Wytske neamde't faker. ‘Der moat goed fortsjinne wurde’.
‘Ik kin der wolris oangean’.
Sa as er dêr ûntfongen waerd! Kofje en in sigaer, it fabryk bisjen. Allegear like ljocht en nij.
‘Hoe âld binne jo, Wiersma?’
‘Fiifenfyftich, mynhear’.
‘Dan binne jo noch yn'e krêft fan it libben’.
Dat wie tael dy't him flijde. ‘Ik kin noch wol meidwaen al siz ik it sels’, sei er yn alle needrigens.
Sa kaem er op it fabryk. Nei de earste ûnwennige rite wie't foar wûnder. Op ûre en tiid dien, foar it earst yn har trouwen. Sneons frij, mei in angel by de feart! Gjin âlde fytsen mear en it winkeltsje oan'e kant.
Twa jier, doe hearde Wytske fan it heale hûs yn Sperkhem dat to keap wie.
‘Ik wit net bern, wy hawwe hjir sa lang al wenne, om nou noch to foroarjen?’
‘Dû sietst dan ticht by dyn wurk. Ik wol ek wolris in oar hûs ha. Ik haw myn nocht fan dy gloppen en gatten’.
It fanke alhiel op memme hân.
Der hinne to sjen, mear as ien en twa kear. Wytske alhiel op ien ein.
‘Mar de sinten is ek hwat’.
‘Wy kinne ús eigen hûs dochs forkeapje’.
‘Dan binne wy der noch net en om my nou noch ûnder in oar to bijaen....’
‘Wy moatte ek hwat weagje doare’.
It gyng oan. It wie ek al wer ôffallen mei it ynrjochtsjen en sa, der moast húsrie komme.
‘Hwa't oer de houn komt, komt ek oer de sturt’, sei Wytske.
It wie ek sa, in mins koe ek tofolle noeden en soargen ha, men moast hwat oerjaen kinne. Moast er net tankber wêze? Hja hiene it ommers Ûnnoemlik folle better as mei dy fytsmakkerij op it efterútgeande doarp. It wie ek mar goed dat Wytske it trochset hie mei dat hûs. Hja hie it sa folle makliker krige en hy wie tichter by syn wurk. Hja hiene it moai.
Doe kaem dy freed. In meidieling op it swarte boerd dat der jouns nei't wurk in gearkomste yn'e kantine wie fan alle meiwurkers.
‘Moat it wer yn'e arbeider syn tiid?’ Oaren wisten dat it oer leansforheging gean soe. Doe wiene de earsten stil; hwa soe dêr net trije kertier tiid foar oer ha?
De direksje efter de tafel. ‘Dames en hearen. Sûndermis sil it jimme ek opfallen wêze dat it de lêste tiid mei de ôfname fan ús produksje net giet sa 't it gean moat....’ Der kaem noch hwat in forhael by dat mar in bytsje om'e hakken hie. De