It skoft foel 'm lang sûnder oanspraek. Lokkich stie Lubbert nei iten wer mei de fyts by de brêge.
‘Dan moatte wy dy kant mar wer út’.
Moast er 'm nou in hân jaen en lokwinskje?
Och né, it woe net rjocht ûnder dizze omstannichheden, Lubbert wist sa ek wol dat er 'm alle goeds winske, it hoegde net sein to wurden.
‘It klearret hwat op’.
Jurjen knikte. ‘It boaijet ôf, it is fan 'e moarn ek net sa slim gien’.
Praet fan alle dagen, net folle om 'e hakken, it hoegde ek net. ‘Ik haw oars fan 'e moarn nochal oan dy tocht, yn it gemeentehûs hawwe wy in grouwe boai ôfjage, wy hawwe in skoft wachte’.
‘De boaijen driuwe sa ûngelyk’. Oan trije ûre ta sloegen hja de hjekkel sûnder folle wurden yn it blaugrize wetter fan 'e tochtsleat.
‘It is tiid fan drinken’, warskôge Jurjen. Hy helle de thermosflesse út 'e jas en syn hoekje koeke. Hja joegen har del yn 'e wâl, út 'e wyn en yn 'e sinne. Lubbert helle in krûdkoeke út 'e bûse dy't er yn twaën briek. ‘Hjoed sa mar tocht ik, ik stean op it lêst ûnder de geboadens en wy binne maten’.
It wie mear as Jurjen op rekkene hie, doe koe er der ek net mear foarwei.
Hwat nuveraerdich joech er Lubbert in hân. ‘Ik hoop dat it jimme goed gean mei’.
‘Danke’.
Hie er sizze moatten fan lokkich wurde en sa? Wolné, sa koe't ommers wol.
Hy biet yn 'e krûdkoeke. ‘In hiele ûndernimming, Lubbert’. ‘Dat is 't ek’.
In skoft bleau it stil, om har hinne sloegen ljippen oer de wjok, op 'e simmerdyk siet in rigel strânljippen to skelden. In pear skriezen weiden heechhertich oan 'e oare kant de sleat. In bihindige tjirk stie op kliene reade steltsjes wach en skou yn 'e sleatswâl.
‘Moatst tinke, Jurjen, it is jouns raer thúskommen sûnt Hanne troud is. Om it wurk yn 'e hûs hoech ik my net drok to meitsjen, myn wiet en droech krij 'k op 'e tiid. Afke nimt alles foar my wei, it hoecht net better, hja wol der ek net iens safolle foar ha. Mar de jounen falle my lang, de krante haw ik gau út en dêr sit ik. Gnúskje ik nochris hwat efterhûs om, neitiid kom ik yn in lege keamer, dan gean 'k fan earmoed mar op bêd. Dû meist it wol witte, ik haw tsjin Hantsje sein, it is my om oanspraek to dwaen. As it fanke net troud wie, ik soe oer Hantsje net prakkeseard ha..’
Wer wie it stil. Doe sei Lubbert: ‘Mar dêrom kinne wy it noch wol moai ha as wy hwat soun bliuwe’. Hast skruten frege 'r der efteroan, ‘tochtst ek net, Jurjen?’
Dy siet mei de lege thermosflesse tusken de knibbels, ien hân