.
Hy bleau yn 'e doar stean, stil waerd it net, in pear opslûpen baeskes rôpen: ‘Doch dy doar ticht, wy sige hjir wei.’
Ien fan Hamming syn helpen wiisde op in stoel fuort by de doar: ‘Dêr mar.’
Dêr siet er mei in triljende hân tsjin it smûgend boarst, gjin mins dy't notysje fan him naem.
‘Freonen.’ It wie oan it priisútrikken ta. It gyng oan Ypma foarby, hwat die er hjir? Gjinien dy't forlet fan him hie, fjirtich jier lieding jown, nou wie er forgetten. De riders kamen nei foaren en waerden fan Douma tasprutsen, doe't hja mei de sinten yn 'e hân stiene, sette it korps yn.
Ypma gyng oerein. Mei in pear wiffe stappen stie er al op 'e gong, de trep kaem noch. Nou kalm oan, mei twa hannen oan 'e leuning sakke 'r stadich nei ûnderen.
De eastewyn feegde kâld om 'e hoeke, heukrich hie er de holle tusken hege skouders. Net to hurd, hy moast der foaral