gen foarby, mar hoegde hja har dêrom oan sa'n Gabe oer to leverjen?
‘Ik wol dy neat oanprate, dêr moatst goed om tinke, mar in heit siket it bêste foar syn bern. Soest dwaes wêze om ien as Gabe ôf to stegerjen, bist foar dyn libben bisoarge, in eigen hûs, fêst wurk, hy hat altyd kloek west, ik wit wol, dêr giet it riet om mar it is moai as it der by is. Krigest in kalme, evenredige man....’
‘Ik wol net’.
‘Mar bern, sjoch dyn eigen bêstens doch! Moatst net miene datst se mear foar it útsykjen hast. Der binne genôch dy't beide hannen tichtknipe soene en dû silst de holle yn'e nekke smite?’
Mem wie mei yn dat boun. ‘Wy binne der aenst net mear, dan bliuwst allinne oer, hwat moatst dan? Datst nou noch net it measte smucht op him hast, sil 'k net iens safolle fan sizze, mar Gabe is ien dy't op dy ta komt. As dy in goed wiif hat is er aenst mei hannen omkeard, tink om myn sizzen’.
Utentreure waerd har foarholden hoe raer hja tsjin harsels stie. In skoft hâldde hja de kop der foar, tsjin alles yn longere hja ek noch op tynge út Canada. Wachtsjen om 'e nocht, mooglik joech dat de trochslach wol.
‘Toe dan mar’.
Koe men it wol iens forkearing neame? Gabe kaem sneintojouns, fan Govert krige 'r in sigaer, hja praetten hwat oer dingen fan al den dei, Duike siet foar him oer, by de tafel. It iennichste dat op iensens wiisde wie dat hja mei him nei de doar gyng as er mar wer op hûs oan woe.
Fan Govert wie dat sa bisteld. ‘Moatst 'm ek hwat tomjitte komme, hy hat 'm noch nea mei froulju ôfjown’.
Hwerom soene hja wachtsje mei trouwen? Neat dat har yn 'e wei stie, Gabe hie in hûs.
‘Wy moatte nij húsrie ha’.
‘Goed Duike’.
De timmerman kaem der ek noch oan to pas om in keammerke op'e souder to meitsjen. Hja krigen ek in nij oanrjocht, swier granyt en fêstguod yn'e keamer.
Der kaem nij húsrie yn en in oaljekachel. ‘Bern, bern’, bearde Hindrikje, ‘dû krigest hwat dyn hert bigeart, it is foar wûnder’.
En wierliken, Duike krige der sels ek hwat aerdichheit oan, wie in eigen hûs net ûnnoemlik folle better as erflik by heit en mem oan 'e tafel to skikken? Mar op 'e troudei wiene Govert en Hindrikje fierwei it fleurichst. Net dat hja der folle drokte fan hiene, hja sieten sa aerdich byinoar. Ut en troch kaem der ek nochris ien. Govert hie almeast it wurd.
Jouns gyngen hja nei it eigen hûs. ‘It fanke is toplak’, sei Hindrikje, ‘it gyng har ek nochal oan, wol 'k leauwe, hja wie mar hwat stil’.