Frouljuspraet dêr't er net iens antwurd op joech. Hy heakke syn jas fan'e spiker.‘Ik sil om in slide’.
Under iten frege Afke al wer: ‘Soe't dy net oer de meuch gean? Moatst der al om tinke datst foar tsjuster thús bist, it is gjin nachtiis’.
Sa'n eintsje nei de Ripen, it soe ek al hwat. Hie er yn '29 de alve stêdden net biriden mei hurde wyn en froast fan fjirtjin graden?
De jekker kaem oan, de fellen mûtse op, wanten hoegde 'r net. Mei wisse halen streke'r de Wjittering út nei Thomessleat. It waeide hurder as er tocht hie, mar hoe soe er net ride kinne? Afke mei har liuwen en bearen, mei in goed healûre wie er dat al in moai ein út.
By Heida oan'e Ringfeart, boun er 'm ôf.
‘Heden, Teake, haw wy jo dêr, dat is lang lyn, kom yn man, ik haw de thé klear’.
Wiger kaem fan efteren, al sa beare. ‘Jo doare it noch wol oan, foar aerdichheit haw ik juster de redens nochris ûnder boun, dêr gyng in nuvere wize op, ik siz it jo, it koe neat wurde’.
‘Ik haw skiepfleis, Roelfke, in pûrbêst skiep’.
‘Hwat sil'k sizze? Wy binne mar mear togearre, de bern binne der út, twa poun kin'k al ha’.
Hy sutele de Ringfeart del fan it iene hûs nei it oare. By âlde kunde moast er ynkomme en opdrinke. Alles naem syn tiid, hy gyng ek fierder as er tocht hie om de boel mar kwyt to wurden. Doe't er der op tsien poun nei troch wie, waerd it al aerdich tsjuster en foel der hwat fynguod. Moast er mei dat lêste protsje werom? As er nou oan Jeninga's ta ried, dêr wiene noch greatjonges yn 'e hûs. Hy koe't mei Sybrichje hwat skikke, dan wie er der troch.
Foar tsjuster thús redde'r net mear, mar fan'e wyn ôf wie er der yn jin smook.
Sybrich koe min út'e rie komme. ‘Tsien poun is my suver tofolle’.
‘Hwat tofolle? Mei dit waer ûntkomt it jo net en dan foar dy sinten. Minske jo moatte beide hannen tichtknipe’.
‘Ik wit hast net’. Jannes moast der noch by komme: ‘Hwat seiste?’
It moast dan dochs mar. Doe't er bûten kaem wie't alhiel tsjuster, de wyn gûlde om it hûs en it snijde yn tichte flokken. Goed dat er foar de wyn hie, mei dy sniebringst seach men in bytsje. Afke soe wol yn noed sitte, it wie ek hwat let wurden, mar syn fleis wie er kwyt!
De bearende wyn treau'm suver foarút, dit gyng fansels. Allinne dy snie wie in misliken lêst, twirjend wynderen de flokken om him hinne, hy hie in bytsje sicht. In skoft ried er troch, doe sette er kjel in reed yn it iis, hie er al net lang by