komd wie. Frijmoedich en yn 'e fatsoenlikens stie Jochem him toreden.
‘Doe't it bigoun to tongerjen helle ik de bern fan it bêd. Wy sitte hjir op 'e romte, men kin net foarsichtich genôch wêze. Tink ris ta hoe't it kommen wie as ik it net dien hie’. Mei't er him foar de geast helle hoe't it dan gien wie, waerd Jochem muoilik. ‘Men moat der net oan tinke, dy earme sloven fan bern. Ear't wy noch hjir as dêr erch yn hiene, wie 't ien stik fjûr. Lokkich binne wy der allegear útkomd, hwat wy kwyt binne is op it lêst mar dea guod’. Dat forhael die Jochem faker as ien en twa kear om't der oanienwei wer oaren kamen dy't it hearre woene.
Jochem wie har towille, safolle meilibjen die in mins ek noch goed. De iene nei de oare stiek ôf, op 'e pôlle wie neat mear to bilibjen, wurk en beuzichheit wachten wer. Tsjin achten wie it lêste fjûr út, de spuitgasten rôllen de slangen op, it wie dien. Jochem bleau mei syn húshâlding efter by de swartrikke muorren en de forbrânde balken dy't fan syn hûs oerbleaun wiene. ‘Hjir moat ried skaft wurde’. Doe stieken hja skean troch it lân nei Hokwerda's pleats. Jochem hie twa bern op 'e earm, Gepke droech de lytste, de greatsten sprongen om har hinne.
‘Soene wy sa lang ek yn it hok kinne, boer? Mooglik hawwe wy moarn al in keet of ding, wy kinne net bêst ûnder de bleate loft bliuwe’.
It mocht. Lokkich dat it hok leech en skjin wie. Gepke siet op in stâl, de fuotten yn 'e groppe.
‘Ik sil nei de buorren,’ sei Jochem, ‘en forstean my mei Heidanus fan 'e forsekering’.
Yn 'e buorren kaem er de polysje tsjin. ‘Jo sparje my in loop út’, sei dy man, ‘boargemaster hat al boadskip, dat moast ik oerbringe’.
‘De man sil sûnder mis in hûs foar ús ha, ik sil der hinne’, sei Jochem. Boargemaster hie gjin hûs, al in fraech. ‘Hoe is dat nou krekt gien mei dy brân, Wachter?’
It fontrette Jochem yn it minst net om foar de safolleste kear it forhael to dwaen oer wjerljocht en tonger en fjûr. Boargemaster harke mei oandacht. Jochem waerd der redenryk fan. ‘It is lokkich dea guod, mynhear, mar as al jins eigendom yn in goed ûre tiid fan it fjûr forslynd wurdt, dat docht sear, it taest yn it moed en bliuwt jin net yn 'e kâlde klean sitten’.
Treflike wurden, dêrom kaem de fraech fan boargemaster der wol dûbell frjemd oerhinne.
‘Hawwe jo it sels oanstutsen, Wachter?’
In telmannich bleau it stil, hast drôvich seach Jochem dy hege amtsdrager oan. Doe sei er mei in swiere sucht: ‘Ik kin wol hearre dat jo noch noait brân hawn hawwe, mynhear’. Dat antwurd moast boargemaster justjes oer neitinke, doe bistie er it om foar de twadde kear to freegjen: ‘Hawwe jo it