Foar de lins
(1968)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 116]
| |
redenryk as altyd. ‘Ik sil net sizze dat it ús dêr nou sa min foldie, der wie ek wol in brochje to biskarreljen, mar rjocht thús, né, dat ik sei tsjin Lot: wy gean wer nei hûs. De beide âldsten binne der bleaun. Bouke hat suver al in foech farm ûnder it gat, Lútsen is by de wegenbou, dy hat it ek bêst. Mar ik sei: wy moatte dy kant mar wer út, hwerom sille wy willemoeds yn'e frjemdte bliuwe as it net hoecht. Nou sille wy earst mar ris by Wiltsje en Nynke sjen, dy sille ek beare’. Wiltsje wie net iens thús, mar Nynke bearde wol doe't Lippe mei syn útwrydske hoed en de hiele ris en dis dêr sa mar út'e loft fallen kaem. ‘Wel, wel, siz ik dan dochs, hwer komme jim wei, hartsjes?’ ‘Dat is freegjen nei de bikende wei, út Canada fansels’. ‘Nou, nou, mar gau yn 'e hûs soe'k sizze’. Lotsje krige de triennen der fan yn 'e eagen. Dat wie in wolkom dêr't hja oardel jier lang om 'e nocht nei longere hie. Nynke yn in pear fiersten to greate klompen op it rommelich hiem. De brún birikke fjurhutte oerwoechsen fan in mânske flear. De beamwâllen, de eigen oarde, hja wiene wer thús. Op dat stuit siet hja der net oer yn dat hja gjin hûs hiene, gjin húsrie noch neat, dat hja oars net hiene as skuld yn Canada. Hja wiene werom. ‘Ik sil gau kofje meitsje’. Nynke hie de moune tusken de knibbels, it wie Lotsje in wûnder. Hwat wisten hja yn Canada fan in kofjemoune?
In rûzige joun. Nei de kofje feegde Nynke ek noch in panfol kâlde ierappels oan daelderskes dy't hja yn 'e fjurhutte mei in hânfol prikken goed hwat efter it gat joech. ‘Jimme moatte ite, stumpers, der is gjin minder as, mei in lege mage to rinnen nei sa'n reis’. De bern moasten foar in nacht útbistege, hjir ien en dêr twa. Hwa soe de doar ticht hâlde foar dy harten fan bern as it om in nacht sliepen gyng? Jouns frege Wiltsje op 'e man ôf: ‘Dan foldie 't net?’ ‘Hwat sil 'k dêr folle fan sizze’, Lippe smookte swierich in sigeretsje. ‘Hjir lit men hwat, dêr fynt men hwat, mar Lotsje wie dêr unwennich en dêr is alles mei sein. Ik mocht wol in hert fan stien ha as ik sei: dêr moatst mar oan wenne. Jimme moatte net forjitte, wy sieten dêr op 'e bare romte, ik hie deis myn wurk, de bern wiene nei skoalle. Der is foar een frou net folle oan in hiele dei yn ienlikens to hokjen en net in wurd kwyt to kinnen’. ‘Hiene jimme dêr oars hwat in hûs?’ ‘Izeren platen op it dak en de pomp yn 'e keamer; dan witte jimme it wol’, sei Lotsje. ‘Nynke sloech de hannen yninoar. ‘Dat is dochs net wier, hartsje?’ ‘Dat hûs wol 'k it measte net fan sizze, hja bouwe dêr oars as hjir, mar yn syn soarte wie 't net in min hûs, wy koene der droech sitte dan komt men in hiel ein’. ‘Hoe gyng it dêr mei it praten?’ | |
[pagina 117]
| |
‘Dat moast wenne, it binne hwat frjemde klanken. Ik wol net sizze dat ik der troch wie, mar op it lêst koe 'k al aerdich keuvelje mei dy lju. Dy boer dêrre wie hurdhearrich, hy woe 't net wêze mar ik fornaem it wol, hy koe my mar min forstean. Oars net sa'n slimme man, mar dat er net wêze woe dat er dôf wie, foun ik bernich. Hoe liket it hjir mei de wenten, Wiltsje?’ ‘Dat wurdt in slim stik, de ôfkeurde went fan Andrys' Sjut oan de Kleasterreed stiet noch al leech’. ‘Dan binne wy fuort klear, ik sil my moarnier daelk mei Andrys forstean, dit kin bûten kommisje en gemeentehûs om, it kin net better’. ‘Hoe moatte jimme hússittend wurde?’, frege Nynke. ‘Dêr wit Doede stuoltsjeklok wol ried op, foar fyftich goune kom ik al in hiel ein’. Fierder siet Lippe der net oer yn.
Lotsje siet mei de hannen yn 'e skurte en stoarre mei greate eagen nei bûten. De tichte mantel fan bjirken en elzen waerd fan 'e ûndergeande sinme readich biskynd. Har eagen gyngen der oan to gast. Nynke brocht har yn it keammerke werom. ‘Dan mochten jo dêr net wêze, hartsje?’ ‘It wie myn dea wurden’, sei hja earlik. ‘Praet my net fan dy minsken. Hja grauden en snauden en wauwelen frjemde klanken dêr't kop noch sturt oan fêst to knoopjen wie. Hja jagen yn auto's fuort, ik wit der neat fan hwert hja hinne gyngen of hwat hja moasten, mar elk hie 't like drok. Jo witte net heal stumper hoe iensum as ik dêr wie, hwa't it net meimakke hat wit ek net hwat it is’. Der wie ôfgrizen yn har lûd en bangens yn har ljochtbrune eagen. ‘Ik haw faek winske dat ik mar dea wêze mocht....’ De triennen rounen har oer de wangen. Nynke streake har oer de hân: ‘Stil mar sloof, jo binne nou wer thús’. ‘Wy sieten in ein fan'e greate dyk ôf, der kaem ús gjin mins binei..’ ‘Fuoi, fuoi, en dat yn'e frjemdte’, bearde Nynke. Lotsje woe der noch mear fan fortelle mar it waerd har to mânsk. Lippe draeide in nije sigeret en naem it fortellen fan har oer. ‘Lotsje kwynde dêr wei, minslikerwize wie't har dea wurden, Ik sei, sa sille wy hjir net, wy gean werom, in minskelibben is mear as iten en drinken. Sels hie 'k it dêr op 'en dûr faeks wol fitere, mar hwer't ik net oan wenne koe: de lju dêrre witte net hwat lekker kofje- en thédrinken is’. ‘Nou moatst ophâlde!’, bearde Wiltsje. ‘It is sa't ik jim siz en hwat is der nou moaijer as meiinoar om'e tafel to skikken ta kofje en thé. Dy romte wie oer to kommen, de healwize praterij wende wol, mei't wurk koe 'k my wol rêdde, mar dat hja dêr net fan drinken wisten op | |
[pagina 118]
| |
ûre en tiid wie by my it allerminste. Dêrom, doe't Lotsje repte fan werom wie 'k der fuort foar to finen. Ik sei, dan kom ik mei kofje- en thédrinken tominsten wer yn myn âlde dwaen. Ja Lotsjelea, wy geane op bêd, dû hast de ein yn'e bek. Moarnier sil 'k by Andrys sjen en ik hjit gjin Lippe as wy foar iten net to stoel en to bank binne’. |
|