De bern suchten fan kleare forromming. Troud en oantroud joech fan dat rêsthûs op. Pûr, pûrbêst.
‘Dêr hawwe jo nou Postma by ús fan it streekje’, sei Keimpe dy't den fan Hileman's kreaze dochters hie, ‘dy woe mei gjin stôk nei it rêsthûs en nou't er der ien kear is seit er: ik hie hjir folle earder hinne moatten’.
Hileman harke net iens, hwat Saekje oait yn dy ropperige Keimpe sjoen hie wie him in great riedsel. Hy soe'm de holle der net oer brekke, it fanke moast der mei rêdde.
‘Ik bin bliid dat heit der nou ryp foar is...’ Dat wie Sikke dy't mei Akke troud wie. Hileman seach boppe oer him hinne. Sikke fan Bouma's Fokje mei syn heech lûd. Dy wie nou wethâlder, it kaem der grif langer net safolle mear op oan, hwat soe sa'n Sikke oars biwethâlderje?
‘Der is op it stuit in keamer leech, ik kin aenst noch wol by boargemaster oanride en siz hoe't it der foarstiet, alle kâns dat heit der nije wike wol hinne kin’.
Och, och, hwat koe er it moai bipiipje. Hy moast syn bêst mar dwaen, it skynde dat sokken 'as Sikke hwat to sizzen hiene, it koe net útbliuwe, it moast forkeard komme.
‘Hoe sille wy mei it hûs?’
Op dy fraech skikte Saekje hwat rjochter. ‘Wy moatte der fansels gjin spul om krije, mar as wy it iens wurde kinne wolle wy it hûs wol keapje, n't Keimpe?’
‘Der hawwe wy it alris oer hawn ja, wy wolle dêr wolris wei nou't de bern der út binne en as dit dochs leech komt....’
Soe men nou net? Hja woene de boel wol forkwânselje dêr't er sels libben by siet, men soe se in slinger oan'e earen jaen, sa âld as hja wiene. ‘Ja hark ris’. Dêr waerden se stil fan, dat moast ek, sa hearde' it.
‘Dit hûs hâld ik tominsten it earste healjier noch oan dat ik der altyd wer yn kin as it my yn dat hûs net foldocht. Ik sil de skippen net efter my forbrânne, dêr moatte jimme goed om tinke’. ‘Mar heit!’
Hja koene heech of leech springe, hy hold de kop der foar. Hja moasten har der wol by dellizze, ear't er hielendal de holle yn'e nekke smiet, dan wiene hja noch fierder fan hûs.
‘As er der earst mar yn is’.
‘Ik leau it falt'm dêr net sa min oan’, kraeide Sikke, ‘ik tink dat er 'm dêr wol deljowt’.
Wie 't net moai? Hja hiene der nochal hwat noe'd mei hawn, mei heit wist men noait hwer 't men oan ta wie en nou foel it aerdich oan, hja koene der oars net as bliid om wêze.
Keimpe en Saekje der ek al gau hinne. ‘Hoe foldocht it heit?’
‘Goed, ei ja, goed, hwerom ek net? Ik liz gjin mins in striebré yn'e wei, elk kin mei my wol opsjitte, dat hat altyd al sa west. As hja my yn myn wêzen litte sil ik gjin mins ta lêst wêze. It iten kin hjir gjin sprekken lije, in goed board brij witte se hjir