De heareboer úthingje, mar nou krige 'r de rekken thús. De pleats bûten him om forkocht en hy waerd der hyt noch kâld fan. Hja koe ek noch net lilk op him wurde, as hja'm dan wer praten hearde, moast alles wol goed komme. - In pleats as dizze wurdt to lyts, noch gjin hûndert pounsmiet; sa'n spul kin tsjintwurdich net mear meikomme. Twa-, trijehûndert pounsmiet, dêr giet it op yn, sa 'n pleats woe 'k de lieding noch wol fan ha, dêr is aerdichheit oan - It soe wol wier wêze, mar hwa wie mei sokke forhalen holpen?
It loek al moai nei maeije doe't er op in joun thús kaem yn'e sneinske klean mei it lêste nijs: ‘Ik haw in môlksaek kocht’.
‘Och stumper’, sei Teatske, ‘sjogge jo dêr heil yn?’
Ljibbe spriek der fan. In moai hûs, in winkel, in auto en alles.
‘Fan in moai hûs kinne jo net ite, mar is't de bidoeling dat ik yn dy winkel kom?’
‘Jo moatte mar hwat yn'e hûs bliuwe tocht ik, in handich fanke yn'e winkel, elk op syn plak’.
Wie Ljibbe wol ien om mei môlke en brij by de doarren lâns? Hja seach it in gat yn 'e kop. Mar de foarnimmens wiene goed. ‘Yn bûter en tsiis kin dêr helte mear dien wurde. Ik wol ek fleisspul oanhelje; dat heart yn sa 'n saek’.
Soe jin it hert net omkeare yn it liif? Altyd by heit yn 'e hûs west; tsien jier as boer stien, nea in stap to hurd dien. Nou soe er in saek ha, op syn iepenst en wach wêze moatte, oeral tagelyk om it elk nei it sin to meitsjen, hoe mocht dat komme?
Forhûzjen, in hiele operaesje. Yn it nije hûs sei Teatske: ‘De holle rint my troch’. Ljibbe bleau sa kâld as in stien. ‘Net alles tagelyk, earst it iene, dan it oare. As wy earst mar to stoel en to bank binne komt alles wol goed’.
It mocht wol sa wêze. De sutelderij gyng in nuvere wize op. As er ien kear fuort wie, kaem er net werom.
‘De krite is to great’, sei er, ‘ik moat in handige jonge mei ha’.
In great jonge yn'e auto, in faem yn'e winkel, mar dat wie gjin winkel foar in faem. Hoe woe er har leanje fan fiifentweintich aeijen, in pear poun tsiis en in pakje as hwat bûter?
Jouns siet er ek wolris in skoftke to boekhâlden, hy hâldde dan ek mar wer op. ‘It oare kin moarn wol, ik kin my de fingers wol stiif skriuwe. Ik wol ek wol ris ien kear dien ha’.
It wie mar in jier as hwat, doe moast it hurd, hurd ophâlde.
‘Ik bin net in man om by de streek. Ik moat in winkel ha, alles oer de toanbank forkeapje, dat leit my better’.
‘Soene jo dat wol dwaen?’ frege Teatske, ‘kinne jo net