Foar de lins
(1968)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 90]
| |
skonk, wie ek gjin man mear om in winkel to hawwen, mar gjin mins dy't it him oan it forstân bringe koe. Noch altyd leaude 'r oan'e Skatting, oan'e winkel en oan himsels. Dat er net mear yn féfoer die, wiet er oan'e gemeente. Ut 'n treure fortelde 'r oan 'e húshâldster: ‘Hja hawwe de feart oergroeije litten. Yndertiid hie 'k twa kear wyks it fearskip foar de wâl, hjerstmis brochten hja slepen féfoer yn it pakhûs. Der kin ús gjin boat noch skip mear binei komme, de feart is in sleat wurden, dat haw ik oan 'e gemeente to tankjen’. ‘Koene jo it dan net mei auto's thús krije, Evert?’ ‘Hwat auto's? Heit krige it mei it fearskip, ik krige it mei't fearskip, ik soe net mear mei auto's bigjinne. As hjoeddedei de feart baggere waerd helle ik nochris féfoer oan, dan soene jo hwat bilibje. De boeren binne my tagedien, mar ik stean op myn rjocht, earst de feart der út. Mar rekkenje der net op, de mannen yn Snits binne net thús as ik oer de feart bigjin. Hwat dat gemeentehûs ek yn Snits docht! Hwat soene hja yn dat Snits fan 'e feart witte? As it oan bilêsting biteljen ta is witte hja de Skatting wol to finen, dan steane wy wol foargoed yn 'e boeken, mar as der hwat dien wurde moat, komme se oan ús net ta. Goed, ik kin it sûnder féfoer stelle, om't ik de winkel noch haw’.
De winkel. Syn grize húshâldster wist mar al to goed dat de hiele winkel mar och sa 'n bytsje opsmiet. De aow wie in aerdige ynstruijing, mar út en troch moast er syn boekje oansprekke; as de oanslachbiljetten út Snits kamen wie er der fêst op oanwezen. Ien kear moast er in goede saek hawn ha, it koe net oars. Doe wie er noch by syn mem, yn 'e tiid dat der op 'e Skating noch greate húshâldings wennen en alles dêr gearhokke. Hwat koe er dêr oer op 'e tekst reitsje. ‘It einichste hûs hjirre, dêr't Boukema nou keallen hat, hawwe twa húshâldings wenne. Oan'e 'dyk sieten Bouke en Hylk mei tsien bern, efter wennen Romke en Saep, dy hiene ek in stik as fiif, seis. Dat wiene tweintich minsken yn ien hûs. Dan stiene mem en ik sneontomiddeis oan 'e lette joun ta efter de toanbank en koene gjin hakke wike. Ik wit wol, sneons hawwe wy noch aerdich oanrin, mar it is net sa as doe’. Aerdich oanrin. Alberts Foekje om har protsje boadskippen, Arjens Styn as hja yn'e buorren hwat forgetten hie. As it knap waer wie kaem frou Miedema dy't by har dochter yn wie, fan 'e pleats om in rôltsje pipermint. Dat wie 't sahwat, dêr foar skaeide Evert sa 'n hiele sneonoerdei yn 'e winkel om. Moarns bigoun er al to driuwen: ‘Wy moatte net to let kofjedrinke. Martsje, it is sneon!’ Dat sa 'n man nou net ynsjen woe dat syn hiele winkel út 'e tiid wie. Hwat koe er der noch hwat oan ha, kyn noch kúk op 'e wrâld, in stil húske yn 'e buorren, om 'e sinten hoegde 't net oer to gean, hy soe fan gjin drokten mear dreaun wurde. | |
[pagina 91]
| |
...skaeide Evert sa'n hiele sneonoerdei yn 'e winkel om...
