koer mar hwat nuver by de stobbe dy't al ynnommen wie. As wie dat noch net moaijernôch, Folkert spytgnyskjend oan'e oare kant de hage. Bliuw dan mar ris goed, dy opjefte wie Jentsje to swier.
Fuort opsternaet. ‘Wolst dy koer der wol weidwaen, tink?’
Sa hoegde 'r tsjin Folkert ek net to bigjinnen. ‘Foar hwa?’
‘Foar my! Dy koer leit op myn stobbe en ast net hastich makkest dat er der weikomt, doch ik it sels en komt er yn'e feart tolânne’.
‘Ast it hert yn 'e hûd hast en kom der mei in finger oan, sil ik oan dy komme, koest noch wolris earder yn 'e feart lizze as de koer’.
It gyng al lûder en lûder, hja kamen beide al tichter by de hage. Lokkich gyng doe by Folkert de efterdoar en dêr wie Akke.
‘Is 't jimme beide yn 'e plasse slein, healwize manlju dat jimme binne? Dat stiet my hjir to tsieren as skoaljonges, jim moatte jim de eagen út 'e holle skamje’.
Dat wie tsjin beide, tsjin Folkert allinne sei hja: ‘Ik hie dy wizer ha wollen en dat om in einekoer. Krij dat ding der wei ju, hjir is ommers romte genôch, it kin bêst wêze dat der noait in ein nei de hiel âld stobbe taelt’. ‘Ik haw likefolle rjocht as Jentsje....’ ‘Bigjinst wer? It hat nou moai west, net? Liz dy koer op it hok ju, dêr hat er alle jierren in goed plak hawn, hwerom soe er nou op dy stobbe moatte?’
Noch justjes stie Folkert yn bistân, doe makke 'r in man út, biret krige er de koer der wei. Hy helle it lyts ljedderke dat er by 't hok opsette, Akke hie gelyk, hwat koe'm dy hiel âld stobbe ek skele?
Biskamsum bleau Jentsje mei syn koer by de hage stean. Hie er dit winlik net oer alle boegen forspile? Mei syn koer waerd er wei yn it hok. Hwat soe er nou? Plakken genôch fansels, mar de stobbe wie leech, dy hie er yn 'e holle hawn. Hwerom soe er 'm dêr net dellizze? Hy hie der op syn minst safolle rjocht op as Folkert. Dy stobbe hoegde net leech to bliuwen. Hy koe ek oan joun ta wachtsje, it hoegde net opslach.
Jouns stiek er der mei nei de feart, Folkert kaem mei it nijs yn 'e hûs: ‘Jentsje leit de koer op 'e stobbe’.
‘Nou woe 'k graech datst dy stilholdst oer dy âld koer, binne der gjin oare dingen dêrst waerm foar rinne kinst?’
‘Ik missiz der dochs neat mei?’
‘Ei hwat, dû dochst oer in einekoer as hong der wit hwat fan ôf, wês dochs wizer’.
Dy torjochtwizing naem er yn goedens, it kaem ek om't Akke oer hwat oars bigoun, hy koe Jentsje mei syn koer forjitte en dêrmei hie dat hurd, hurd út wêze moatten, hja hiene al healwize opstiging genôch hawn om in ding fan neat.
Mar it wie net út.
Doe't Folkert twa dagen letter moarns bitiid bûtendoar kaem,