hwat foar ús’. ‘Dat koe wol’, sei er ûnforskillich, de holle stie 'm op dat stuit alhiel net nei heitsjen en memjen. Frouk fornaem it wol, dêrom hold hja der oer op en bigoun der net earder wer oer as de oare moarns, mar doe ek foargoed.
‘De man moat in ienfâldige administraesje byhâlde en it tún foar syn rekken nimme, de frou kriget de lieding fan dat hûs. Hjir binne wy foar knipt’. Troch ûnderfining leard, wie Keimpe der sa wis net fan. ‘Soe 't al?’, frege 'r foarsichtich.
‘Mar jonge, mei administraesje kinstû dy ommers rêdde as de bêste en hwa hat it sa knap om hûs en hear as wy? Sa 'n tún hastû pur de gek mei’. Hja praette sa lang dat Keimpe it op it lêst ek wol leauwe woe, it draeide wer op skriuwen út. ‘Naar aanleiding van uw advertentie......’ Wer ôfwachtsje mei hoop yn it hert, der wie aventûr. Lykas altyd duorre it lang en doe it brief dat hja forwachte waerden by it kolleezje fan reginten.
‘Oars mocht ik foartiid noch wol in nij mantelpakje ha, Keimpe. Mei in pakje is men altyd klaeid en myn mantel haw ik al foar it tredde jier’. ‘Soe't noadich wêze?’ ‘De earste yndruk docht sa 'n soad, it is de earste útjefte, mar it is woun jild. Dyn sneinsk pak is noch kreas, dêr kinst wol yn forskine, ast der nouris in nije reinjas by krigest bist klear’.
It ferge in stêdsreis. It mantelpakje fan Frouk har bigearen wie prizich. ‘Mar dan haw ik ek hwat goeds, dêr't ik jierren mei ta kin. Hwat seist, Keimpe?’ It moast dan mar.
‘Nou noch in hoed, ik kin dat âld ding der net bêst by opsette. Hwa't oer de houn komt, komt ek oer de sturt’. Dat lêste koe Keimpe net folle tsjin ynlizze, it wie in âlde wierheit. Sels waerd er opkwikt mei in reinjas, in boesgroen en in strik. Dat wie ek noch net om 'e nocht, mar moasten hja it om 'e lêste ryksdaelders oergean litte nou 't der safolle yn 'e kiif stie?
Jouns draeide Frouk yn 'e nije oanwinst foar de spegel om. Keimpe spriek der fan, mar Frouk sei: ‘As it goed soe moast ik ek noch in pear nije skuon ha, oars skeint it iene it oare’. ‘As dat dan moat’. Mear sei Keimpe net, dêrmei liet er it oan har oer. It moast al.
In pear dagen foar de greate dei moast Froukje nei de kapper. It hier moast byknipt en wosken, der moasten nije slaggen yn en noch sa it iene en it oare oan dien wurde. Hja wie der in middei mei bisteld mar doe wie 't ek foar wûnder. Keimpe hie der syn niget oan, hy kaem der ek earlik foar út, ‘dû wurdst moaijeroan’, sei er.
Doe kaem it sa fier. Keimpe hie hwat gewoarstel mei it nije boesgroen, de knopen woene net om it lyk, fierder hie er net folle omslach, de sneinske klean pasten him wol, dy hie er gauwernôch oan. Frouk die gâns langer oer de klaeijerij. Doe't dat einlings syn bislach krige hie en hja yn 'e keamer kaem, waerd Keimpe der kjel fan. It wie de selde Frouk net mear, hja