| |
[pagina 92]
| |
Mar né, mei syn stive skonk op in fyts fuort, de boer op to ‘freegjen’! De winkelman út 'e buorren fleach mei in bistelauto, ôfladen fol, by de klanten lâns. Hja koene útsykje, mar hiene op to sjitten om 't dy man syn tiid sa noadich wie, woe er in bistean ha. Evert gyng moandeitomoarns mei de sokken oer de boksen en in boekje yn'e bûse op'e fyts fuort. O né, it wie lang net mear hwat it west hie. It measte jongefrouljusguod liet 'm by de doar stean. Der wie noch mar in inkelenien fan'e âlderein dêr't er oan 'e tafel ta roun. In stoel, kofje of thé, mei de boer in praetsje oer it waer en gemaek en yn 'e fatsoenlikens de tiid der foar nimme om mei de frou oer de boadskippen to praten. Sokken wisten nooh hoe't it hearde, mar der kamen al minder en minder fan. Tiisdeitomoarns, it boekje iepen op 'e toanbank, makke 'r de boadskippen klear, de boel moast toplak. ‘Om in saek to driuwen moat men de kop der by ha, Martsje’. ‘Wolle jo der hast net mei ophâlde, Evert?’ ‘Ophâlde? Hoe stjitte jo it út 'e holle, minske? Ik stean my hjir noch yn it folle ribben en ik soe der mar klakkeleas mei ophâlde?’ Hy forlear 'm yn in takomstbyld. ‘As ik de saek alris op sinten sette, ik soe gadingmakkers genôch krije. As hjir in pear jongelju yn kamen dy't fan oanpakken wisten, dy hiene it hjir goed’. ‘Mar op 'e Skatting wenje ommers suver gjin minsken mear’. ‘En hwat woene jo dêrmei sizze? Fan âlde tiden ôf hat der op 'e Skatting in winkel west, altyd hat der in bêst stik brea ynsitten. As ik myn saek nochris yn 'e krante set, dêr komme se op ôf as miggen op 'e sjerp, minske’. Martsje lei der neat tsjinyn, as it oer syn forroune winkel gyng wie der mei dy man net to praten. Hja soe 'm yn syn sop gear siede litte en de ein soe de lêst drage. En as de ein de lêst ek droech! Op in moandeitomiddei doe't er thús kaem fan it ‘freegjen’, waerd er fuort by hûs oanriden fan in auto. Hja droegen 'm op in ljedder de winkel yn. Jabik kroadtsje ornearre: ‘Op'e toanbank mei ljedder en al, en net oankomme’. Dat diene se doe, it wie mar in aeklich gesicht. Martsje helle in kjessen fan it bêd dat hja him ûnder de holle lei. Yn gjin jierren hie 't sa fol yn 'e winkel west, dy fan 'e Skatting woene it alleafst fan tichtby meimeitsje. Dokter hie 't gau bisjoen, de skonk op twa plakken stikken. ‘It is it bêste dat jo opnommen wurde, ik sil om 'e sikenhúsauto skilje’. Dat wisten hja doe. ‘Nou, Evert, it bêste dan mar. It hie noch folle, folle minder kind, dit giet foarsafier bûten de gesondheit om’. | |
[pagina 93]
| |
Evert en Martsje bleauwen togearre efter. ‘Kin 'k ek noch hwat foar jo dwaen?’ Hy helle it boekje út 'e bûse. ‘Hjir steane de boadskippen yn, dy moatte moarn fuort, faeks dat ien fan Lubberts Lea jonges der mei bylâns kin. En dan noch hwat, frou Bouma wol joun noch graech twa poun earste soart fine rys ha, ik haw it har tasein. Jo moatte mar ris sjen hwa't der mei hinne kin’. ‘Ja mar Evert....’ ‘Hwat ja mar? Dat minske rekkent der op, bigryp dat dan dochs!’ Hy hie noch fan alles to bistellen, hjir om tinke, dêr om tinke, doe kaem de auto. Martsje hie de triennen yn 'e eagen doe't er der op in brancard útdroegen waerd. Hja roun mei nei de dyk, hoe koe 't ek oars? Doe't de sjauffeur it portier ticht dwaen soe, wonk Evert mei de hân. ‘Woene jo noch hwat sizze?’, frege Martsje snokkend. ‘Ja, dy rys foar frou Bouma, earste soart, sei 'k dat al?’ |
|