mar. Sake nat faeks wol gelyk, it hoecht net op in stuit, ik sil der ris oer neitinke’.
Jelke breinroer oerein, mei Akke op sleeptou sûnder jounsizzen der út.
‘Dat hast úthelle mei dyn praetsjes’, mei in drigende earm wiisde Thomes nei Sake. ‘Binne wy hjir yn iensens byinoar en dan sa’.
‘Bigjin nou net wer’, wéklage Fetsje.
Dat moast bileaven net, it hie al moaijernôch west. Hja sieten net iens sa lang mear, de iene nei de oare briek op. Goede wurden genôch, Fetsje knikte wakker: ‘Jawis bern, hwat oars’, mar hwat koe hja der fan leauwe?
Hja krige tiid om nei to tinken, dy nachts gjin wink yn 'e eagen.
Mem moat it mar sizze, by ús allegear stiet de doar iepen.. Mar doe't Sake biswieren makke sei net ien fan 'e oaren, kom dan mar by ús. Hja woe der noch net iens safolle fan sizze, âld by jong paste faek mar min, hwat hoegde Thomes dan ek to bearen as sieten hja allegear op har to wachtsjen? Mooglik mocht hja wol bliid wêze dat Sake der foar om lizzen gien wie. Hja koe mar better yn it hûs bliuwe, it waerd to great nou't Siberen der net mear wie dy't safolle foar har weinaem, mar it soe 'm wol rêdde. Hja hoegde de bern net ta lêst to wêzen. Sa moast dat dan mar, it fanke fan 'e buorlju soe grif wolris in hân útstekke wolle. De bern soene it ek moai fine.
De bern founen it net moai. Jelke op hege skonken nei Sake en Marij. ‘Hawwe jim nou jim sin? Mem sit rintleas yn it greate hûs dêr't wy sa skoan sinten foar krije kinne!’
Thomes kaem ek, al sa opsternaet. Marij wie se treast: ‘Nim jimme mem yn, dan kin it hûs forkocht wurde’.
De rûzje gyng bûten Fetsje om. Hja koe har noch rêdde, Tsjikke kaem twa kear wyks, as hja net minder waerd koe se it noch moai ha.
It duorre trijefearnsjier, doe kaem Jelke, wakker op'e stoel draeije. ‘Ik woe heite part wol ha’.
‘Heite part seiste? Dû witst ommers wol, jonge, dat heit neat neilitten hat’.
‘It hûs’.
‘Mar jonge, hwat kinst der nou nuver bykomme, dêr weinje ik ommers yn’.
‘Ik wol myn part der graech út ha, ik moat hwat jild brûke’.
Fetsje wist net hwat kant er út woe, hja hie sa gjin doel oer jildsaken. ‘As ik der net mear bin kinne jim dwaen en litte hwat jim wolle’. ‘Dêr bin 'k nou net mei holpen’. ‘Mar jonge, hwat wolst dan? Ik haw ommers gjin sinten’.
De oaren moasten der yn kend wurde mar Tbomes sei ek: ‘Dit hûs bringt nou noch aerdich op, men wit net hwat de tiid wol’.