wurk diene, dat hja snie en iis treast wiene en altyd trochsetten om it fabryk oan it draeijen to hâlden.
Trije jounen in fleurige iterij, de mage op 'e leest. Der wie sa'n forskaet en alles yn oerfloed, hwa soe dan net ta ite?
En trije jounen efterinoar in selskip om utens wei op it toaniel. Trije jounen gyng it ta de nacht út, hwa seach op in ûre tiid? Sa waerd it fiifensawntichjierrich bistean fan dat fabryk bitocht. De lêste joun songen hja yn it holst fan 'e nacht ienriedich: ‘ons fabriek gaat nooit verloren’.
Dat wie de ein fan 'e feestlikheden.
In fearnsjier letter wiene de leden yn in bûtengewoane forgadering byinoar op'e selde boppeseal fan Bouwer. Hja seagen it bistjûrsfoarstel ûnder eagen om it fabryk stil to setten en in ûnderkommen to siikjen by in fabryk dat mear oan koe. Der wie in deskundige by fan 'e organisaesje, hy hie in útiensetting jown mei ryklik frjemde wurden en gâns sifers. Hwer't er op ta woe wie wol dúdlikernôch: ophâlde.
Ien fan 'e jongste leden mei gâns in pleats, wie de earste dy't syn miening der wol oer sizze woe. ‘Ik bin it bistjûr, de direkteur en ek mynhear ingenieur tankber dat hja ús sa 'n dúdlike en earlike útiensetting jown ha oer de stân fan saken. It is sûnder mear wol dúdlik dat as wy net mear efficiënt wurkje kinne, dat wy hurd ophâlde moatte...’
Ja, ja, mar de âlderein wie der ek noch. Teijenga oerein. ‘Binne jimme forgetten, foarsitter, hoe't wy hjir foar in fearnsjier byinoar west ha?’
Wiidweidich stie er by de bitinking stil. ‘En nou wolle jimme der mei ophâlde? Minsken, it doarp soe it doarp net mear wêze as it fabryk fuort wêze soe. Us foarâlden hawwe it yndertiid oandoarst om hjir in fabryk to setten doe't der hast noch net ien wie en wy soene de boel ôfbrekke? Net raerder wurde!’
Doe gyng dat oan, foar- en tsjinstanners stiene nochal fûl tsjinnoar oer. De foarsitter joech har de romte, hy seach net op tsien menuten tiid. Nimmen soe him neijaen dat er it foarstel der trochjage hie.
Mar einlings rekken hja dochs útpraet. ‘Ik soe sizze’, sei de foarsitter bidachtsum, ‘dat wy it foar en it tsjin nou genôch ûnder eagen sjoen ha, ik woe nou mar oergean ta stimmen’. ‘Ien lyts dinkje, foarsitter’. Jouke Iedema gyng oerein, in koumelker út'e Ripen. ‘As wy bislute om troch to gean, bliuwt dan alles krektlyk as oan distiid ta?’
It wie de direkteur dy't dêr wol in antwurd op jaen woe. ‘It sil hjir wol op delkomme, Iedema dat wy in sint de kilo môlke minder útkeare kinne as in oar’.
In sint de kilo, toe mar, toe mar!
Hja stimden noch al, it hie net mear hoegd. Der wiene ek noch in pear fan de âlderein dy't troch alles hinne de kop der foarholden, it wie mar in hantsjefol.